50 jaar geleden: Trinus beste merkkeapman

Trinus Riemersma oertsjûge justerjoun yn it Snitser gemeentehûs it meast syn taharkers op de feestlike Fryske boekejoun, dêr’t seis skriuwers en skriuwsters it publyk harren boeken oanprate moasten.

Mear as de helte fan de seal keas him as de beste „merkkeapman’’. Tjitte Piebinga stie mei Anne Wadman elk mei ien stim ûnderoan. Boargemaster L. Rasterhoff iepene de joun mei in Fryske taspraek. Riemersma haldde in praetsje fan fiif minuten yn sneltreinfeart, dêr’t ûnder mear yn foarkaem: „Wadman, de man dy’t mear seks yn syn boeken docht’’, „It lyk fan Tjitte: fjouwer boeken foar de priis fan ien, kostet minder as fjouwer sint de bledside’’, „In paperback fan Jo foar jo, Wês Foarsichtich Watse, Hitchcock foei flau", „Mei Rink van der Velde nei Grikelân, yn in frachttrein, mar drank genôch’’, „Riemersma skriuwt sa fiis, fizer kin it net’’ en noch folle mear, dat mar amper binei to kommen wie. Hy krige 42 fan de 81 stimmen.

De rubriek ‘50 jaar geleden’ doet een greep uit het nieuws van een halve eeuw terug. Zelf grasduinen in het archief van de krant? Ga naar www.dekrantvantoen.nl.

Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement