Quist, de nije roman fan Koos Tiemersma (1952) fan Drachten, giet oer in learaar Dútsk dy’t stroffelet en dernei yn in oare wrâld bedarret. Quist is de njoggende roman fan Tiemersma, âld-skoalmaster en winner fan ûnder oaren de Gysbert Japicxpriis (2015 – Einum) . Ynspiraasje te oer foar noch mear moais, seit er. Der bin noch doaren genôch dy’t hy iepenje kin.

It idee foar Quist lei der al in skoftke. Koos Tiemersma (1952) fan Drachten hie alris wat skreaun, mar hie it wer opburgen. Embryo’s neamt er se, de oansetten ta in ferhaal. Dy kinne hiel lang, as in goeie wyn, yn it spesjale mapke dat er derfoar makke hat op ‘e kompjûter, lizze te rypjen. Oant Tiemersma tinkt: ,,Hee, dat ferhaal, dêr kin ik no wol wat mei.” En sa gong der oan de slach mei de learaar Dútsk Julius Quist.

De man fan Frjentsjer is yn de sechstich en jout Dútsk oan learlingen op it gymnasium yn Ljouwert. Op in goeie dei moat er by syn baas komme. Dy freget oft it net tiid is om it wurk ris del te lizzen. Dat snijt de learaar troch de siel en hy antwurdet obsternaat: ,,De duvel mei my helje!”

,,En fan dêrút bin ik fierder gong”, seit Tiemersma. Sûnt 2000 publisearret er iens yn de twa jier in roman. Oant no ta hat er der njoggen makke, en ien berneboek. De haadfiguer yn Quist is ynspirearre op in personaazje dat Tiemersma earder opfierd hat yn de ferhalebondel Ik bedoel mar! (2016).

In jier hat er him mei Julius Quist fermakke. Skriuwen is foar Tiemersma boartsje mei wurden, lêzers útdage, se puzelje en neitinke litte oer wat der no krekt stiet. Hy brûkt hjir en dêr wurden dêr’t je de betsjutting bêst efkes fan opsykje kinst yn it Frysk wurdboek omdat it net mear deistich brûkt wurdt. Wa seit noch pesjantelet of ferskronfeljen? Troch it hiele boek hinne krije lêzers ek ferwizings. Oan ‘e ein wurdt meastentiids dúdlik hokker rjochting de skriuwer op woe. ,,It moat al in bytsje útdaagjend wêze om in ferhaal te lêzen”, fynt er. ,,En fansels moat ik der wille fan hawwe om it te skriuwen.” Hy makket er ek in spul fan. Gnizend: ,,Ik mei lêzers graach op ’e ferkearde poat sette.”

De kop derby ta hâlden

Wa’t oan in boek fan de âld-skoalmaster – hy stoppe yn 2014 mei lesjaan oan De Stapstien yn Kollumersweach – begjint, moat der wol goed om tinke de kop derby ta hâlden. Hy boartet maklik mei tiid: it giet fan it no, nei it ferline en linich fan ’e takomst wer nei it no. Yn Quist sitte ek wer allegear fan dy trochtinkers. Sa komt der bygelyks hieltyd in fleantúch foarby, de Uiver. Wêrom, wat moat dat ding dêr?, freget de lêzer him ôf. Dat âlde fleantúch is in Douglas DC-2. Doetiids, yn 1934 waard it troch KLM kocht. It fleantúch wûn in datselde jier in race fan Ingelân nei Australië en in moanne letter ferûngelokke in tastel. It fleantúch yn Quist stoart ek del, dochs sit it krekt oars as je ferwachtsje soene. Mar dat wurdt letter ûntbleate. Ek de ein is hiel oars as je tocht hiene. It rint bysûnder ôf mei de master. Doe’t syn frou Tineke it lies, sei se: ,,Aah, werom no? Sy hie begrutsjen mei him.’’

Quist is eins mar in frjemde kwast. In stive harke, altyd gesicht yn ’e ploai, hiel korrekt en bot op himsels. Hy reizget eltse dei mei de trein nei syn wurk, jout net safolle om syn learlingen en giet ek noait nei de leararekeamer. As er stroffelet en wer opstiet, begjint er oan in frjemde reis. Hy giet op stap mei in lege rolstoel en op it lêst stapt der ek in âld hardershûn, troch Tiemersma omskreaun as in goede harder, mei him mei.

De reis oer binnendykjes giet fan Ljouwert fia Weidum, Baard, Jorwert, Tsjom en Hitsum nei Harns. Quist moetet allegear minsken dêr’t er mei oan de praat rekket en hy bedarret sels op in brulloft. Hy oernachtet by guon dy’t der ûnderweis tsjinkomt, wylst er noait op besite gong. Hy sjit fan ’e iene emoasje yn de oare. Hy, Quist, dy’t noait sjen lit hoe’t er him fielt, kin dochs lulk wurde of sympaty hawwe foar in oar.

Tiemersma moat gnize. ,,Hiest ‘m net troch?” Neist de duvel – Hope you guess my name –, komt Quist ek yn ‘e kunde mei de Hear. Tiemersma lit God opdrave as fotograaf, ien dy’t alles yn byld fêstleit. It is de harder fan de fotograaf dy’t Quist beselskippet op it lêste eintsje fan ’e reis. Quist moat yn Harns syn ein fan ‘e reis beslisse: sil er nei it feesteilân Skylge of dochs nei Flylân? ,,Hy moat kieze tusken de himel en de hel.”

Kafkaansk

It ferhaal docht ferfrjemdend oan, hast Kafkaansk. Tiemersma hâldt fan it betinken fan situaasjes dy’t wol kinne, mar dochs nuver binne. Is it wier of net? ,,Ik mei graach bûten de werklikheid skriuwe.” En der is wat aparts mei de personaazjes. Sa tôget Quist in drôvige skiednis mei him mei, hat in hazzelippe, syn heit is betiid stoarn en syn relaasje mei mem wie net sa sûn. Sy koe net omgean mei it ferlies fan in dochterke. ,,Dy relaasje is yndie hiel apart. Mar nim fan my oan, sokke dingen barre ek yn it echt. Datst tinkst, mâler kin it dochs net? Dat kin net wier wêze! Mar it is al sa.”

Tiemersma hat ris sein yn 2010 dat er net mear skriuwe woe. Hy hie alles wol sein. Mar, sa moat hy bekenne, skriuwer binne je of net. En hy is der ien. It skriuwen lit him dochs net mear los sûnt er dêr op syn fyftichste serieus mei begûn. En ynspiraasje is der, altyd. Wêr oft er it weihellet? ,,Moatst it sa sjen: der stiet in muorre foar my mei allegear sletten doaren. En sa no en dan giet der ien iepen. Dêr stap ik dan trochhinne en dêr sit in ferhaal. It is krekt as mei in nêst fûgels: wa’t it earst ropt, krijt it earst fretten.”

Hy set him dan del en begjint gewoan. ,,Earst lês ik in gedicht om ’e geast yn ’e skriuwersmodus te krijen.” Tiemersma tekenet noait foarôf de ferhaallinen út. Notysjes makket der ek net mear. De measte ideeën komme nachts om in oer of trije. Dan wurdt er wekker, tinkt er der efkes oer en leit him wer del. ,,Ik hie eartiids wolris in kladblok neist bêd, mar no ek net mear. Ik ûnthâld it wol.”

Tiemersma is as minske it tsjinoerstelde fan Julius Quist – hy past witte faak op ’e bernsbern, is troud mei Tineke, hat in grutte platekolleksje en docht frijwilligerswurk foar bygelyks Tresoar -, mar wie wol fan doel yn syn fuotspoar te trêden. It like him wol wat om de rûte mei in rolstoel te rinnen en yn ’e doarpen lêzers te moetsjen en syn nije boek út te suteljen. ,,Mar doe kaam koroana.”

Eins soe de skriuwer syn boeken allinnich noch as e-book útbringe. Hy hat sels útfûn hoe’t soks wurket. ,,In e-book is better foar it miljeu, it is goedkeaper, it kostet gjin papier en nimt gjin romte yn ’e boekekast yn”, seit er. Hy tocht ek dat soks de takomst hie, mar it papieren boek wurdt noch hieltyd ferkocht. Dat hy lit syn boeken dochs ek mar wer útjaan op papier. ,,Mar dan moat it der al moai útsjen, oars hoecht it om my net.”

loading

Titel Quist

Skriuwer Koos Tiemersma

Utjouwerij Het Nieuwe Kanaal

Priis 19,95 euro (238 siden)

www.koostiemersma.nl

www.hetnieuwekanaal.nl

Je kunt deze onderwerpen volgen
Boeken
Friese taal en cultuur
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct