Met zijn boek Testamint fan de siel zet Hylke Speerstra een punt achter zijn schrijverschap. ,,Ik wol net mear sa lang yn in ferhaal wenje. Dit is myn lêste boek.” Op 7 juni wordt hij 85 jaar.

Uitverteld lijkt Hylke Speerstra nog lang niet. Maar proza schrijven kost energie, tijd en veel toewijding. In die zin is het eenzaam werk. De jaren die hem nog resten wil hij niet meer doorbrengen in perioden van afzondering. Een paar keer klinkt het stellig: ,,Ik wol tenei wer tegearre mei Roelie it libben oereidzje, wer faker tegearre dingen ûndernimme, aanst wer frij reizgje nei de bern, bernsbern, freonen.”

Het vertrouwde vaarwel zeggen en loslaten, dat vergt moed. Je moet het maar kunnen en durven. Goed, hij laat zijn oeuvre na: zestien Friese titels, plus drie in het Nederlands geschreven maritieme verhalen (waarvan eind dit jaar een omnibus verschijnt) en een tiental vertalingen in het Nederlands en Engels. Betrokkenen bij zijn laatste schrijfproject beweren dat Testamint fan de siel zijn magnum opus zal zijn, het meesterwerk van zijn oeuvre. ,,Oft dat sa is, moatte oaren mar útmeitsje. Ja, der sit yn dit boek mear fan mysels, fan myn eigen libbensûnderfining.’’

Speerstra zette in 1996 een punt achter zijn journalistieke carrière. Tot zijn zestigste was hij hoofdredacteur van de Leeuwarder Courant en daarna besloot hij met vervroegd pensioen te gaan. Nu kon hij zich volledig wijden aan het schrijven van verhalend proza. Ja, hij hield van de journalistiek, maar is toch vooral een verhalenverteller. Een, zoals hij het omschrijft, schrijver van oral history . Daarmee gaf hij ‘de echte laatste’ schippers, boeren, oude huisdokters, sporthelden en recent Indiëgangers een stem. Eerder boeide hem al de motivatie van mensen om te emigreren. Tientallen gesprekken voerde hij op alle continenten met Friese emigranten die alles achter zich hadden gelaten. Het resulteerde in de bestseller It wrede paradys (2000), waarin Speerstra die landverhuizers portretteert.

Verhalen vertellen zit volgens Speerstra in de biologische bedrading van de mensen. Maar door de moderne communicatiemiddelen lijkt die drijfveer uitgeschakeld. ,,Ik wit noch dat by ús thús op jierdeibesites fan omkes en muoikes aloan moaie ferhalen ferteld waarden. Se giene yn wêzen faak oer tsjinslach en oer hoe’t dy oerwûn wurde koe. De ferhalen lieten fiele dat oaren noch slimmere dingen meimakke hiene as de ferteller sels.’’

In Testamint fan de siel verwoordt een van de personages het als volgt: ‘Yn in folslein rjochtfeardige en gelokkige wrâld soene wy gjin ferhalen en ek gjin keunst nedich ha. Ferhalen binne weardefol om’t se wat meitsje kinne dat stikken gien is, yn elk gefal yn ús ferbylding.’

Journalisten

Terug naar de journalistiek. Journalisten vertrouwen het krantenpapier niet zo vaak langere verhalen toe. De schrijvers van nu zijn voor het merendeel geen prozaïsten, concludeert Speerstra een beetje weemoedig. Zinnen moeten kort en helder, de boodschap mag niet te lang. Anders haken lezers af. ,,Logysk. De sjoernalistyk stiet ûnder de tucht fan hurry - up . De sjoernalisten moatte hjoed ek twa hearen tsjinje: de digitale wrâld en it papier.”

Hij heeft wel makkelijk praten, erkent de oud-hoofdredacteur. In zijn tijd was niets te dol. Het geld klotste hier en daar bij de plinten op en abonnees leken er genoeg te zijn. Tegenwoordig moet er meer werk met veel minder mensen worden gedaan. ,,Wy hiene op de tûzend abonnees in redakteur.’’ In Speerstra’s tijd telde de Leeuwarder Courant – hij was er hoofdredacteur van 1989 tot en met 1996 – een slordige 120.000 abonnees. ,,Op ’e top fan ’e weagen haw ik ôfskied nommen.”

Ook al draait hij al een tijdje niet meer in het vak mee, hij is bezorgd over de toekomst ervan. Hij ziet dat journalisten nog amper tijd krijgen de provincie in te trekken. ,,De krantenmagnaten, ynhâldlik net mear te fergelykjen mei de courantiers fan eartiids, roppe wakker: Wij moeten verhalen vertellen. Mar de kreet is net mear as in klisjee út de lange rige kursusboeken oer modern management.”

In zijn Testamint fan de siel laat Speerstra het personaazje Ids Faber het zo zeggen: ‘ Kom, wy skriuwe in ferhaal, en as wy hjir en dêr de werklikheid stilearje, dan dogge wy dat net om de wierheid te ferswijen of te ferblomkjen, mar om de oannimlikheid fan it ferhaal te fergrutsjen en de skjintme fan it wurd te tsjinjen .’

Als verslaggever trok Speerstra er graag op uit om de werkelijkheid te stileren. Toen hij in de jaren zestig bij De Friese Koerier werkte, mocht hij voor die krant verslag doen van het skûtsjesilen. Hij heeft, zo blijkt achteraf, als een van de weinige journalisten de laatste echte zeilschippers geportretteerd. ,,Ik woe de hertslach fan de skipperij hearre. Dan frege ik Ulbe Zwaga: mei ik mei jo mei sile? Dan sei er: Wat moatsto no oan board! Dan sei ik: Ik skriuw der in stikje oer. O, sei er dan, kinst wol sile? En dan sei ik wer: no in bytsje. Hy wer: in bytsje ha wy neat oan! Mar ik mocht wol mei en sa koe ik skriuwe wat der oan board yn de minsken omgie.’’ Speerstra staart even voor zich uit door het raam, de tuin in. ,,Dan frege de man by de swurdlieren my: Hearsto de swurdline sjongen? Ja, ik hearde it en ik skreau oer it sjongen fan it skip, oer de stim fan it wetter, it wie it mytyske fan it hiele barren.’’

Underklean

Speerstra en zijn collega’s werden nog door hoofdredacteur en chefs de provincie in gestuurd. Ze kregen alle creatieve vrijheid. ,,It wie ris op in smoarhite simmerdei dat fotograaf J.D. de Jong en ik mei de moaiste ferhalen thúskamen. Oer minsken út alle hoeken fan Fryslân. Oer de man dy’t yn ’e ûnderklean oan de seine stie. En tusken Mirns en Starum wie in boer dy’t sei: ik ha de frou de hiele dei yn de kelder, it sloof kin net oer de waarmte. Mei lytse dingen in grut ferhaal meitsje oer de kondysje fan de mienskip fan doe. Sa koe de sjoernalist de chroniqueur fan syn tiid wêze. Dy konneksje tusken redaksje en mienskip stiet op brekken. It nijs ferynstitúsjonalisearret. De regioredaksjes dy’t harren werom lutsen ha út de provinsje, de streekblêden kinne net mear út en sille foar it grut part ferdwine. Sa wurde aanst de lûden, de stimmen út de mienskip bûten de ‘hoofdplaats’ hast net mear heard.’’

Speerstra steekt ook de hand in eigen boezem. ,,Ik bin der as haadredakteur ek net altyd yn slagge en meitsje fan in sintrale redaksje in perfekte spegel fan de identiteit fan ús mienskip fan âlve stêden en omkriten. Digitaal kommunisearjen is sa oars, je sitte tefolle mei de kop yn it byldskerm, dêrmei ûntkomt de sjoernalist it ien en oar.’’

In de huiskamer aan de eettafel in Heerenveen valt het weer even stil. De Friese staartklok laat twee slagen vallen. Speerstra: ,,In teatermakker soe oer de feroaring op de kranteredaksjes en it diels weifallen fan de krante as ferbining tusken wrâld en húshâlding in teaterstik meitsje kinne. Op it gefaar ôf dat itselde bart as doe’t ik yn 1973 in boek yn it Nederlânsk skreau oer ‘De laatste echte skippers’. De jonge skippers fan doe stiene op de efterste poaten, stroffelen oer dat ‘de laatste echte’. Mar der wiene doe al gjin ‘oerskippers’ mear dy’t noch sûnder de moderne helpmiddels farre koene.’’

Het gesprek gaat over op de Friese taal en hoe hij die gebruikt in zijn laatste werk Testamint fan de siel . Over het ritme van de zinnen, de toon van het verhaal. Dan staat Speerstra op en loopt naar de keuken waar gedichten op de koelkast zijn geplakt. Hij draagt de eerste regels voor van een gedicht van Baukje Wytsma: ,,Ik dreamde my in tún fan dy en my. Sa’n rigel. Skitterjend!’’ Waarom juist dit sonnet citeren? ,,It sit as sonnet perfekt yn inoar. Ast skriuwst moast dy hieltyd ek ôffreegje: hoe rinne de sinnen, hoe dûnsje de wurden efter inoar oan? Moai skriuwen hat mei muzyk te krijen. Wêrom is in meldij prachtich en dêrmei ûnferjitlik? Wêrom grypt in meldij fan Schubert minsken by de strôt? Hy brûkt deselde noaten as elkenien, mar hy set se sa efter inoar dat it dy meisleept.’’ Verontschuldigend: ,,Mar pas op, ik wol my net fergelykje mei in sjeny as Schubert.’’

Herbarium

Nog een fragment uit Testamint fan de siel om te onderstrepen hoe Speerstra de schoonheid van de taal heeft willen benadrukken. Een Friese emigrant in Canada vindt op zijn oude dag het herbarium uit de kindertijd van zijn overleden vrouw: ‘ Ik sloech it boek iepen en seach tsjûgenissen fan wat ienris ús wrâld fol kleur en rook west hie: ús Fryske wetterlân mei syn dracht oan snilen, raai en blommeguod. De plantenammen, sa flitich skreaun mei wisse famkeshân. Planten, troch de tiid platdrukt en fersketten fan kleur, flústeren harren nammen: earrebarrebrea, snoekeblêd en boerebalsum. Bûtergieltsje, skieppeblom, hynsteblom en bargeblom, grutte bûterblom en bearzeblêd, timkegers en bargeraai’.

,,Dy opsomming fan dy blommenammen is in bytsje Schubert’’, vindt Speerstra. Een manier om te checken of de toon van het proza echt deugt, is het voor te lezen voor een zaal. Speerstra doet dat graag. ,,At it no plattelânsfroulju of leden fan de rotaryklup binne, ast net boeist moatst dysels ôffreegje: wat haw ik net goed dien? Ik ha gauris tegearre mei Rink van der Velde foar selskippen optreden. Liezen wy út ús eigen wurk foar, dan namen wy boekesiden dêr’t de helte útskrast wie. Der moat gong yn sitte, oars is it sieddeadzjend proaza. Foarlêze út eigen wurk is in learsume les foar elke jonge skriuwer.’’

De schrijver heeft altijd graag op het podium gestaan om uit eigen werk voor te dragen. Het heeft hem ook wel eens kritiek opgeleverd. ,,Ik wie yn it earstoan wat ekstravert, tsjûge fan in oan naïviteit grinzjende iepenheid. Der wurdt noch wolris sein dat ik in kommersjele auteur bin. Dat hat my ek wolris stutsen, want ik helje myn relatyf hege oplagen fansels net trochdat ik graach foardraach út eigen wurk. In skriuwer skriuwt in boek om’t er it útjûn ha wol. Sa is elke skriuwer in bytsje in ekshibisjonist. Kom op, gjin falske beskiedenheid, hast dochs wat te fertellen? Goed, der binne ek geweldige skriuwers dy’t plankekoarts ha. It leit net elkenien om yn it iepenbier op te treden.’’

Hoe het komt met de Friese taal? In Friesland hebben de instanties miljoenen euro’s te besteden. ,,Ja, jild is der by de fleet. Ek foar it Frysk. Der hinget hiel wat oan it subsydzje-ynfús. Terjochte. En rjochten ha wy ek by de rûs. Ek foar it Frysk. Wa’t ropt dat wy dy rjochten net ha, is blyn. De taalgrutskens giet achterút, dat is it. Ta myn ferbjustering en fertriet ek by mennich Fryske sjoernalist. Ik kin dat net goed ferneare. It hat ek mei ambysje te krijen. In heale iuw lyn wie in Fryske sjoernalist dy’t net in bytsje knap Frysk skriuwe koe, in healen-ien. Mar no kin it blykber wol wat lije. Omdat de taalgrutskens by in soad lêzers ek fuort ebbet? En is buormans leed treast. Lytse talen krije it dreech, ek it Nederlânsk.”

Dan over naar zijn laatste boek waar hij een paar jaar aan heeft gewerkt. In Testamint fan de siel zijn door de schrijver twee levens met elkaar verweven: dat van Thomas Akkerman en Ids Faber. De namen zijn gefingeerd, hun verhalen lagen al jaren in de la. ,,It binne twa libbens dy’t echt libbe binne, mar dy’t ik opnij ferbylde ha. Ik doar it in roman te neamen.’’ Hij kan nauwelijks nog aangeven wat waar gebeurd is en wat hij heeft verzonnen. ,,Mulisch sei it al: een schrijver leeft in een wereld van vrijheid.’’

Rodeofestival

De twee hoofdpersonen in het boek beleven, geheel los van elkaar, een verschrikkelijke jeugd. De een in Friesland, de ander tussen een groep mislukte immigranten op de Canadese prairie. Pas als tachtigers ontmoeten beide mannen elkaar per toeval op het rodeo-festival van Calgary. Hoe bestaat het dat hun levens zo op elkaar lijken? Beiden lopen rond met lang verzwegen verhalen over hun nare jeugd, maar zijn toch goed terechtgekomen Ze trouwden met de liefde van hun leven (‘ek al wie der wolris wat’), ze kregen kinderen en maakten carrière. Na hun ontmoeting vertrouwen ze elkaar hun levensgeschiedenis toe en besluiten samen een boek te schrijven over hun beide levens. ,,Harren memmen waarden ta wanhoop dreaun troch manlju dy’t mei harren fiergesichten en dreamen der net wiene as se der wêze moasten. As jonges waarden se oan har lot oerlitten, mar troch it tafal wisten se te oerlibjen. It wie as koene se it tafal nei harren hân sette.’’

Speerstra was opgelucht toen het verhaal klaar was. Het was geloofwaardig, het ontroerde zijn meelezers. Was het klaar? ,,Ik koe der teminsten ôf sjen. Dan joust it oer. Mei al syn lek en brek miskien, mar ik haw alles mei ynmoed opskreaun. Mei hert en siel.”

Tot voor kort had Speerstra moeite zichzelf schrijver te noemen. Hij voelde zich lang journalist, een doorgeefluik van verhalen van mensen met boeiende levensgeschiedenissen. Maar nu hij zijn laatste boek heeft geschreven, durft hij er voor uit te komen: ‘Ik wie skriuwer’. Verhalen vertellen kan literatuur worden als er sprake is van vertelkunst. ,,As in oar seit datst dy keunst ferstiest, dan begjinst dat op ’t lêst wol te leauwen.’’ Over aandacht voor zijn schrijven heeft hij sowieso nooit te klagen gehad. Zeker niet nadat hij als schrijver ook in het Nederlands doorbrak. ,,Mei de oplagen bin ik bedoarn, fiel ik my befoarrjochte.”

Toch heeft hij met zijn schrijven nooit literaire prijzen gewonnen. ,,Dat haw ik ek wol in bytsje oer mysels ôfroppen. Ik skreau non-fiksje, oan fiksje haw ik my lang net weagje wollen, alhiel net oan fernijende literêre eksperiminten. De sjuery fan de Gysbert Japicxpriis wie ornaris o sa nei it lêste op syk, haw ik út de notulen en sjuryferslaggen opmeitsje kinnen. ‘Speerstra rêdt him as skriuwer sels wol’, brocht in sjuerylid yn. Der is wat foar te sizzen.”

Geweigerd

Maar heeft hij destijds de Rink van der Veldeprijs niet geweigerd? ,,Dat hat efternei besjoen net goed west.’’ Beetje dom ook, erkent hij. ,,Je moatte noait in literêre priis wegerje, je kinne der de yndruk mei wekke dat je as in miskend sjeny omrinne. Ek ast de boel net fertroust, do moatst it spul meispylje, sei Rients Gratama, myn ferstoarne freon dy’t ik noch altyd ferskriklik mis. De Rink van der Velde-priis wie doe ek mear bedoeld as oanmoedigingspriis foar jongere prozaïsten. Ik hie wylst tsien boeken skreaun, wie as Fryske auteur op de Nederlânsktalige boekemerk trochbrutsen, hie it op dat stuit smoardrok. It gie by my lâns, ik woe net meidwaan. ‘’

,,Neibesjoen wol frjemd, ik ha my altyd mjitte wollen mei oaren. Op redens, skeelers, hurdfytse, drave en hurdsile. Ik woe altyd winne, wie net te benaud om ek te ferliezen. Mar ik ha altyd wegere in boek of ferhaal yn te stjoeren foar in priis. Minsken dy’t oer it wurk fan in oar oardiele, dat stie my wat tsjin.’’

Ja, Testamint fan de siel is echt zijn laatste boek. ,,It binne Slauerhoff syn wurden: alleen in mijn gedichten kan ik wonen. Dat is in like moaie as tragyske sin. Der leit in hiel tiidrek efter my en dy tiid haw ik wol aardich brûkt. Ja, der siet in soad ambysje by. Mar ik wol mei de frou werom nei normaal. Yntusken alles fan myn favoryt Paustovsky lêze. En hjir leit noch in Thomas Mann op my te wachtsjen.’’

Heimwee

Samenvattend: ,,Ik wenje noch yn in hûs mei myn oarehelte en wy binne noch tegearre, sûn en wol. Tegearre is ien fan de moaiste Fryske wurden. En dan is der ús keppeltsje bern en bernsbern. Hiele talintfolle jonge minsken dy’t goed yn it libben steane, ambysje ha en stik foar stik op eigen wjukken fleane. Dêr kinst dy as pake en beppe gewoan oan oplûke, fan harren dwaan en litten wol ik yntinser tsjûge wêze’’

Zo meteen als de wereld weer van het slot gaat, wil hij naar Canada. Naar zijn kleindochter. ,,Dêr wenje dyjingen dêr’t ik myn Testamint fan de siel oan opdroegen ha: ús pake- en beppesizzer Sietske, medyske biologe oan in universiteitssikehús en har man Eric Tebby. De ferhalen en de koroana hawwe ús thúsholden, mar yn wêzen bin ik gjin húshin mar in mantsje fan ‘fernweh’ en fan ‘heimwee’. Wol immen thúskomme, dan moat er ek ris fuort.’’

loading

Boek: Testamint fan de siel Uitgever: Bornmeer Prijs: 29,90 euro (440 bladzijden).

Je kunt deze onderwerpen volgen
Boeken
Interview
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct