Jehannes Boorsma heeft 30 verhalen gebundeld in zijn nieuwe boek.

Jehannes Boorsma debutearret op syn 75’ste mei It sit sa: 'Se sizze wolris: Do bist manysk posityf'

Jehannes Boorsma heeft 30 verhalen gebundeld in zijn nieuwe boek. FOTO JILMER POSTMA

Hy besiket ek wolris om in serieus ferhaal te skriuwen, mar steefêst fleant er nei tsien rigels al út ’e bocht. En dus beheint er him ynearsten mar ta komyske ferhalen. Jehannes Boorsma debutearret op syn 75’ste mei It sit sa .

Jehannes Boorsma wit mar al te goed dat er op syn leeftyd ta de risikogroep heart en dus hâldt er de oardel meter ek by him thús yn Drachten safolle mooglik yn stân. Om’t ien fan syn pakesizzers yn Amearika studearret, komt it praat al gau op de koroanaramp dêr, op Trump, op de Nederlânske Trumpbewûnderer Baudet en foardat er it sels yn ’e gaten hat, giet it oer Theo Hiddema. Boorsma komt fan Ferwert, Hiddema fan Holwert. Se ha by elkoar op skoalle sitten, op it lyceum yn Dokkum.

Jehannes Boorsma: ,,Hy die hbs-a, ik hbs-b, dat wy sille net by elkoar yn ’e klasse sitten ha, mar ik wit noch wol dat ik him in kear fiif gûne liend ha. Dat wie foar in skoaljonge in aardich bedrach yn dy tiid. Doe’t ik it in wike letter noch net werom hie, sei ik: der komt alle wiken twa gûne by. It is no sân gûne. Doe’t it oprûn wie nei 25 gûne waard Theo fan skoalle stjoerd en hie er my noch altyd net betelle.’’

,,Jierren letter seach ik ynterview mei him op ’e televyzje en sa ûntdekte ik dat er advokaat wie yn Maastricht. Dat ik him belje. Ik sei: ‘Theo, do praatst mei Jehannes Boorsma.’ It earste dat er sei, wie: ‘Do krijst noch 25 gûne fan my.’ Dêr koe’k wol om laitsje. Mar it jild ha’k noait krigen.’’

Jehannes Boorsma mei dan no pas debutearje, ferhalen skriuwe docht er al jierren. As er in ferhaal klear hie, kaam der in nytsje yn en bedarre it yn in laad. Hy skreau foar syn eigen wille, publisearje wie oant foar koart noait yn him opkaam.

Dat sil mei komme om’t er yn syn deistich wurk mei folslein oare saken as boeken en literatuer dwaande wie. ,,Nei de hbs en myn tsjinsttiid waard ik fertsjintwurdiger yn elektroanyske rekkenapparatuer. Dat wiene doe noch dingen as grut as in teetafel, se kosten 5000 gûne, en it iennichste dat se koene, wie optelle, ôflûke, fermannichfâldigje en diele. It wie wat nijs, dat ik woe dy útdaging mar al te graach oan.’’

,,Nei’t ik dat in jier as seis dien hie, trof ik by de AGO – ien fan myn klanten – in man dy’t tsjin my sei: ‘Oer tsien of fyftjin jier kinst dy dingen by de HEMA keapje.’ Ik ferklearre him foar gek, mar doe’t ik my der letter wat yn ferdjippe, tocht ik: hy hat gelyk, aanst lûk ik oan in dea hynder.’’

Boorsma sollisitearre as fertsjintwurdiger by in hannelsfirma yn medyske apparatuer. Op grûn fan in test by de sollisitaasje makken se him fuortendalisk medysk koördinator en moast er de kontakten mei it managemint fan sikehuzen ûnderhâlde.

,,Dêr siet ik as snotaap alle dagen tusken de sigaren smokende manlju mei snorren en fan dy heale briltsjes dy’t altyd gelyk hiene. It duorre mar in pear jier doe waard ik harren baas en koe ik se in moaie regeling foar prepinsjoen oanbiede. In oantal jierren letter krige ik in sit yn ’e Ried fan Advys, mar dêr is troch in swier auto-ûngelok in ein oan kaam. Op myn 51’ste siet ik thús.’’

Reinier Paping

Jierrenlang hie er in grut part fan syn tiid yn auto’s en fleantugen trochbrocht, en no siet er ynienen thús. En foel er yn it bekende swarte gat. Of net? ,,Eins wol. Net dat ik depressyf wie, mar ik hie wol yn ’e gaten dat ik wat fine moast. Dat waard de genealogy, en letter it skriuwen.’’

By it genealogysk ûndersyk gie it him net allinne om de nammen fan syn foarâlden, mar foaral om de ferhalen efter dy nammen. Bygelyks oer syn heit en pake dy’t beide yn it ferset sitten hiene. ,,Us pake hat sels yn konsintraasjekamp Braunschweig yn it noarden fan Dútslân sitten, mar dêr wist de famylje eins neat fan ôf. Ik haw útsocht, wêr’t er sitten hat, hoe’t er út it konsintraasjekamp ûntsnapt is oan de ein fan ’e oarloch en hoe’t er rinnend en hjir en dêr in aaike stellend – hy moast al iten ha – wer thúskommen is. Ast ienkear oan sokke ûndersiken begjinst, hâldst noait wer op.’’

Hy waard hieltyd betûfter as ûndersiker. Hy die genealogysk ûndersyk foar freonen, ûnder oaren foar Reinier Paping - ,,ik ha noch ûntdekt dat er famylje is fan Jan Uitham’’ - , mar hy waard ek ynskeakele troch skriuwers. Sa hat er foar Reinder Postma, dy’t dwaande is mei in boek oer Ferwertereadiel yn ’e oarloch, gâns feiten boppe wetter helle. Ek foar it twadde boek fan Loes Dijk – se debutearre sân jier lyn mei De oorlog van mijn vader – hat er in soad ûndersyk dien.

It wie ek Loes Dijk dy’t him op it idee brocht om in útjouwer te sykjen foar syn koarte ferhalen. Boorsma: ,,Eins skriuw ik dy ferhalen al moai wat jierren. Dat is begûn op Skylge, dêr’t wy altyd in grut part fan ’e simmer op in camping trochbringe. De ferhalen dy’t ik skreau stjoerde ik nei in goeie freon, in bistedokter yn Grins, dy stjoerde sýn ferhalen wer nei my. Wy joegen elkoar kommentaar, dêrnei kaam der in nytsje yn en wie it klear.’’

Hartstikke moai

Sels hie er net it idee dat de ferhalen goed genôch wiene om te publisearjen, mar sa no en dan krige er sinjalen dat guon minsken der in soad wille oan belibben. ,,Us heit libbe doe noch, dy siet hjir op ’e bank mei te triennen yn ’e eagen fan it laitsjen doe’t er in pear fan de ferhalen lies. Us mem sei, nei’t se wat lêzen hie: ‘Do moatst net sa raar Jehannes.’ Dat wie miskien in noch wol grutter komplimint.’’

Hy wûn twa kear in priis by in skriuwwedstryd en doe hat er it der lang om let op weage en stjoer in nustje ferhalen nei Bornmeer, de útjouwer dêr’t Loes Dijk har earste boek útkommen wie. Steven Sterk fan Bornmeer belle net folle letter: ,,Dit is hartstikke moai, hjir moatte wy wat mei dwaan.’’

Jehannes Boorsma is in grut leafhawwer fan it wurk fan Rink van der Velde. ,,Dat ha’k altyd in hiele moaie, noflike skriuwer fûn. Hy is echt, net gemaakt literêr. Dat hy it oandoarde om Wâldsjers te skriuwen, dat frije, dat sprekt my oan.’’

Net dat er besiket om Rink van der Velde nei te dwaan, mar hy is de earste om ta te jaan dat der oerienkomsten binne yn de sfear en de tiid dêr’t de ferhalen har yn ôfspylje. De measte geane oer âldere minsken en faak komme se út in boerefermidden. En like faak binne se de kluchtige kant it neist.

Boorsma: ,,Ik besykje ek wolris in serieus ferhaal te skriuwen, mar dan flean ik nei tsien rigels al út ’e bocht. Eins bin ik der hielendal net op út om kluchtich te skriuwen, mar om de ien of oare manier giet it dy kant altyd wer út. It ha miskien ek wol mei myn aard te meitsjen. Se sizze wolris: Do bist manysk posityf.’’

Húskepapier

Guon ferhalen binne basearre op eat dat wier bard is, oare binne hast fan it begjin oant de ein út ’e tomme sûge. ,,It begjint meastentiids mei samar in momint. Dan sjoch op Skylge in man mei in bakfyts foarbykommen mei foaryn in wat âldere frou, syn mem nei alle gedachten. As ik dan eefkes letter oer it strân rin, begjint it te buorreljen. Dan moat ik nei hûs. Thús gean ik oan ’e tafel sitten en dan rôlet it der samar út. De oare dei lês ik it noch in kear oer, in nytsje deryn en it is klear.’’

,,Of ik stean yn ’e winkel foar de kassa mei twa pakken húskepapier, om’t dat yn ’e oanbieding is. Hear ik immen achter my sizzen: ‘Yn ’e skijterij heite?’ Sjoch ik achterom, stiet dêr in lyts mantsje yn klean dy’t er by Humanitas út in bak hekkele hat. Dan skriuwt sa’n ferhaal himsels, hielendal as ik krekt dêrfoar wat heard haw oer in man mei in dochter mei Gilles de la Tourette. Dêr hoech ik gjin muoite foar te dwaan.’’

Boorsma jout ta dat in fikse poarsje nostalgy net frjemd is oan de measte fan syn ferhalen, mar neffens him docht er ek dat net mei sin. ,,Mar ik set in ferhaal wol bewust yn in kader dat foar my en ek foar de lêzer werkenber is. As ik oer in tochtje mei in ezel skriuw, dat besykje ik dat sa te dwaan dat de lêzer mei dy ezel meirint. En as ik oer muoike Makke skriuw, dan moat de lêzers it gefoel krije dat er by har yn ’e keamer sit. De belangrykste oare eask dy’t ik mysels dêrneist stel, is dat it mei sa min mooglik wurden moat. De measte ferhalen binne twa oant fiif siden. Langer moat net, oars begjint it te ferfelen.’’

Oan de reaksjes fernimt Boorsma dat der ferlet is fan it soarte ferhalen dat hy skriuwt. Koartlyn waarden twa kofjemokken by him besoarge fan in lêzer dy’t de skriuwer betanke woe foar de wille dy’t er oan it boek belibbe hie. Op de mok stie in foto fan in camping op Skylge mei as tekst de titel fan it boek: It sit sa.

Boorsma: ,,Der wie ek in man dy fertelde my dat er hast alle wiken by syn heit yn it fersoargingstehûs komt. Dy kin sels net mear lêze, dat dêrom lêst dy soan him alle kearen ien of twa ferhalen út myn boek foar. Dan laket dy heit. Wylst syn soan dat al in pear jier net mear fan him sjoen hie. Ast soks hearst, dan witst wêr’st foar skriuwst.’’

loading

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct