Rubriek Nummer Zoveel: Een piraat tegen de economische machtsorde

Wietze Brandsma.

Op de kandidatenlijst voor de Tweede Kamerverkiezingen staan 39 Friezen; 29 mannen en 10 vrouwen. In deze aflevering: Wietze Brandsma (58) uit Burgum. Lijst 19, de Piratenpartij, plek 6.

Waarom de Piratenpartij?

,,Ik hearde der yn 2012 fan op de radio. Ik bin fuort lid wurden. Foarhinne wie ik in swevende kiezer. Dit paste as in jas. Wy fjochtsje tsjin monopoly’s. Softwarepati.enten, it misbrûk fan auteursrjochten - it meidingingsbelied faalt. De minske moat sintraal stean. Net de ekonomyske systemen.’’

,,Wy steane pal foar it yntellektueel eigendom. Der is in soad mis yn de wrâld. Sûnder farmaseutyske patinten hienen wy folle earder in faksin hân tsjin koroana. En folle goedkeaper. Sjoch ek nei de boeren en harren molkepriis, dat rekket kant noch wâl. Dat soarte fan problemen wolle wy struktureel oanpakke.’’

De beste campagnetip.

,,Wy hawwe fan ‘e wike nei Klazienaveen west, ik en ús nûmer twa. Dat doarp wie yn it nijs, de ûndernimmers woenen alles iepenje. Wy ha der even wat omstapt en folders yn brievenbussen stopt. Moatst yn petear mei de minsken. Dan sjochst wat der mis is; ús ekonomyske rigels binne net foar eltsenien gelyk.’’

Stel dat ik word gekozen.

,,Dan kin ik yn De Haach fulltime wurkje oan ús gedachtegoed. Dat kin fansels ek as meiwurker fan de fraksje, as wy in sit yn de Twadde Keamer helje soenen. Dat soe ik wol wolle. Ik ha meiskreaun oan ús ferkiezingsprogramma. Oant dy tiid bliuw ik gewoan softwareprogrammeur.’’

Als ik iets in Friesland kon terugdraaien, dan was het:

,,De ferhierdersheffing. Dat is in systeem dat it jild weihellet by de minsken dy’t it minste ha. En it lienstelsel, dêr soe ik ek fuortendaliks mei stopje. Ien fan ús partijpunten is it ôfskaffen fan de thúskopieheffing. Ast in smartphone hast, betellest soks. Witst wol dat dit in gemiddelde húshâlding 26 euro kostet yn ‘t jier? It is in raar systeem.’’

Mijn politieke voorbeeld:

,,Hans Wiegel. Dat wie de politicus fan myn jeugdjierren. Wiegel kin alles sa moai en helder foar it fuotljocht bringe. Al bin ik sels net in Wiegel-type, hear. Ik bin net in man dy’t graach op de foargrûn trede wol.’’

Je kunt deze onderwerpen volgen
Friesland
Nationale politiek
Regionale politiek
Lokale politiek
Politiek
Verkiezingen