Beafeart nei it iis: schrijver Hylke Speerstra schreef voor de LC een ode aan de winter

Schaatsen voor de Waterpoort in Sneek. Foto: Niels de Vries

De verrassend strenge vorst van afgelopen week inspireerde schrijver en oud-hoofdredacteur van de Leeuwarder Courant Hylke Speerstra tot een ode aan de winter.

Sneontemoarn 13 febrewaris 2021.

It is op in wintermoarn as in âlde Fries him oanslút by de massale beafeart nei it iis. Noch ienkear wol er him op smelle izers weagje nei de beferzen wrâld fan Frijheid, Gelikens en Bruorskip. Him befrijd fiele út de karantêne fan keunstfroast en korona.

Op de Tsjonger streket in man op jierren oer sjongend iis. Wat er heart is it heal fergetten liet fan Fryslân sjongt en Fryslân rydt. Under it genot fan de weemoed heart er âlde mannen by de brêge sizzen: ‘Reedriden is as frijen en ûngetiid: doch it as it kin.’

Mei faasje wurdt de grize rider ynhelle troch jonge reedridders dy’t yn in iistimpel útbret binne en ride om hûndertsten fan in tel. De âlde pelgrim gunt harren de oere dat se ûnderfine sille dat op mar, poel en sleat ús hert en siel it wurk fan de tiidmjitters oernimme.

Op de Fjouwerhústerfeart feroaret de sang fan it iis yn it konsert fan in strykkwartet. En út de kelders fan de Tsjûkemar stiigt feestmuzyk foar tûzenen op. Oan de easterigge fan de mar stiet in einleaze rige auto’s: de beafeartgongers hawwe har as rikeljuesbern nei it iis bringe litten. Besteane de echte pelgrims dan allinne noch yn ferhalen? Ik wit it net. Syn beafeart giet hjoed nei de haven fan Reahel.

Nei hûs ta haw ik yn de wyn. Myn tinzen geane werom nei de sniewinter fan 1941 doe’t ús heit my op de Bloedfeart te Iemswâlde foar it earst de redens ûnder bûn. Mem stie foar it finster, sa’t memmen dat dogge. Hjoed of moarn is dat tachtich jier lyn.

De pelgrim kaam thús op redens oer. No hingje de redens yn de wylgen. Mar lit dit net it Requiem wêze foar in Alderwetske Winter. Jûkelburd, kom werom, lit it iis wer sjonge, it folk wer ride.


Hylke Speerstra, skriuwer

Je kunt deze onderwerpen volgen
Friesland
Aanrader van de redactie