Piter Wilkens komt mei in nije plaat. In echtenien, ‘in elpee’, sa’n grutten, op finyl. Mei kreaze ferskes, dy’t in betûft ferskeskriuwer ferriede. Hoefolle fan Piter Wilkens sels sit der yn dy ferskes?

De cd is fan moarn ôf wol te krijen, as De laitsjende feniks presintearre wurdt mei in konsert fia livestream, mar it finyl noch net. Dochs giet it eins om dy elpee. ,,Dat is wat je altyd woene, as je in bandsje begûnen”, seit Piter Wilkens. ,,In elpee.”

Sadwaande ek tolve nûmers, lekker kompakt: seis de side. Dêr sitte trije covers tusken, wol sels oerset fansels. Trying to get to you , fan Elvis Presley, wurdt dan Writen dwaan om dy . Prachtich Frysk, ‘writen dwaan’: it betsjut soks as ‘muoite dwaan’. ,,Je hearre wol ris wat. Dan tink ik: dat is in moaie útdrukking, en dan skriuw ik ’m op.”

Hy hat ear foar sok Frysk. ,,Ik brûk hiel faak ús pake en beppe as referinsje. Hoe hiene dy dat sein? Ik fûn it altiten moai Frysk, wat sy praten. Allinne, dat wie eins gjin geef Frysk, die letter bliken. Dat wie Marsumers.” It hinget mar fan it ferske ôf watfoar register as er brûkt. ,,Soms bliuw ik by dat Marsumers, soms geef Frysk, moai âld Frysk, modern Frysk en soms betink ik nij Frysk. ‘Kykjeflapper’ foar ‘fotograaf’, soks.”

‘Wat wúst? Wat súst? Wat nyt goëd is, is nyt júst / Ik kan dy misse as un púst’ (uit Wat wúst?)

Of it Ljouwerters. Lit ús net ferjitte: Piter Wilkens is de man fan de Liwwadder blues : ‘It het noait wat weest en it sal noait wat wurde’. ,,Ik bin yn Marsum opgroeid, mar ús heit wie in echte Ljouwerter. Dat platte Liwwadders, dat haw ik ek altiten in moai taaltsje fûn. Mar hearst it hieltyd minder. It is net ‘su’, it is ‘soa’. ‘Su’ is Snitsers.” Wilkens wit soks. ,,Us heit sei altiten: ‘Jim doene mar lekker moelik, mar sonder mij. Ik gaan deur de deur deur.’”

‘It is spitich datst net sjen kinst hoe’t ik ta folle waaksdom kom / Ja, brân my mar ta de grûn om’t ôf, ik kom altyd wer werom.’ (De laitsjende feniks)

,,Nee, nee, nee”, seit er op de fraach oft it titelnûmer fan dizze nije plaat miskien oer syn eksfrou giet, oer syn skieding. ,,Yn sokke ferskes hâld ik it graach wat yn ’e midden. Dat it wat mear lagen hat. It is mar wat de harker hearre wol.”

Dochs giet it wol earne hinne. ,,Je goaie hout yn it fjoer en it wurdt jiske. Je goaie in stien yn it fjoer en it wurdt allinne mar hurder. Ha je ek neat oan dus. Mar goud, dat wurdt allinne mar suverder. Dan kinne se dy wol ôfbaarne, dêr komst allinne mar better út. Sterker. In skieding, dan giest troch in djip dal. Mar dêr komst wol wer út.”

It wie wol in ‘vechtscheiding’, seit er. ,,Dat ha wy net goed dien, wy beiden net. Ja, it is wat it is. Mar it is allegearre oer, it is foarby, de bern binne de doar út. Ik ha dit net skreaun mei dy skieding yn de efterholle, mar it sit der wol in bytsje yn, ja.”

‘Do bist myn bern, ik bin dyn heit / Der is neat wûn en neat ferlern, mar ek dy is lok beskern.’ (Myn bern)

,,Eins giet dat oer itselde. Je binne wat je binne, mar dat moatte je ek wurde. In bern moat foaral bern wêze. Elts bern is oars. Net daliks fan: ‘dat is in apart bern, dat kin net’. In bern moat motivearre wurde, stimulearre. Kinst in bern allinne mar begeliede, rie jaan. Kinst noait in bern ta de grûn ta ôfbaarne, foar lul sette. Mar dat bart wol, sjochst it noch. En net elts is dan in feniks.”

‘In bân fan goud, is dat wat it jout / Hecht en fertroud, op wiere leafde boud.’ (In bân fan goud)

,,Nee, dat giet dus net oer leafde en ivige trou. Of teminsten: it stelt dêr fragen by. Je kinne inoar wol trou belove, mar kin dat wol, moatte je dat ferwachtsje? Der binne gjin garânsjes. Moatte dy der wêze? Nee, wêrom? Wy ha 25 jier in relaasje hân. Miskien is it dan gewoan oer. Is dat slim? Nee, begjinst wer wat nijs. En wat is dêr mis mei? Soms is it better om útinoar te gean, nei safolle jier. Mar wy ha der echt wol alles oan dien.”

‘Koe it altyd mar sa bliuwe, foar altyd in pear / Mar wy rêde it net op, sitte fol mei âld sear / Mar hoe ferskillend wy ek binne en hoe bot ek fersnien / As wy tegearre dûnsje binne wy ien.’ (Dûnsliet)

,,Dat fyn ik altiten in hiel moai byld, in man en in frou dy’t dûnsje. Se ha dûnsles hân, se hâlde harren oan de regels. De man hat de lieding, de frou akseptearret dat. Dan is der niks oan de hân. Niks! Ien en al harmony, as se dûnsje. Mar yn in relaasje is der net altiten harmony.”

In moaie angel. Wilkens is dan ek in ferrekt betûft ferskeskriuwer. ,,No dankjewol. Bist altiten mei tekst dwaande, mei ferskes. Tinkst yn ferskes. Ferskes meitsje, dat bin ik. Ik hâld noch altiten fan flauwekulferskes, it is in útdaging om ferskes te skriuwen dy’t nearne oer geane. Dat is bêst dreech, hear.”

‘De pearse krokodil, de pearse krokodil / Hy komt sa út ’e hoeke en dan byt er dy yn ’t bil.’ (De pearse krokodil)

,,Mar dat is uit het leven gegrepen , dy situaasjes haw ik allegearre meimakke. En eltsenien werkent dat! It moat wol goed opskreaun wurde. It moat rymje, it moat rinne. Hoe set ik dy wurden del. Dat is mear ambacht, dat is mear puzeljen. It idee is der al. By sa’n Dûnsliet giet it mear om moaie wurden, moaie metafoaren. Bist op in hiel oare manier mei sa’n tekst dwaande.”

‘Sy dogge it oeral goed, der is gjin hâlden oan / Oeral dêr’tsto komst trefsto in Fryske boeresoan.’ (Fryske boeresoan)

,,Dat hiele ferhaal oer dy boeren, no? Fansels moatte wy oars begjinne te libjen. Mar dat is net de skuld fan de boeren. Dy ha ús in soad wolfeart brocht. Mar it waard my te yngewikkeld om dêr in ferske oer te meitsjen. Dat ik tocht: ik doch it oer de Fryske boeresoan, dy’tst oeral op de wrâld tsjinkomst en dy’t it goed docht. It is in oade. Boeren binne goede minsken, ha in goede oplieding hân, dy kinne wat. It ferhaal giet troch. As Fryslân, as Nederlân te lyts wurdt om te buorkjen, dan geane se wol nei Kanada, of Nij-Seelân. It binne hiel kundige, goede minsken. Fansels moat it allegearre feroarje. Mar hoe?”

‘Myn gitaar giet op de solotoer, sy hat har nocht fan dat getrûdeboer / Sy wol gjin sjonger sûnder ûnderwiis, dy’t net fierder komt as Raard en Riis.’ (Myn gitaar giet op de solotoer)

,,Dat giet dus hielendal nergens oer”, wol Wilkens ha. Mar dochs ek wer wol, alteast in bytsje: oer syn muzikantebestean. ,,Mei in knyp-each. Ik wit ek net hoe’t ik der by kom om soks te meitsjen, Dan haw ik in ideetsje en dan begjin ik te skriuwen. Ik fyn it hiel grappich, net fierder komme als Raard en Riis, Boer en Baard. Ik kom net iens yn de Stellingwerven, dêr hâldt it al op.” Mar tink derom: hy hat dochs ferskate toernees efter de rêch troch Noard-Amearika en oare stikken bûtenlân.

‘Ik tôch oer it wiid witwêrhinne / Mei de langst nei in leafde, in faam / Mar de see, him ha ’k altyd tsjinne / Fan de leafde is net folle kaam.’ (Seemansballade)

It is mei dy seelju al wakker itselde as mei dy boeren fan niis. Mar nee, it leit dochs wer oars. ,,Je moatte net alles útlizze wolle, it is ek mar krekt hoe’tst it sjen wolst. It is in metafoar, it giet hielendal net oer in seeman. Nee, it giet oer in keunstner.” A ha. ,,In Vincent van Gogh, dy wie besit fan de keunst. De keunst bepaalde wat Van Gogh wie. Hy hie gjin kar, hy koe mar ien ding en dat wie syn keunst.”

Wilkens komt genôch talinten tsjin dy’t dochs kieze foar fêstichheid. ,,Dus komt de muzyk op it twadde plan. In hiel ferstannige kar. Dy meitsje de measten.” Hy makke in oare kar. ,,Mar dat hat my in hiel bot koste. Myn skieding hie der ek mei te krijen. It hat my freonskippen koste, in hiel protte jild. Ik haw it beslút nommen: ik gean hielendal foar de muzyk. Dan hast gjin tiid mear foar oare dingen. Fansels haw ik myn bêst dien foar myn gesin. Mar it is hiel lestich. It hat my ek in hiel soad brocht, ik hie it ek net oars dwaan wollen. Ik hie gjin kar.”

‘Ik mei sa graach by dy lizze, mar dy Heak jout sa’n belij / En ik reizgje dei en nacht, ik set troch út alle macht / O, ik sil writen dwaan om dy.’ (Ik sil writen dwaan om dy)

Hy hat oars wol wer in relaasje. Syn Agnes wenne earst yn Itens. ,,Doe’t wy inoar kennen learden, lei de Heak om Ljouwert der noch net. Dêrnei moast ik ynienen in hiel ien omride. Doe haw ik sein: ‘No moatst mar by my yn’.”

loading

Je kunt deze onderwerpen volgen
Muziek
Interview
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct