Mosken wint Liet 2020+1, mei in ferske oer bern dy't weromkomme by heit en mem

Mosken yn feeststimming, want se binne winners fan Liet 2020+1. Foto: Nico Boersma

De band Mosken, mei leden fan Ljouwert en De Jouwer, hat sneon it Frysktalige songfestival Liet wûn.

Dat diene se mei it nûmer Leave Lieve . In aktueel nûmer, neffens bandlid Sjoerd van Kammen. ,,It giet oer bern en âlden en weromkomme nei in drege perioade by heit en mem thús.”

It twadde plak wie foar Douwe Dykstra, foar it liet Wêr’t ik begjin en do stoppest . Tredde waard Sample Text mei Underfining .

Sûnder publyk, fansels

Dat ferske, fan Sample Text dus, krige ek de tekstpriis, foar de bêste Frysktalige tekst. Dy priis waard digitaal útrekke troch kultuerdeputearre Sietske Poepjes.

De finale fan Liet waard ôfhannele yn popsintrum Neushoorn. Sûnder publyk fansels, mar foar de kamera’s fan Omrop Fryslân dy’t it rjochtstreeks útstjoerde.

Eins soe dizze finale al heal novimber ferline jier plakfine, fandêr de offisjele namme Liet 2020+1.

Je kunt deze onderwerpen volgen
Muziek