Arjen van der Meer.

De groene rechter zwaait af bij It Fryske Gea: 'Is it wol ridlik en billik? Dat is liedend'

Arjen van der Meer. FOTO MARCEL JURIAN DE JONG

Mr. Arjen van der Meer uit Assen zwaait af als voorzitter van It Fryske Gea. Gesprek met een rechter met een afkeer van ,,regeltsjes en foar-skriften’’ die zich vaak op de vlakte moet houden.

Wie als rechter neutraal en onafhankelijk uitspraken moet doen, kan zich in het openbare leven maar beter niet al te uitgesproken opstellen. Het weerhoudt kantonrechter Arjen van der Meer (68) er niet van zich in publieke functies te storten. Achter de schermen is gelukkig ook heel wat te bereiken.

,,Ik fyn it in soarte fan boargerplicht om wat by te dragen oan de maatskippij, ek al is de kombinaasje mei myn wurk wol lestich. As rjochter moatst weromhâldend wêze. Ast dy yn it iepenbier te neidruklik útsprekst oer bepaalde saken, kin dat dy foar de fuotten rinne. Dêr ha ik altyd hoeden yn west.’’

Dinsdag neemt Van der Meer na twaalf jaar afscheid als voorzitter van vereniging It Fryske Gea. Hoe loste hij het daar op? ,,Wy ha ôfpraten dat direkteur Henk de Vries nei bûten ta it gesicht fan de feriening is as it oer de natuer giet. De bestjoers- en ferieningssaken wiene foar my. En yn gefoelige kwestjes stimden we wol faak ôf hoe’t wy ús posisjonearje soenen.’’

Aan gevoelige onderwerpen is geen gebrek in het huidige natuurklimaat, zeker omdat It Fryske Gea nadrukkelijk verder wil kijken dan de eigen natuurterreinen (60 stuks, samen pakweg 20.000 hectare groot). ,,As wy sjogge dat der dingen ferkeard rinne, moatte wy dêr oer meiprate. Wy ha 36.000 leden, hast allegear húshâldens. Meist der dus fan útgean dat wy goed 100.000 minsken fer-tsjintwurdigje. Dat is in wichtich lûd út de mienskip, ek as it giet om gebieten dêr’t gjin buordsje fan ús by stiet. Yn ús statuten stiet ek dat it net allinnich giet om natuerûntjouwing, mar dat wy ek soarch ha oer lânskip en kultureel erfguod.’’

Van der Meer hecht eraan dat het 90-jarige Fryske Gea zich opwerpt als belangenbehartiger. ,,Op de koarte termyn kin ik in aksjegroep helpe om wat te forsearjen, mar op de lange duer wurket dat allinnich mar kontraproduktyf. Moatst dy konstruktyf opstelle en ek wolris in kear dyn ferlies nimme kinne. Dat heart der ek by yn in demokratyske maatskippij.’’

Sintrale As

Die les leerde de voorzitter toen de vereniging zich tien jaar geleden fel tegen de aanleg van de Sintrale As keerde. ,,It Fryske Gea stelde him doe frijwat aktivistysk op. Dat foel net by elkenien goed, benammen by de provinsje net. Dat lei gefoelich, want wy binne wol ôfhinklik fan in goede gearwurking.’’ De provincie is het doorgeefluik van subsidies voor natuurbeheer en schakelt de vereniging ook in voor de uitvoering van projecten.

Om de verstandhouding niet verder te bederven, besloot het verenigingsbestuur de verdere discussie achter de schermen te voeren. ,,Wy ha ús belang mear yn it foarstadium fan ûntjouwings nei foaren brocht. Net fia de krante, mar yn de lobby en yn amtlik oerlis. Om de relaasje goed te hâlden, moatte je sa no en dan ynvestearje yn in kontaktmomint. Op ynformele mominten in leuk praatsje meitsje mei in deputearre is folle belangriker as allinnich mar in stânpunt nei foaren te bringen en te sizzen: ‘Sa wolle wy it ha!’”

Van der Meer vindt het spijtig dat It Fryske Gea zichzelf buitenspel had gezet bij de invulling van de natuurcompensatie rond de Sintrale As. Daarvoor werden Landschapsbeheer Friesland en de Friese Milieu Federatie ingevlogen. It Gea kon alleen via de achterdeur inbreng leveren. ,,As der sa’n demokratysk beslút nommen is, dan moatst dy dêr by dellizze en der mei foar soargje dat de na-tuerkompinsaasje sa goed mooglik ynfolle wurdt.’’

Kinderwagens

Arjen van der Meer is ‘in natuerjonkje’ uit Surhuizum. Hij is geboren in Voorschoten, maar verhuisde als 8-jarige naar Friesland. Heit was Fries en werkte als verkoopleider bij Riemersma’s Kinderwagenfabrieken in Surhuisterveen. In 1971 begon hij zijn eigen importbedrijf in kinderwagens en aanverwante artikelen: Van der Meer Kinderwagens.

In Surhuizum leerde de kleine Arjen de natuur kennen als speelterrein. ,,Dat wie dêr net sa dreech. De buorren binne mar lyts, mar dêr omhinne hast de Surhuzumer Mieden en de Petten. We lutsen as jonkjes mei polsstokken it lân yn om eine-aaien te sykjen. Yn de petgatten hiest fan dy sompige moeraslannen. Dêr koest dan sa moai op dûnsje, dan gie it hiele spul op en del. En swimme diene we yn Tiltsjewyk, dêr’t achter sa’n âld slúske in wat breder stikje wetter lei mei in moaie hurde ûndergrûn.’’

Hij was in Surhuizum de eerste die naar de hbs ging, het Ichthus College in Drachten. Zijn klasgenoten fietsten naar de mulo en de lts in Surhuisterveen. ,,Ik wie 17 doe’t ik nei Grins gong om rjochten te studearjen. Op myn 21ste wie ik dêr sa’n bytsje mei klear.’’ Na zijn diensttijd (vuurregelaar bij de artillerie) koos hij niet voor de juristerij, maar stapte hij bij zijn vader in de kinderwagenhandel. Daar werkte hij in de weekends toch ook al.

Hij hield het vol van 1976 tot 1982. ,,Tsja, de berneweinebrânsj is frij lyts. Der wiene miskien 250 winkels yn Nederlân dêr’t se ferkocht waarden, dat ik kende op it lêst elkenien. Ik wist krekt by wa’t ik moarns net hoegde oan te kommen. Doe betocht ik: hjir wol ik net myn hiele libben yn omslaan.”

,,Op in stuit stie der in oprop yn de krante foar rjochters-yn-oplieding yn Ljouwert. Dêr ha ik in briefke op skreaun en doe bin ik oannommen.’’ Na twee jaar als griffier, twee jaar als officier van justitie en een jaar als gerechtsauditeur, kreeg hij in 1987 zijn rechtersbenoeming. ,,Ik ha der noait ien sekonde spyt fan hân. Minsken miene faak dat rjochten in saaie, duffe stúdzje is. En dat is miskien ek wol sa, mar yn de praktyk is it geweldich om dêr mei dwaande te wêzen. Alles dat wy dogge hat mei rjocht te meitsjen.’’

Hoe liep het af met de kinderwagenhandel? ,,Neidat ús heit ferstoarn wie, hat myn suster it noch in skoftke dien, mar op in stuit ha se it bedriuw likwidearre.’’

Van der Meer had zijn jaren in het bedrijf niet willen missen. ,,It wie mar in lyts bedriuw, mei fiif man personiel, dus ik die fan alles. Mei de frachtwein troch it lân as der in sjauffeur net wie, de administraasje, de kontakten mei de bank en de fersekeraars. Ik gong mei ús heit nei beurzen yn Dútslân, Itaalje en Frankryk. Dy ûnderfining naam ik allegear mei doe’t ik rjochter waard.’’

Van der Meer bleef Surhuizum en de Leeuwarder rechtbank lang trouw. Hij stapte in 1993 van het strafrecht over naar het civiele recht en werd kantonrechter, waarbij hij vaak optrad in ruilverkavelingszaken. In 2005 verkaste hij naar de rechtbank in Assen, waar hij bestuurslid werd en voorzitter van de sectoren kanton en (later) handel. Na de fusie van de noordelijke rechtbanken in 2013, werd hij weer kantonrechter. ,,Werom nei de ynhâld.’’

Hij verlengde onlangs zijn contract. ,,Ik bin no 68 en mei troch oant myn santichste. Ik soe op 1 oktober stopje, mar omdat ik it wurk noch sa leuk fyn, ha ik sein: ik gean noch eefkes troch. Ik ha noch gjin eindatum steld.’’ Hij is na een scheiding in 2016 hertrouwd en woont nu ook in Assen.

Stikstofvonnis

Als rechter onthoudt Van der Meer zich van commentaar op het stikstofvonnis van de Raad van State in mei vorig jaar. Dat deze PAS-uitspraak de figuurlijke scheidslijn tussen natuur en landbouw heeft verhardt, is echter wel duidelijk. ,,Mar yn de praktyk binne de grinzen just net skerp. Dêrtroch hat in boerebedriuw dat neist in natuergebiet sit wol in probleem, om’t de stikstofdeposysje út sa’n bedriuw yn de natuer bedarret. Om dêr wat oan te dwaan soest in soarte fan buffersônes ha moatte, wêrby’t sa’n boer op in natuerynklusive wize buorket. Dy ûntjouwing komt al wat op gong. Der binne in soad boeren dy sizze: ‘Dat wolle wy wol, as der mar in goed fertsjinmodel ûnder sit’. En dêr moatst ek earlik yn wêze. Minsken moatte de kâns krije om har brea te fertsjinjen.’’

Wie het grote geheel overziet, ontdekt dat de verschillen tussen de belangen van boeren en natuurbeschermers helemaal niet zo groot zijn, meent Van der Meer. ,,It giet oer de takomst fan it minskdom. Wy binne dwaande om yn heech tempo ús leefwrâld te ferneatigjen. Dat soe elkenien oan it hert gean moatte. De útstjit fan broeikasgassen en stikstofferbinings, de biodiversiteit dy’t dêrtroch enorm ûnder druk stiet. Boeren ha der ek in rjochtstreeks belang by dat we in sûn lykwicht fine. As dy aanst har gewassen net mear befruchte krije troch bijen en ynsekten, dan ha we mei inoar in hiel grut probleem. Dêr sjoch ik de ferbining tusken de agraryske wrâld en de natuer. Wy ha in dield belang.’’

VVD

Van der Meers ideeën over natuur en ecologie hebben hem doen wegdrijven van de VVD, de partij die hij acht jaar diende als gemeenteraadslid in Achtkarspelen en twaalf jaar als lid van de Friese Provinciale Staten. Het scheelde maar een haar of hij had het in 2003 tot de Eerste Kamer gebracht, ware het niet dat zijn Limburgse partijgenoten hem met strategische stemmen de voet dwars zetten.

,,Ik bin sûnt in pear jier gjin lid mear fan de VVD, om’t ik fyn dat dy fierste folle klam leit op ekonomy en winst. Ik mis it besef dat in sûne ekonomy úteinlik allinnich mar duorsum wêze kin ast ek each hast foar ekology. Dat moat yn balâns wêze. Ik bin wol foar it ‘verdienmodel’ en bedriuwichheid, mar al út in ekologyske gedachte wei dat it ek duorsum en ferantwurde wêze moat.’’

Dat de VVD meer op de hand van de boeren dan de natuur lijkt te zijn, is een historisch gegeven, zegt Van der Meer. ,,Doe’t ik polityk aktyf wie, waard der altyd al sein: ‘We moatte de boeren wol meikrije, want oars ha we ússels te pakken’. Dan tink ik: it giet der dochs om dat je je eigen noarmen en wearden foar it fuotljocht bringe kinne? It is raar ast dy foar bepaalde sektoaren net doarst út te sprekken omdatst dan stimmen ferliest.’’

Dat boeren zelf ook dreigen hun stem op andere partijen uit te brengen, maakt op Van der Meer geen indruk. ,,Safolle boeren binne der net mear, ek al is de útstrieling fan de sektor wol grut. Ast sjochst nei de eksport fan lânbouprodukten, dan hast it oer in grut ekonomysk belang. Mar ast dan net sjochst nei de effekten dy’t dy produksje hat op ús miljeu, dan bist koartsichtich dwaande.’’

‘Fernield’

Niet lang na Van der Meers aantreden bij It Fryske Gea kruiste Henk Bleker (CDA) als staatssecretaris van landbouw en natuur het pad van groen Nederland. ,,Dy hat in protte fernield. It ôfmeitsjen fan de Ekologyske Haadstruktuer (EHS) hat er finaal de nekke omdraaid. Gelokkich wurdt it no stadichoan wer in bytsje omkeard, mar dat hat jierrenlange effekten hân. Der binne noch altyd provinsjes, wêrûnder Fryslân, dêr’t it noch net goed giet mei de meiwurking om dat natuernetwurk sa goed mooglik yn te foljen.’’

Om een sprong vooruit te maken lanceerde It Fryske Gea met acht natuur- en landbouwpartijen Natuer mei de Mienskip. Doel is om zelf de ontwikkeling van het Natuur Netwerk Nederland (zoals de EHS tegenwoordig wordt genoemd) tot een goed einde te brengen. De groep wil aan de slag te gaan met de 79 miljoen euro die de provincie tot 2027 beschikbaar heeft voor de aankoop en ontwikkeling van de ontbrekende schakels.

,,Ik ha dêr hege ferwachtings fan. Ik hoopje dat wy mei dat jild ta in folle bredere ynfolling komme. Ast dat op de âlderwetske wize útjaan soest fia de provinsje, giet der safolle ferlern oan amtlike ynfolling dat der mar in bytsje oerbliuwt foar echte oankeapen.’’

Het zal een project van de lange adem worden, voorziet Van der Meer. ,,De praktyk is ‘weerbarstig’. Je moatte oan safolle regeltsjes en foarskriften foldwaan. Dy enoarme regelsucht yn ús lân is my wolris wat tefolle. Sjochst it oan de wize wêrop belestings makke wurde. Op alles moatte útsûnderings komme, want elts moat safolle mooglik betsjinne wurde. Dat liedt ta in soarte fan skynfeilichheid dy’t yn de praktyk faak hielendal net wurket.’’

,,Dat is krekt itselde as wêr’t de boeren ek oer kleie. Enoarme administraasjes moatte se byhâlde fan wat der oan mineralen ynkocht wurdt en der wer útgiet. Ik snap dat je dêr sicht op ha wolle, mar dat kin ek op in oare manier, troch wat mear ferantwurdlikens oan de minsken sels te jaan. Soks moat fan ûnderôf droegen wurde, oars sjochst allinnich mar dat minsken besykje ûnder dy regeltsjes út te kommen.’’

‘Ridlik en billik’

Een rechter die het niet zo heeft staan op regels, dat is opvallend. ,,Yn it sivile rjocht hast fansels ek allegear regeltsjes, mar ik sjoch wol altyd hoe’t dy per gefal útpakke. Is it wol ridlik en billik? Dat is liedend yn myn wurk en hoe’t ik yn it libben stean.’’

,,Ik tink dat wy yn Nederlan wol in soart kollektyf besef ha fan wat ridlik en billik is. Dat is it noarmen- en weardenpatroan sa’t dat yn ús mienskip sit. As ik yn in saak praat mei twa partijen dy’t in skeel ha, dan ha ik it net oer de regeltsjes dy’t fan tapassing binne, mar freegje ik oan beiden: wat is dyn belang, wêrom fynst datst gelyk hast en wat fynst derfan dat de oar der net sa yn stiet? Ast der yn slaggest om minsken dúdlik te meitsjen datst ek troch in oare bril nei sa’n geskil sjen kinst, dan bist al in hiel ein. Dan iepenet him in mooglikheid om der mei-inoar út te kommen.’’

Vaak houdt Van der Meer de partijen dan ook nog voor wat er gebeurt als ze het toch op een uitspraak laten aankomen. Goede kans dat de in het ongelijk gestelde partij dan hoger beroep aantekent, tot aan de Hoge Raad aan toe. Dat kost zo vijf tot zes jaar, met slechte nachten en hoge rekeningen op de koop toe.

,,Mar, sis ik dan, jim kinne jim skeel ek hjoed beëinigje, troch in stapke yn inoars rjochting te dwaan en wat yn te leverjen op jim eigen gelyk. En werklik, yn 70 tot 80 prosint fan de gefallen slagget dat.’’

Kunnen landbouw en natuur zo ook niet tot elkaar komen? ,,Der wurdt no in soarte fan tradisjonele tsjinstelling yn stân hâlden, mar kinst better sjen nei de dielde belangen. Mei wat goede wil fan beide kanten komst dan in hiel ein.’’

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct