Dick Eekma en Gerda van der Wijk: ,,De earsten betellen 50 gûne om bestjoerslid fan de STUFT te wurden.’’ FOTO NIELS WESTRA

50 jier Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel: tweintich toanielstikken, elts jier wer

Dick Eekma en Gerda van der Wijk: ,,De earsten betellen 50 gûne om bestjoerslid fan de STUFT te wurden.’’ FOTO NIELS WESTRA

De fraach nei de tekstboekjes fan de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel nimt ôf. Lykwols ferfollet de STUFT noch altyd in belangrike rol foar it amateurtoaniel. Moarn fiert de stichting har fyftichjierrich bestean. ,,Wy binne no wol oan de frikadellen ta.’’

G erda van der Wijk wit as Afûk-meiwurkster dy’t alle wiken seis oeren besteld is mei it útfierende wurk fan de STUFT, dat it útjaan fan toanielboekjes wat oars is as it útjaan fan ‘gewoane’ boeken.

De tiid dat de Afûk ûnderbrocht wie yn it Fryslânhûs oan Achter de Hoven yn Ljouwert stiet har noch klear foar de geast. De winkel wie ûnder en stie yn iepen ferbining mei de boppeferdjipping dêr’t de boekjes fan de STUFT útstald wiene.

Van der Wijk: ,,Toanielspilers binne in mûnich en lûdroftich folkje dat net bang is foar in bytsje oandacht. As se lâns kamen om in stik út te sykjen, brocht ik se meast nei boppen om dêrnei ûnder yn ’e winkel fierder mei myn eigen wurk te gean. Dan duorre it noait lang of se rôpen: ‘Ha jo ek kofje?’ Se waarden hieltyd grappiger, dat al gau wie it: ‘Wy binne no wol oan de frikadellen ta.’’’

,,Under it lêzen begûnen se de rollen faak al te ferdielen. ‘Tineke hoecht dit jier gjin haadrol, it is no oan my ta’. Of: ‘Piter moat gjin grutte rol ha, dy kin foar gjin meter spylje’. Ik wist hoe’t soks gie, ik spile sels toaniel.’’

It kaam ek wol foar dat se der net útkamen en Gerda derby rôpen foar advys. ,,‘In fleurich stik, mar wol mei ynhâld’, woene se dan bygelyks ha, want se spilen yn de earste klasse. Dat wie de middelste klasse, net de heechste, mar dat docht der no net ta. Faak frege ik wat se it jier dêrfoar spile hiene. ‘Bearend past op ’e slach’. Dan wist ik wol dat oan dy ynhâld net al te hege easken steld waarden.’’

STUFT-foarsitter Dick Eekma falt har by: ,,Of se woene alles wol spylje, as der mar gjin echtskieding yn foarkaam, want de foarsitter wie krekt by de frou wei.’’

T abe Beintema

It wie útjouwer, boekferkeaper en oersetter Tabe Beintema (1912-1991) dy’t al fier foar de offisjele oprjochting de basis foar de STUFT lei. Untefreden mei syn kantoarwurk by moalfabryk Koopmans yn Ljouwert iepene er yn 1944 in stinselprinterij yn de Ljouwerter wyk Huzum en naam er tagelyk winkel en útjouwerij De Fûnk oer fan de Jong Fryske Mienskip. Hy printe tsjerkebledsjes en feekeuringsboeken, mar hy joech ek toanielteksten út.

Van der Wijk: ,,Lang net elkenien koe type of hie in typmasine, dat it kaam geregeld foar dat in toanielselskip him in mei de hân útskreaune toanieltekst brocht. Beintema typte dy tekst yn de jûnsoeren út en de oare deis stinsele er dan seis of sân boekjes. In foarm fan printing on demand .’’

Ein jierren fjirtich ferhuze Tabe Beintema nei de Van Swieten-strjitte yn Ljouwert, dêr’t er de winkel en de útjouwerij fuortsette ûnder de namme De Terp. Hy stuts in soad tiid yn it oersetten en útjaan fan toanielteksten. De Fryske toanielselskippen hiene, wie er fan betinken, rjocht op in grut ferskaat oan stikken fan hege kwaliteit.

De idealistysk ynstelde Beintema joech, njonken blijspullen, stikken út fan ferneamde skriuwers as Tennessee Williams, Friedrich Dürrenmatt, Edward Albee en Harold Pinter. It wiene net de stikken dêr’t it trochsneed doarpstoaniel op siet te wachtsjen, dat gauris moast der jild by.

loading

Doe’t dúdlik waard dat soks net noch jierren stânhâlde koe – begjin jierren sechstich wie it amateurtoaniel troch de opkomst fan de telefyzje ek nochris yn in dip bedarre – waard it útjaan fan toaniel yn 1968 ûnderbrocht yn in stichting: de STUFT. It foardiel fan in stichting wie dat dy yn oanmerking kaam foar subsydzje.

It earste bestjoer bestie út Folkert Boorsma, Marten Harmens Gerbrandy, Heine Keuning en Jan Stienstra, alle fjouwer minsken dy’t al it nedige út ’e wei set hiene foar it Frysk en it Fryske toaniel. Dat se yn idealisme net foar Tabe Beintema ûnder diene, docht bliken út de 50 gûne dy’t se elk betellen om bestjoerslid wurde te kinnen.

Garaazje

Bei ntema hat oant 1980 rêden mei it útjaan fan de toanielboekjes. Yn dat jier wie de grutte staveringsferoaring fan it Frysk. Om’t Beintema opseach tsjin alle drokte dy’t dat meibrocht – de boeken yn syn fûns soene fan ’e iene op ’e oare dei ferâldere wêze – ferkocht er De Terp oan de Friese Pers.

Joukje Visser, dy’t by Beintema wurke, naam it útfierende wurk fan de STUFT letterlik mei nei hûs. De auto waard nei bûten riden, tenei foarme de garaazje fan it hûs fan har en har man Henk yn Rottefalle de opslach fan de tekstboekjes. Boekjes ophelje om yn te sjen koe allinne tusken fiif en sân oere jûns, dan wiene Henk en Joukje thús om te iten.

Lang net elk toanielselskip hie in lêskommisje, it kaam ek gauris foar dat se Joukje Visser bellen mei de meidieling: ‘Jo witte wol wat wy ha wolle. In klucht foar trije manlju en trije froulju, sykje mar wat út.’

De Vissers hawwe it njoggen jier dien, yn 1989 ha se it útfierende wurk oerdroegen oan de Afûk. En om’t Gerda op dat stuit de iennichste by de Afûk wie dy’t geregeld op ’e planken stie, wie it al gau: ‘Dat is echt wat foar Gerda’. Tritich jier letter is dat noch net feroare.

I enakterfestivals

De bêste tiid yn de goed fyftich jier dat de STUFT bestiet, wie begjin jierren njoggentich. As in oersetter in klucht of in blijspul oanlevere dêr’t de lêskommisje fan de STUFT wol wat fan ferwachte, waarden der 200 eksimplaren fan printe. As sa’n stik dan troch fjirtjin of fyftjin selskippen spile waard, moast der healwei it winterskoft byprinte wurde.

It printsjen fan de boekjes barde by sosjale wurkpleats Trion yn Kollum. Gerda van der Wijk: ,,Dêr sieten ien of twa minsken, dy wiene folslein besteld mei de opdrachten fan de STUFT.’’

De STUFT krijt noch altyd subsydzje om sa’n 20, 22 stikken út te jaan. De helte dêrfan binne jûnfoljende stikken, de oare helte ienakters en jongereintoaniel. Oplagen fan 200 komme net mear foar. It oantal toanielferieningen – de basis fan de STUFT – nimt ôf. En spile mannich toanielferiening earder twa stikken yn ’t jier, no binne der selskippen dy’t folsteane mei ien kear yn de twa jier.

Ienakterfestivals – dy’t in hoart populêr wiene – binne folle minder fan en dat jildt ek foar de Fryske kriten om utens. Hie elke gruttere stêd yn Nederlân foarhinne in Fryske krite mei alle jierren in toanieljûn, no binne it der noch mar in stik as wat.

U nder de Toer

rmei is net sein dat it Fryske amateurtoaniel op it gat leit. Wylst de ferieningen it dreech hawwe, giet it op oare plakken dat it slydjaget. It oantal iepenlofspullen is de ôfrune jierren hast fertrijefâldige, Under de Toer – it projekt fan Kulturele Haadstêd 2018 foar it amateurteater – smiet foarich jier sa’n tritich lokaasjeprojekten op.

Iepenloftspullen produsearje in grut ferskaat oan foarstellingen – bewurkingen fan boeken, films, lokale skiednis – mar se dogge komselden in berop op de STUFT. En de stikken dy’t se op ’e planken bringe, binne meast net geskikt om earne oars te brûken en dus wurde de teksten net by de STUFT oanbean.

Datselde Under de Toer wie ek de reden dat 2018 in min jier foar de STUFT west hat. De projekten waarden gauris droegen troch de pleatslike toanielferieningen, dy’t dêrtroch gjin tiid en minsken oerholden foar de reguliere jierlikse útfiering. It wie foar de STUFT sels oanlieding om it fieren fan it fyftichjierrich bestean in jier út te stellen.

Hoe dreech de ferieningen it ek hawwe, de STUFT docht syn bêst om it oanbod op peil te hâlden. Dick Eekma: ,,Foar de Fryske taal is it toaniel hiel belangryk. Frysk lêze hawwe minsken faak muoite mei, mar as it om toaniel giet, ha se folle leaver in stik yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Dat is mear eigen en de humor is smouter, sizze se dan.’’

Foar dat op peil hâlden fan it oanbod binne de oersetters ûnmisber. Tineke Hoekstra, Baukje Stavinga, Anja Steegstra, Gurbe Dykstra en Piter Renia binne as sadanich tige warber. De measte oersettingen komme út it oanbod fan Grosfeld en de Toneelcentrale, twa Nederlânske toanielútjouwers. De iene kear freget de STUFT in oersetter om in kânsryk stik te ferfryskjen, in oare kear draacht in oersetter in stik sels oan.

Oarspronklike Fryske stikken ferskine der amper by de STUFT. Neffens Gerda van der Wijk is dat neat om ûngerêst oer te wêzen. ,,Dat hat altyd sa west, it tal Fryske toanielskriuwers is mar lyts. ’’

De STUFT stiet moarntejûn yn Kafee-restaurant Overwijk op ’e Tynje mei in feestje stil by it fyftichjierrich bestean. Muzyk en in praatsje, gjin jûnfoljend stik. Wol in in ien-akter: Londen 1994 fan Anja Steegstra.

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 4,99 per maand. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct