100 jaar geleden: Striidbegjinsels fen de Jongfryske Mienskip

FOTO LC

Nei de gearkomste fen it institút for Fryske folksûntjowing en de húshâldlike jier-gearkomste hâldde de Jongfryske Mienskip forline Snjeon en Snein in gearkomste ta bisprek en fêststelling fen hjar striidbegjinsels.

Dizze gearkomste wier fen bûtenwenstige wearde, meidat de Mienskip hjar dêrtroch útspriek oer alle libbensgebiet, fen maetskiplike en geastlike bitsjutting beide, en mei it priisjaen ek fen de skyn fen neutraliteit op it stik fen libbensskôging, hjar stelde op ’e grounslaggen fen it histoarysk idealisme. De striidbegjinsels, ûnderskaet yn fjouwer haedstikken (minskheid en Fryslân, folksforhâldings, folkskrêft, folksûntjowing mei wittenskip en kinst) joegen oanlieding ta gâns bisprek en taljochting.

Oan de ein hat de Mienskips-gearkomste it departemintael bistjûr opdracht jown ta de foarming fan in stúdsje-club for folksferhâldings en folksskrift, ter krêftige propagearring fen it ynstitút en ta de stifting fen in akademie for wittenskip en kinst op Jongfryske grounslach.

De rubriek ‘100 jaar geleden’ doet een greep uit het nieuws van een eeuw terug. Zelf grasduinen in het archief van de krant? Ga naar www.dekrantvantoen.nl.