Antsje Swart is de eks-frou fan Trinus Riemersma. Yn Bûntskildere werklikheid hat se har oantinkens opskreaun oan dizze skriuwer, de wichtichste yn it Fryslân fan syn tiid. En der komt in biografy oan.

Trinus Riemersma, de wichtichste en meast fernijende Fryske skriuwer fan de lêste sechtich jier. Ik doar it wol foar myn rekkening te nimmen. Doe’t ik Frysk as eineksamenfak hie op de milddelbere skoarre rekke ik yn de besnijing fan syn boeken. Ik hie sels in abonnemint op syn ienmanstiidskrift De Kul.

Jierren letter waard er columnist by de Ljouwerter Krante, en hoe. Ik kaam him wolris tsjin op boarrels fan de kultuerredaksje, mar ik ha him noait oansprekken doard. Ut ûntsach, tink ik, foar syn skriuwerij en foar de fleskes Westmalle Tripel dy’t er dronk. Dat is ek it bier dat ik thús it leafst drink, sis ik tsjin Friduwih Riemersma.

,,Hjir ek!”, laket se. ,,Myn soan drinkt it echt. Mar dy skriuwt noch net. Wat wit komt dat noch.”

It sit oars wol yn de famylje. Friduwih Riemersma is de dochter fan Trinus Riemersma (1938-2011). Se skriuwt sels ek, yn it kommende jier komt har dichtbundel Binêre koade ûnder de minsken. Se hat in literêr online-tiidskrift, Fers2 en in útjouwerij, Grotesk.

loading  

Kontroversjeel

Antsje Swart is har mem. Dy hat troud west mei Trinus Riemersma en hat no in boekje skreaun oer har jierren oan syn side. It wiene de jierren dat se fiif bern krigen èn dat Riemersma him ûntjûch as wichtich en kontroversjeel skriuwer. Krekt dêrom trúnde Friduwih har oan om dêroer te skriuwen - stikjes foar Fers2 , no bondele yn Bûntskildere werklikheid , ferskynd by Grotesk. Oer famylje sprutsen: omkesizzer Doeke Sijens wurket oan in biografy fan Trinus Riemersma.

,,Ik fyn dat er yn it omtinken bliuwe moat”, seit Friduwih. ,,Hy hat in hiel belangryk man west. Eltse kear as ik wer wat fan him lês, tink ik: wat spitich dat er der net mear is.” Dêrom ek dit boekje, dat mear is dan alline de persoanlike oantinkens fan har mem oan har heit. It giet ek om syn ûntjouwing as skriuwer. ,,It karakterprofyl fan de figueren yn syn romans, dat soarte dingen. Hoe die er dat? Hoe wurdt men skriuwer, hoe wurdt men keunstner?”

Dêr skriuwt Antsje Swart dan ek it ien en oar oer, en soks makket dit boek weardefol. Trinus Riemersma lies har ommers in protte foar fan wat er skreaun hie. Mar men kriget ek in aardich byld fan wa’t er eins wie, hoe’t er wurke (mei izeren dissipline, as er thúskaam fan syn wurk op skoalle oant in oere as tsien, ûnderbrutsen troch kofje en jûnsbôle) en in aardich tiidsbyld der op ta.

Riemersma wie ,,net de maklikste”, sa seit Friduwih it. ,,Nei myn skieding sei er: ik wol gjin kontakt mear mei dy hawwe. Dêr kaam er wol fan werom, mar sorry sizze? Neffens my koe er dat net. Ik kin my der ek wol wat by foarstelle. Je binne keunstner, en keunstners binne al gau egoîstysk en egosintrysk.” Se laket. ,,No en dan ferbaast it my dat Abe noch by my is.” Abe is Abe de Vries, sels dichter en essayist en wat al net.

loading  

Gerard Reve

Antsje Swart stelde har tsjinstber op, lykas dat gie yn dy dagen. Sa krige hy de kâns om, neist syn wurk as ûnderwizer, te skriuwen, wylst sy har rêde mei de bern en it húshâlden. En as op sneintemiddei skriuwers as Ype Poortinga, Tjitte Piebenga, Douwe Tamminga, Josse de Haan en sels Gerard Reve delkamen, sette sy kofje en gie doe de doar út. No witte wy noch net wat der doe besprutsen is. ,,Dêr hiene wy wol by wêze wollen”, seit ek Doeke Sijens, de biograaf.

By de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis (foar Fabryk yn 1967, hy krige ‘m yn 1995 nochris foar De reade bwarre) moast Antsje Swart tuskentroch nei hûs om de jongste de boarst te jaan. ‘De Gysbert Japicxpriis is der net foar jonge lju mei in jong húshälden en popkes”, skriuwt se.

Mar Riemersma wie sels ek net it toanbyld fan emansipaasje. ,,Ik ha it der wol ris mei ien fan myn bruorren oer hân, ik sei: hy koe wol ris hartstikke misogyn west ha. Oan de oare kant: sa gie it yn dy tiid, sa wie Fryslân doe ek.” Dat tinkt ek Doeke Sijens. ,,De moderne tiid, dy wie der gewoan noch net, doe’t er Fabryk skreau. Yn 1971 binnen se útinoar gien, no, dat jier wienen se de iennigen yn de gemeente Frentsjer dy’t skieden binne.”

It wie echt in oare tiid. As jonkje kaam Doeke wol by de Riemersma’s, op famyljebesite. ,,Se hiene hielendal neat. It idee fan lúkse wie doe ek hiel oars fansels.” Al wol it him ek wer net oan dat Trinus neat yn’e hûs die. ,,Op de foto’s dy’t der binne, is hy wol hiel faak dwaande.”

loading  

Boereroman

Trinus Riemersma hat it imago fan in eksperiminteel skriuwer, in progressyf man. It earste kloppet wol, it twadde minder. Dat docht ek wol bliken út Bûntskildere werklikheid . Riemersma idealisearre suver it âlde Fryslân, joech syn ben dan ek âld-Fryske nammen als Redmer, Thiadmer en Friduwih (,,Ik bin der wiis mei, mar ik moat it wol altiten staverje”). It griisde him oan dat de agraryske maatskippij ferdwûn. Dat minsken twongen waarden om op it fabryk te wurkjen yn pleats fan op it lân. Krekt dêr giet Fabryk oer.Friduwih: ,,Dat wie gewoan in boereroman. In âlde boadskip yn in nij jaske.”

Se wit noch dat Trinus it mar neat fûn dat de minsken yn har strjitte yn Amsterdam de tún dwaan lieten troch in túnman. ,,Dat moasten je sels dwaan, Mei de hannen yn de modder.” ,,Hy hat him net ôfsetten tsjin syn âlderlik fermidden”, mient Sijens, ,,wol tsjin de tsjerke fansels.”

Antsje Swart, yntusken, gie har eigen wei, mei de tiid mei. Sijens neamde de skieding al. ,,it wie finaal op”, seit Friduwih. ,,Wy seagen it mis giean, dat woe foar ús wol hiel aaklik.” Swart lit har dêr net oer út yn har boek. Mar se gie har eigen wei, troude wer en hat sels Spaansk en literatuerwittenskip studearre. Se js net ôfstudearre, ,,dêr hie se gjin nocht oan. Se die it foar de hobby.” En, ferklapt Friduwih, eins ek tsjin de sin fan har twadde man.

Foar de skiedskriuwing fan de Fryske literatuer is it goed dat Antsje Swart no har ferhaal ferteld hat. En se sil grif noch mear fertelle oan biograaf Doeke Sijens, ,,ek al woe se dat earst net”, neffens Friduwih, ,,se seach harsels dochs as de eks fan de grutte skriuwer.” Mar Sijens is wiis mei har ynbring, en dy fan Riemersma syn twadde frou Dineke.

loading  

Goed ûnthâld

,,Twa froulju mei in goed ûnthâld, dêr ha ik gelok mei”, seit Sijens.. ,,Ik freegje my ek wol ris ôf, wurdt dit net tefolle in famylje- business ? Mar net ien oars wie der noch mei begûn, dat lit ik it dan mar dwaan. Ik lis der ek net wekker fan, wy ha him fansels it bêste kend.”

Moai foarbyld dêrfan: de folslein eigen stavering, dy’t Riemersma der in jiermannich op nei hold, en dy’t dochs wol in protte potinsjele lêzers ôfskrikte. ,,Dat wie ek tekenjend foar syn eigensinnigens, dat koe him neat skele. It moaie is: dy stavering, dat is Ferwerters, wêr’t er weikaam. Dat hat er perfekt opskreaun. As ik dat lês, hear ik myn famylje praten.”

Dizze biografy moat earne kommend jier ûtkomme (en net by útjouwerij Grotesk fan nicht Friduwih mar by Weidemeer), as Riemersma tsien jier dea is. Ek dit boek sil benammen oer de jierren sechstich gean, it tiidrek dat Riemersma syn, neffens Sijens, bêste boeken skreauw en dat der ek it measte om te dwaan wie - oant syn ûntslach as ûnderwizer en dong op de ruten oan ta, dêr skriuwt Ansje Swart ek wiidweidich oer.

,,It moat in tagonklike, heldere biografy wurde. Dat ha ik ek fan Trinus leard: dy hat altiten hiel helder skreaun, hy koe werklik net oars. Dat is myn foarbyld.” En wat grif oan de oarder komme sil: syn humor. ,,Der binne dochs in protte misferstannen oer him. Dat er dreech, grimmitich, swier skreau. Ik kin my dat net foarstelle. Der siet yn protte humor yn syn boeken en syn columns, hy koe hiel pleagerich wêze. Hy wie nammers ek sosjaler as men wol tinkt. Hy hie altiten wol sin oan in feestje.”

loading  

Antsje Swart: Bûntskildere wurklikheid , oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma. Utjouwerij Grotesk, 94 siden, 15 euro

Je kunt deze onderwerpen volgen
Boeken
Friese taal en cultuur
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct