Arnold Dijkstra. FOTO NIELS DE VRIES

Arnold Dijkstra: 'Akteur wêze is topsport en dêrmei frij asosjaal'

Arnold Dijkstra. FOTO NIELS DE VRIES

Servearsters en fersoargers dy’t fan in karriêre yn it teater dreame binne der by de rûs, akteurs dy’t fan in karriêre yn de soarch dreame binne der in stik minder. Miskien is Arnold Dijkstra wol de iennichste. Twa en in heal jier lyn ferruile er Tryater foar Leppehiem.

As er Aan de voet fan die ouwe Wester ynset, fleuret de frou dy’t oait yn de Amsterdamske Jordaan wenne daliks op. By de frou, dy’t mei de holle omleech yn de rolstoel hong, gie er plat op ’e rêch lizzen om mei har te praten. Foar in leafhawster fan klassike muzyk spile er gauris Chopin mei syn fingers op it tafelblêd. Alle kearen einige er mei de fiif fingers fan syn rjochter hân breedút. Wêrnei’t de frou fol ôfgrizen rôp: ,,Nee, niet dat vreselijke akkoord.’’

It liket soms wol teater wat er docht, mar Arnold Dijkstra (50) út Jirnsum ûntkent mei grutte stellichheid dat er de artyst úthinget tusken de bewenners fan fersoargingstehûs Leppehiem yn Akkrum. ,,Ik spylje gjin toaniel, ik bin mysels. Mar de yntinsje wêrmei’t ik earder it toaniel opgie en no de keamer fan in bewenner ynstap, is deselde. Op it toaniel hast in tekst, mar witst fan te foaren noait hoe’t de timing en de yntonaasjes fan dyn tsjinspillers wêze sille. Moatst mei iepen fizier it toaniel opstappe, goed nei de oaren lústerje en dêrop reagearje. Sa is it yn ’e fersoarging ek.’’

Tweintich jier wie Dijkstra ferbûn oan Tryater. It wie Tryaterakteur Jan Arendz dy’t him, 25 jier lyn, doe’t er him by it Huzumer Toaniel regissearre, ûntdekte. Dêrmei wie er miskien wol de lêste dy’t rjochtstreeks fan it amateutoaniel trochstreamde nei Tryater. Mei tastimming fan syn frou ruile er syn fêste baan by in gruthannel yn borduersets yn foar it ûnwisse bestean fan beropsakteur.

Tweintich jier lang wie er net wei te tinken út de spilersploech fan Tryater. Komyske rollen wiene syn spesjaliteit, mar hy spile ek serieuze rollen. Mei as hichtepunt Macbeth acht jier lyn. Dêrneist die er alderhanne oare putsjes, lykas optrede yn reklamespotsjes en amateurfoarstellingen regissearje.

Yn de hjerst fan 2016 skode er by artistyk lieder Ira Judkovskaja oan tafel foar it jierlikse petear oer it dêropfolgjende seizoen. Noch foardat Ira wat sizze koe oer de rollen dy’t se foar him yn gedachten hie, frege er oft er earst sels wat sizze mocht. ,,Ik wol ophâlde en it leafst no daliks.’’

Hy hat de rige foarstellingen fan Breidzje ôfmakke - de lêste wie op 4 desimber 2016 - sûnt hat er noait wer in stap yn in teater set. Ek net as taskôger.

Gehakballen

Foar syn kollega’s kaam it folslein ûnferwacht. ,,Doe’t ik op 4 desimber sei dat it myn lêste foarstelling wie, tochten se dat ik in grapke makke.’’ Sels hie er der al langer nei talibbe.

,,Akteur wêze is topsport en dêrmei frij asosjaal’’, begjint er de taljochting op syn beslút. ,,By ús thús draaide alles altyd om Arnold Dijkstra. Ik wit net wat myn frou yn dy jierren allegear wol net oan ’e kant set hat om my myn wurk dwaan te litten.’’

,,By Tryater hiene wy seis wike fakânsje. Om dochs wat foar in oar betsjutte te kinnen, die ik dan frijwilligerswurk yn Leppehiem.’’

Syn frou Gea wurke al yn ’e soarch. Se frege Arnold oft dy net op Parkinsonpasjint Henk by harren yn Jirnsum passe woe op ’e iene dei yn ’e wike dat er frij wie. ,,Ik ha ja sein. In oar bliid meitsje, dat ha’k altyd graach dien. Foarige wike ha’k noch in pûde oaljekoeken meinaam foar de minsken hjir, ik wit dat se dy lekker fine. Foar in man dy’t gek op gehakballen is, nim is sa no en dan in baltsje mei fan hûs.’’

It neitinken, dêr’t de soarch foar Henk him ta oanset hie, kaam nei de dea fan syn mem yn novimber 2016 yn in streamfersnelling. ,,Doe’t wy it oer de begraffenis hiene, sei ik sûnder neitinken: doch dy mar op freed, dan ha’k gjin foarstelling. Fuort dêrnei frege ik my ôf: wat doch ik no? Is toaniel dan sa belangryk?’’

Nei 4 desimber 2016 hat Arnold Dijkstra net wer nei it teater taald. Om’t er de publisiteit noait socht hat, wiene der net folle minsken dy’t derfan wisten. Foarige wike waard er noch frege foar in rol yn in profesjonele foarstelling, mar hy hat de minsken daliks út ’e dream holpen.

,,Oars bin ik noait sa rigoureus - ik kin hiel lang oer dingen twifelje - mar hjir net oer. Ik woe net mei twa fuotten yn ien hoas sitte en hieltyd opnij in ôfweging meitsje moatte.’’

Kwetsber

In fraach dy’t him sa no en dan steld wurdt, is oft er it applaus net mist. ,,Noch gjin tel. Applaus is in soart befestiging, in foarm fan oandacht. Dêr die ik it net foar. It moaie fan toanielspylje is it jin ferdjipjen yn in personaazje en it boartsjen mei de seal. By my wie der noait in fjirde wand. In stilte, in tempoferheging, ik fielde oan de reaksjes fan de minsken wat se noadich hiene. Dêrom hie ik ek gjin nocht oan film. Ik moast publyk ha. Repetearje wie moai, mar it begûn foar my pas as der minsken yn ’e seal sieten.’’

It grutte ferskil tusken it toaniel en de soarch is dat er net in oar spilet, mar himsels is. Sa grut is it ferkil tusken dy beide lykwols net. ,,Wat langer ik toanielspile, wat lytser it ferskil tusken mysels en de personaazjes waard. Op it lêst stie ik dêr suver as mysels. Dêr wurdt it better fan, mar it makket jin tagelyk ek kwetsber. As in resinsint dan krityk hat, kin dat hurd oankomme. Ik ha ienkear sa lilk west op in resinsint, ik ha syn adres opsocht en ik stie op it punt om de Omrop te beljen en dy fint foar it each fan de kamera in klap te jaan. Gea hat it my út ’e holle praat. No’t ik der oer praat, komt de lilkens fan doe gewoan wer boppen. Hy hie my ûnrjocht oandien en dêr kin ik net oer.‘’

Toaniel wie op dat momint it belangrykste yn it libben foar him. Lykas foar in soad toanielspilers. Fiif akteurs en in regisseur yn in repetysjelokaal dy’t oan in foarstelling wurkje, fersterkje elkoar oardel moanne lang yn it gefoel dat se mei wat bysûnders dwaande binne. En geane der gauris op foarhân fanút dat it publyk en de resinsinten der krekt sa oer tinke sille.

Tagelyk binne der ek altyd wer mominten fan relativearring. ,,Yn 1996 – ik spile foar it earst by Tryater – fielde ik my op in jûn yn Balk ferskriklik beroerd om’t ik in stik tekst oerslein hie. Doe sei Joop Wittermans: ‘Tochtsto dat der ien yn Balk fannacht wekker leit om’t Arnold Dijkstra in stikje tekst oerslein hat? De measten yn Balk witte net iens dat wy hjir jûn wiene’.’’

,,Tagelyk sei Joop ek: ‘Al is it stik dêr’st yn spilest noch sa min, do moatst op it poadium stean as wie it it bêste stik dêr’st oait yn spile hast’.’’

Skeakelje

,,Ik ha der in prachtige tiid hân, mar no’t ik hjir wurkje, is it krekt as haw ik by Tryater tweintich jier staazje rûn om dit te kinnen. Ik ha dêr fantastyske ynsichten yn minsken en yn mysels krigen, ik ha dêr leard om de ferhalen fan minsken te lêzen. Ik sjoch by demintearjenden hiel skerp it ferskil tusken wat ien seit en wat ien docht. As ik oan ien syn hâlding sjoch dat er yn ’e lytse loege sit, freegje ik net: ‘Wat is der?’ Nee, ik lis him in earm om it skouder en begjin te hummen, want dat fielt er.’’

,,As toanielspiler woe ik de seal please , ik woe dat de minsken in moaie jûn hiene. Dat wol ik no noch. Ik wol – as ik in keamer ynstap – de minsken in moai momint besoargje. Ik stel se gjin fragen sûnder nei it antwurd te lústerjen, nee, ik wol oprjocht witte hoe’t it mei ien is. Echt kontakt, dat is wêr’t in soad minsken ferlet fan ha.’’

,,Ik haw by Tryater leard om hiel hurd te skeakeljen. It iene momint dûnsje ik mei in swabber of spylje ik Chopin op in tafelblêd, it oare momint fier ik in serieus petear oer eutanasy.’’

,,Wy sitte op it stuit op in kearpunt yn ’e soarch. Oant foar koart gie it foar 80 persint om de kwaaltsjes en foar 20 persint om it wolwêzen. Yn de hiele sektor klinke no lûden dat it oarsom moat. Wy ha hjir op’t heden in frou, dy komt om trije oere nachts fan bêd ôf en dan wol se kofje. Oant foar koart soe de reaksje wêze: dat kin net, dan sliept se noait wer. No jouwe wy dy frou in bakje kofje. Der is in man, dy sliept mei wollen sokken oan. Earder lutsen wy sa’n ien de sokken út; no sizze wy: hy is der njoggentich mei wurden.’’

Ropping

Nei’t er earst in trijejierrige oplieding foar fersoarger yn ien jier ôfrûne ha, set er no mei in oplieding ta ferpleger útein. ,,Mar ek as ik aanst ferpleger bin, bliuwt it wolwêzen fan de minsken by my foarop stean. Ik sykje altyd de lichtheid, ek yn dit wurk. Dêrom bin ik ek al jierren in fan fan de Ratpack, en dan benammen fan Dean Martin. Dy hie dat lichte ek. Mei in glês whisky op it toaniel, krekt dwaan oft er fan alles fergeat. Mar wol mei in perfekte timing. Hy wie alkoholist, mar op it toaniel dronk er neffens my appelsap, oars hie er dy timing noait hân.’’

,,Ik folgje no in mbû-oplieding ferpleechkunde. Hbû hie ek kind, mar dan hie’k kâns dat ik op kantoar kaam en dat wol ik net. Mar ik soe de styl fan omgong mei minsken dy’t ik ûntwikkelje wol trochjaan wolle oan jongere kollega’s. Miskien dat ik nochris wat workshops jaan kin.’’

Acht jier lyn, doe’t Arnold Dijkstra Macbeth spile, antwurde er yn in ynterview op de fraach oft er him in oar libben as by it toaniel foarstelle koe: ,,Ik soe hielendal gek wurde. Ik libje no folslein foar it toaniel, dei en nacht. Werom nei in boargerlik bestean fan njoggen oant fiif, ik soe it net kinne.’’

No seit er dêroer: ,,Toaniel wie in ropping foar my, dat miende ik oprjocht. No ha’k in oare ropping en ik ha der noch gjin momint spyt fan hân dat ik dy folge ha.’’

Je kunt deze onderwerpen volgen
Friesland
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct