Mindert Wijnstra.

Skriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra hat net lang mear te libjen: 'It hat goed west. Ik ha myn talinten brûkt'

Mindert Wijnstra. FOTO NIELS DE VRIES

Mindert Wijnstra, skriuwer en ferhaleferteller, is útskreaun. Hy hat net lang mear te libjen. Op syn stjerbêd makke er it moaie jongereinboek Jesse noch ôf. ,,It hat goed west.”

Yn maart kaam it berjocht dat Mindert Wijnstra nei hûs brocht wie. Om te stjerren. Prostaatkanker, no. Mar in lyts heal jier letter is er der noch, ek al leit de dea hieltyd op ’e loer. De wyks foar dit petear hie er noch in grouwe tebeksetter. Mar hjoed is er dochs yn de rolstoel holpen, foar it earst wer nei in wike. .,,Dat praat wat nofliker, no.”

It hie net folle skeeld of Jesse , syn lêste boek, hier der net west. Hy hie it ein ferline jier al ôf, mar fan ’e maitiid hat er der, lizzend op bêd, noch oer gear west. Mei help fan Thys Wadman, ,,berneboekeskriuwer en freon. Dy hat my holpen om de puntsjes op de i te setten.” Hy wie oars krekt op ’e tiid thúskommen, ,,halje-trawalje op hûs oan”, in dei foardat de boel op slot kaam fanwegen koroana. ,,It wie yn Bloemkamp net mear slagge.” En dat er it boek noch beethâlde soe, hy hie it eins ek net mear ferwachte. ,,Midden yn de simmer ha ik de Afûk noch maild: wannear komt it? Oars wurdt it in postume útjefte...”

Jesse giet oer in jonge fan in jier as 12, dy’t, twongen troch de kriminele aktiviteiten fan syn heit, mei syn mem ferhuzet fan Ljouwert nei de pleats fan syn pake. It is in tige meinimmend boek wurden, net allinne foar de doelgroep (bern fan 12, 13 jier) mar ek foar folwoeksen lêzers ,,Dat hear ik wol faker, fijn om te hearren.”

It hek

Hiel tûk: Wijnstra lit syn jonge haadpersoan reflektearje op it geve, soms wat âldfrinzige Frysk fan syn pake. Dan is it wol wat skrikken as Wijnstra it hat oer ‘it hek’ yn pleats van ‘de hikke’. Hy laket. ,,Ik hie dy derby ha moatten.”

Ferhalen fertelle docht Wijnstra ornaris foar folwoeksenen, mar syn boeken binne meast foar bern en jongerein. Dat is sa kommen doe’t er, as ûnderwizer in Warns, syn learlingen Fryske boeken foarlêze woe. ,,Der wie eins neat te finen wat my noaske en wêr’t de bern op bite woene. It wie allegearre wat braaf, it spile him hast allegearre op it boerehiem ôf. It iene boek nei it oare. Ik tocht: dit is net wêr’t wy hinne moatte mei it Fryske boek.”

Dan sels mar ta de pinne. ,,Realistyske ferhalen, dy’t ek wol wat skuorje meie.” Mei sukses. Wijnstra syn boeken, faak yllustrearre troch dochter Babs, wûnen prizen en waarden inkeld sels oerset yn it Koreaans en it Japansk - de útjouwer dêr stjoert noch alle jierren in nijjierskaart.

Identiteit

Iroanysk genôch spilet Jesse him krekt foar in aardich part ôf op it boerehiem fan pake, oan de Waadseedyk. Foar it kontrast mei de stêd, seit Wijnstra. It is net foar neat dat it boek earst Skuorpapier hiet. Want Jesse is ommers net sa mar op dat boerehiem telâne kommen. Syn heit sit yn de Marwei: drugs. Dêrom kriget er fan syn mem in oare namme, Joshua is net in namme foar yn sa’n doarp, ornearret se. Sels syn hûn kriget (yn it asyl, hiel sneu) in oare namme, in oare identiteit.

,,It hiele boek is foar dat jonkje in sykjen nei ‘wa bin ik’. Hy wol Jesse net wêze, mar wa is er dan wol? Uteinlik bliuwt er dêr dochs, yn dy negorij, dy pleats by de seedyk. Net dat it dêr better is as yn de stêd, mar hy fynt dêr wol syn wei. Ek al wurket alles tsjin: in oare namme, in oar fermidden, dat er net fertelle kin hoe en wat.”

Om syn oars-wêzen te aksintuearjen hat Wijnstra fan syn heit in bûtenlanner makke, mei in kleurke ek noch: immen fan de Kanaryske Eilannen. Dat wie yn de earste fersy in Antilliaan. ,,Hjir, hast in scoop . De krante moat ek wat nijs ha.” It gie de útjouwer te fier, miskien sjoen de gefoelichheden mei de Antilliaanske mienskip yn Ljouwert. ,,Ik twifelje noch altiten oft dy earste fersy net de bêste wie. It floeide my út de pinne.”

It is dúdlik syn lêste boek. ,,De lêste wike fiel ik it wol, de krêften nimme ôf. Der komme allegearre klachten by. It is wol einich. Dat wit ik.” De kanker draacht er al fjouwer jier by him, en doe kaam der ek noch in harsenynfarkt by - ‘oerhaal’ seit er sels, yn moai Frysk. ,,It sit inoar dwers.” Dochs hat er noch wol ,,in hiel moaie tiid” hân, dizze moannen. ,,Hy woe fan alles noch”, seit dochter Babs. Wijnstra: ,,Ik ha der noch wol sin oan. Deropút, even nei Belvédère of sa.”

Nekskot

Sa wol er ek noch ris nei de Ljippenhúster heide. Dêr komt er wei, Ljippenhuzen. ,,As jonkje boarten wy altiten op de heide. Genôch aventueren om te belibjen. Der wie in boskwachter mei in gewear oer it skouder, en sommige plakken wiene ‘streng verboden’. Seachst him loeren mei syn ferrekiker. Tochtst: no kin it nekskot sa komme. Wat ha wy dêr net beleefd.’’ Dy spanning, hy sil it nea wer ferjitte. En spanning, it is de motor efter ferhalen.

It muoit him tige dat er dat net mear dwaan kin, ferhalen fertelle. Folksferhalen meast. ,,Dat wie fuortendaliks út mei dy oerhaal.” Hy mocht it stomme graach dwaan. Benammen op lokaasje, mei fytstochten en sa. ,,Kinst soms hiel sekuer oanwize: dêr, dy beam, dêr spilet dit ferhaal. Of in gevelstien dy’t der echt sit. ” It hat syn skriuwen ek foarme. ,,Je witte hoe’t je in ferhaal opbouwe en hoe belangryk is it om nei in goede klû ta te wurkjen. En net te gau wei te jaan.”

Ferhalen fertelle, de orale tradysje, it trochjaan fan âlde folksherhalen: it moaiste dêrfan fynt Wijnstra it direkte kontakt mei it publyk. ,,Krigest it fuort werom. Minsken laitsje of se laitsje net. Sjochst wol oft se al of net meigean. Nei in oare wrâld. Moaier kinst it net krije.”

Duvel

Mocht it net goed gean, dan kinst as ferteller altiten yngripe – troch foar in oar ferhaal te kiezen bygelyks. Wijnstra hat altiten in stik of fyftich paraat, yn syn holle. ,,Soms leit it echt oan de seal, oan it publyk. Dat kin fan doarp ta doarp ferskille. Yn sommige hoeken binne se no ienris wat stiif.” Hy is faak op paad mei akkordeonspiler Joop de Jong. ,,Dy knypeaget wolris, en dan begryp ik him daliks: hjirre mar net te folle ferhalen dêr’t de duvel al te joalich yn foarkomt.”

De ferhalen dy’t Wijnstra fertelde - ,,it is no finaal gebeurd” - binne ornaris sammele troch Ype Poortinga. ,,Dy hat my op it hynder set, hy koe my fan it toaniel.” Dat en it feit dat er ûnderwizer wie, en dan moatte je op it lêst ek fertelle kinne: in moaie boaiem foar in moaie karjêre as ferteller.

Dat ûnderwizerskip, dat docht wol fertuten. Babs fertelt oer de appgroep dy’t âld-learlingen, fan de betide jierren santich ôf, opset ha doe’t se hearden dat er siik wie. ,,Dat binne der in stik of fyftich, of wol mear. Allegearre herinneringen, eltsenien hat it deroer hoe moai as de ferhalen fan master Wijnstra altiten wiene en hoe’t dat eltsenien foarme. Se appe hast allegearre yn it Frysk, dat ha se ek oan him te tankjen.”

Wat ek út dy appkes bliken docht, seit Babs: har heit hat it bêste yn syn learlingen boppe helle. ,,Dat it net allinne gong om rekkenjen en taal, mar ek de talinten sjen, wurdearje, opbloeie litte. Sels tinke en fertelle kinne. Der wie immen dy’t sei: Mindert hat in hiel doarp opfieden. It is opfallend dat der yn sa’n relatyf lyts doarpke, mei sa’n lyts skoaltsje in hiel soad bern yn frije beroppen kamen, yn keunst, teater, muzyk, reklame.” Wijnstra sels: ,,Dan sjochst wer in bekende namme op de ôftiteling fan in tillefyzjeprogramma.”

It bliuwt spitich, seit Babs oer de oansteande dea fan har heit. Mar it hat allegearre net foar neat west. ,,It is in klisjeewurd, mar ik bin wol tefreden. Ik sjoch mei in goed gefoel werom. De tiid op skoalle, de tiid as skriuwer en ferhaleferteller, dêr ha ik allinne mar positive gefoelens oan oerholden. It hat goed west. Ik ha myn talinten brûkt.”

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct