Leny Dijkstra mei Hiske Oosterwijk: ,,Nei elke repetysje tink ik: wat is dit leuk’’. FOTO LEO DIJKSTRA

Is Taal op it spoar it lêste teaterprogramma fan Leny Dijkstra?

Leny Dijkstra mei Hiske Oosterwijk: ,,Nei elke repetysje tink ik: wat is dit leuk’’. FOTO LEO DIJKSTRA

Snein is de earste reprisefoarstelling fan Taal op it spoar . De kâns is grut dat it Leny Dijkstra har lêste teaterprogram wurdt. Alhoewol. ,,Op it poadium fiel ik my thús, nei elke repetysje tink ik: wat is dit leuk.’’

S e kin der net rjocht útkomme. Nije projekten op tou sette sjocht se tsjinop as hingjen, oankondigje dat Taal op it spoar har ôfskied wurdt, doart se likemin. Want stel dy foar dat ien fan de dreamen dêr’t se mei omrint dochs noch wurklikheid wurdt. De dream bygelyks om in lietsjesprogram mei Hiske Oosterwijk (29) en Lianne Zandstra (50) te meitsjen oer trije generaasjes froulju yn ’e muzyk. Trije tydsbylden fan muzyk, kânsen en opliedingen.

De ferskillen tusken dy generaasjes binne grut, foaral yn oplieding. Hiske Oosterwijk studearre oan it Prins Claus Conservatorium yn Grins en yn New York, Lianne Zandstra oan de Academie voor Kleinkunst in Amsterdam, Leny Dijkstra (76) folge de oplieding ta sekretaresse oan Instituut Schoevers yn Amsterdam.

Noch grutter ferskil is dat Leny in dochter fan kabaretier Tetman de Vries is. Dat hie oan de iene kant ta gefolch dat se grut waard yn in hûs fol muzyk, de oare kant wie dat heit en mem har kear op kear ynwreaune om asjebleaft in fak te learen, om’t ,,by artysten de mûzen faak dea foar de kast lizze’’. Leny wit noch skoan dat har heit him nei in wat mindere resinsje ûntfalle liet: ,,Bôle sil der noch wol komme, mar sûnder belech.’’

It hie net moatten dus, dat artystebestean. Mar altyd wiene se der: de muzyk en it poadium. As famke fan trije stie se al mei har piano-spyljende suster Anneke yn de Panorama, op de beukerskoalle stie se yn in rokje fan krêpepapier op it poadium as Roodkapje.

Doe’t se âlder waard joegen muzyk en teater har de kâns om te ûntsnappen oan de soms hurde wurklikheid. Yn de jierren fyftich wiene sy en har suster Anneke op it gymnasium tusken alle dokters- en direkteursbern de bern ,,van die circusartiesten’’. Doe’t har heit har in kear fan skoalle helle mei achter de auto it weintsje mei dêrop Selskip Tetman de Vries , fregen klasgenoaten har de oare deis: ,,Heeft jouw vader een zeilschip?’’

By it skoalkabaret koe se har ûnderskiede en bewûnderen dyselde klasgenoaten har om har sjongen en spyljen. Dijkstra: ,,Doe’t ik noch op it gymnasium siet, ha’k wolris sein dat ik nei de toanielskoalle woe, mar ús heit woe dêr neat fan witte. Hy makke my bang, de toanielskoalle late op foar in libben op skobberdebonk en ast echt wat woest dan moast mei de direkteur tusken de lekkens.’’

Oranjeshirt

Ta gelyk wie it foar heit wol de gewoanste saak fan ’e wrâld om syn dochters Leny en Anneke geregeld as ynfaller mei op stap te nimmen. Doe’t Leny yn de fiifde klasse sitten bleau en it gymnasium ynruile foar Instituut Schoevers, waard se in fêst ûnderdiel fan it selskip.

Neist sjonge hie se noch in talint: hockey. Se wie sels sa goed dat se – 20 jier âld – op in dei troch in deftige frou út Het Gooi belle waard mei it berjocht dat se selekteard wie foar it Nederlânsk alvetal. Se hat it oranjeshirt noait droegen.

,,Ik hie alle woansdeis nei Hilversum moatten om te trainen en dat koe net: it soe de leden fan it selskip ‘brodeloos’ meitsje. Alles moast wike foar de foarstellingen. Ik woe leaf wêze, dus die ik wat heit sei. Dêrom’’ – se moat laitsje as se der oan weromtinkt – ,,bin ik ek op in moandei troud: dan wiene der gjin foarstellingen.’’

Heit wie lytse selsstannige, subsydzje wie der net, wy spilen seis kear wyks. Siik wêze koe net. As Tetman lêst fan spit hie, makke er fan alle rollen dy’t er spile âlde mantsjes. ,,Ik hie in kear angina mei hast 40 graden koarts. Doe sette ús heit in stretcher achter it poadium, dan koe ik tusken de opkomsten sa no en dan eefkes lizze. Ik wit noch dat ik tocht: wat haw ik ek in aardige heit.’’

Swier oerspand

Da t tinkt se noch altyd. Se wit mar al te goed hoe swier it artystebestean har heit soms foel. Tetman de Vries spile net allinne, hy wie ek sjauffeur, boekhâlder en hy skreau alle jierren in nij programma. Faak hie er al sechstich of santich foarstellingen ferkocht, mar noch gjin letter op papier. Gjin niget dat er op syn tritichste troffen waard troch in – ‘swier oerspand’ hiet dat doe noch – burn-out.

De komst fan Rients Gratama joech, om’t dy ek teksten skreau, foar in oantal jierren ferlichting. Doe’t Gratama acht jier letter syn eigen selskip begûn, woe Tetman – ek al wie er noch mar 46 jier – de brui der oanjaan. It hiene tropejierren west.

Hy liet him lykwols omprate, dat hy is noch in oantal jierren trochgien, ûnder oaren mei syn frou Mine, Anneke en Leny, Klaas en Eggie Westra en Leny har lettere man Leo. Yn 1969 hat er it selskip echt opdoekt en luts er him werom yn syn sigarewinkel en in schnabbel sa no en dan.

,,Dat wie it dan’’, miende Leny Dijkstra. Se wie yn ferwachting, se wenne yn in ‘doorzonwoning’ yn Stiens, se tocht: ik wurd lokkich.

Net dat se dat net wurden is, mar it duorre net lang of se stie wer op ’e planken. Har man sei: ,,Ik wol fierder.’’

Op ’e fraach wa’t dan de teksten skriuwe moast, sei er: ,,Ik.’’

En sa is it gien. Oanfold mei Leny har jongere broer Tsjip en dy syn frou Claudia, foarmen se it Selskip Leo Dijkstra. Cees Bijlstra skreau de muzyk.

Subsydzjes foar Frysk kabaret wiene der noch net. Leo Dijkstra wit noch dat er by de deputearre Pieter van der Mark op syn hûsadres yn Snits oanbelle. ,,Wy hiene 4000 gûne nedich foar in oanhangweintsje, dat hiene wy net. Van der Mark hat dat regele. Dat wie it begjin fan it Fûns foar de Poadiumkeunsten.’’

Nely Vriesema

Ne i fyftjin jier Selskip Leo Dijkstra makke Leny Dijkstra in oantal solofoarstellingen mei titels as Is de baas ek thús? en Optocht en spile se gastrollen by Tryater, ûnder oare de toanielsolo Nely Vriesema . De lêste foarstelling wie safolle fraach nei, dy hat se – ynklusyf de reprise by Simmer 2000 – 120 kear spile.

It spyljen by Tryater wie in iepenbiering foar har. Foar it earst hoegde se net alles sels te regeljen, waard alles foar har dien, oant it striken fan de kostúms ta.

Noch folle wichtiger wie dat se mei toaniel krekt wat djipper dolle koe as se wend wie. ,,Lietsjes en kabaret binne flechtich, dy yngrave yn in personaazje is dat minder. It is my wol oerkaam, dat ik -– as nei de foarstelling it sealljocht opgong – tocht: goh, der is publyk. Ik kom út ’e wrâld fan lietsjes, sketskes en konferenses, dan hast dat net. It foardiel dêrfan is wol dat ik altyd fleurich thúskaam. Dat is no noch sa.’’

,,Ik mocht net nei de toaniel-skoalle, dêr haw ik my by dellein. De toanielskoalle assosjearre ik mei Shakespeare, Vondel en Ibsen. Ik tocht: dat kin ik dochs net. Miskien kaam it ek wol troch it gymnasium. In jier nei dat skoalkabaret spile ik de haadrol yn in serieus toanielstik. De oare bern seine dat se dat kabaret folle moaier fûnen.’’

,,Ik hie by it ‘grutte toaniel’ fansels in hiel oar libben hân. De 250 optredens yn in jier yn boppesealen en tinten fol sigarereek wiene my besparre bleaun. Yn stee fan typkes hie’k serieuze rollen spile. Mar hie’k dan better ôf west? Ik wit it net. Der hawwe tiden west dat ik net de dochter fan Tetman wêze woe. No bin ik der grutsk op.’’

Cees Bijlstra

In pear jier lyn fiske se foar in begraffenis in âlde cd fan harsels, Mei alle leafde, út ’e kast. Hast alle ferskes op dy cd wiene skreaun troch Leo, de komposysje en de ynstrumintale begelieding wiene fan Cees Bijlstra. In pear dagen letter stie se yn Hurdegaryp foar de spoarbomen te wachtsjen en seach se in trein foarbykommen mei de namme Cees Bijlstra. In bytsje artyst tinkt op sa’n momint: dêr moatte wy wat mei dwaan.

Leo Dijkstra skreau it teaterprogram Taal op it spoar . Dêryn sjogge Leny Dijkstra en Hiske Oosterwijk werom op de karriêre fan de fyftjin jier lyn ferstoarne Cees Bijlstra. Se hawwe de foarstelling foarich jier sechtjin kear yn kafees en oare lytse sealtsjes tichtby stasjons spile. It publyk waard yn de Cees Bijlstratrein nei de foarstelling riden.

Om’t der faak mar fjirtich, fyftich minsken yn ’e seal pasten, hawwe se besletten ta in reprise. De earste foarstelling is sneintemiddei yn De Koornbeurs yn Frjentser, de rige wurdt op 22 desimber ôfsletten yn De Harmonie yn Ljouwert.

,,Ik tink dat it myn lêste kear wurdt. Mar ik wol it net grutter meitsje as it is, ik rop net: dit is myn ôfskied. Ik ha ek noait roppen: ik stean fjirtich of fyftich jier op ’e planken. Boppedat, jo witte it mar noait.’’

,,As it it lêste is wat ik doch, dan is dit in moaie foarstelling om mei ôf te sluten. It is in bytsje in monumint foar Cees Bijlstra. En ek in bytsje foar Leo. Dy is altyd sa beskieden, mar ast sjochst wat er yn ’e rin fan ’e jierren allegear net skreaun hat. It begûn altyd by him, mei in stik wyt papier. It moast út syn fantasij fuortkomme. En as er dan wat betocht hie, brocht er it nei Cees, dy brocht it ta libben. Sûnder Cees en Leo hie ik neat hân om te spyljen.’’

Je kunt deze onderwerpen volgen
Theater en musical
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct