Baukje Wytsma (rjochts) en Carla van der Heijde besjogge de platen dy’t de lêste makke hat. Foto Niels Westra

It skriuwen rekkest net fan ferlost

Baukje Wytsma (rjochts) en Carla van der Heijde besjogge de platen dy’t de lêste makke hat. Foto Niels Westra FOTO NIELS WESTRA

De finansjele needsaak is fuort en de oandrang om te skriuwen in stik lytser, lykwols skriuwt Baukje Wytsma gewoan troch. Wêrom? Om’t se skriuwer is. En dus ferskynt der nei sân jier gewoan wer in nij berneboek fan har: Silke & Miss Dee . Mei yllustraasjes fan Carla van der Heijde.

Hoe dichterlik har skriuwerij meast ek is, yn de deistige omgong is Baukje Wytsma foaral nuchter en relativearjend. In lytse ynventarisaasje fan de tsientallen berneboeken, dichtbondels, musicals, lietteksten en edukative boeken dy’t se skreaun hat sûnt har debút yn 1976, wurdt se net oars fan.

,,Falst aanst gewoan om – krekt as elkenien - en dat is it dan. Hoechst net de yllúzje te hawwen datst wurk foar de ivichheid neilitst. Besikers oan de baalje fan Tresoar binne faak al lang net mear op ’e hichte fan belangrike dichters as Tiny Mulder of Douwe Tamminga. Sels Obe Postma ha se wol oan. Sa betreklik is it.’’

De lêste tiid hat se har benammen rjochte op it skriuwen fan lietteksten. Har nijste wurk, Frede , op muzyk fan Sipke Hoekstra, giet yn de útfiering fan Mingd Koar Grou op 18 april yn it Ingelske Tenterden yn premjêre. Op 17 maaie wurdt it twa kear útfierd yn de St. Piter yn Grou.

Gedichten skriuwt se ek noch wol, in nije bondel is op komst, mar har drok meitsje om alles sa gau mooglik klear te hawwen, docht se net. ,,Foarhinne skreau ik folle mear. Ik siet faak noch mar krekt op ’e fyts of de rigels fleagen my troch de holle. As de earste rigel der wie, kaam de rest hast fansels. Ik skreau soms wol in pear gedichten op in dei.’’

,,Ik wurd oer in pear wike 74 jier, it hoecht net mear sa bot. De oandrang om poëzij te skriuwen wurdt minder, de oandrang om te publisearjen ek. Ik haw it der earder wolris mei Freark Dam en Tiny Mulder oer hân doe’t se der noch wiene: dy hiene itselde doe’t se âlder waarden.’’

,,Ik bin op’t heden wat oan ’t skilderjen. Dat woe ik al folle langer, mar it wie der noait fan kommen. Ik ha in skoft op les west by Doet Boersma. Soms slagget it ynienen mei in skilderij, dat binne de moaie mominten. Mar al te folle moatst dy dêr net fan foarstelle, ik bliuw in amateur.’’

Kritysker

,,It skriuwen giet altyd troch, dêr rekkest net fan ferlost. Dat wol ik ek net. Earder moast ik derfan bestean, dat hoecht net mear. Mar bliuwst wol skriuwer. Ast in idee krijst, dan wolst dêrmei oan ’e slach. Ek al hoecht it net mear halje trawalje.’’

,,Ik fyn it tsjintwurdich moai om yn opdracht te wurkjen. Dan hoechst net alles sels te betinken. Hast in ûnderwerp, dêr stoartst dy op, dêr lêst alles oer. In oantal jierren lyn hie ik dêr gjin ferlet fan, doe kaam it fansels.’’

,,Datst minder skriuwst komt ek om’st kritysker op dysels wurdst. Sa freegje ik my hast altyd ôf oft ik mysels net herhelje. Ik lit gedichten langer lizze, soms wol in healjier, sûnder der nei te sjen.’’

Bang dat de tiid har ynhellet en dat gedichten, dy’t har troch de holle wynderje, it papier net mear helje, is se net. ,,Ik wol net leauwe dat Fryslân tekoart komt of wat belangryks misrint as ik bepaalde gedichten net skriuw. Je ha skriuwers, lykas Josse de Haan, dy’t folslein foar de literatuer libje, mar dat haw ik noait hân. Der binne genôch oare dingen yn it libben dy’t minstens sa belangryk binne.’’

,,Dat betsjut net dat ik net hiel posityf oer de Fryske literatuer bin. Ik bin bliid mei al dy jonge dichters dy’t net allinne skriuwe, mar dy’t der ek op útgeane en derfan hâlde om harren fersen foar te dragen op poadia.’’

,,Dat se Lida Dijkstra no ambassadrise fan it Fryske berneboek makke hawwe, is ek in goede saak. Se is noch mar krekt los, mar se hat al op hiel wat skoallen west. Se giet der mei in koffer mei tsien boeken hinne om foar te lêzen en fan alles mei de bern te dwaan. Har entûsjasme is ek in stimulâns foar it ûnderwizend persoan om mei Fryske berneboeken te wurkjen.’’

,,Sa bart der teminsten wat mei in boek. It moat op ien of oare wize mear foar it ljocht komme. Gewoanwei bedarret it yn in kast fan in boekwinkel, der komt miskien in stikje yn ’e krante en dêr bliuwt it by. Omrop Fryslân docht bygelyks neat oan literatuer. Wat op de Nederlânske televyzje oan literatuer dien wurdt, hâldt ek net oer, mar dêr draaft sa no en dan nochris in skriuwer op yn in praatprogramma. Wêrom net in literêre rubryk op ’e Fryske televyzje? Kultuer heart toch by de opdracht fan Omrop Fryslân?’’

Trijtalich

Baukje Wytsma mei graach boeken yn ’e mande mei oare minsken meitsje. Yn it ferline hat se ûnder oare in rige berneboeken mei Akky van der Veer makke. In oar mei wa’t se gauris oparbeide hat, is keunstneres en yllustratrise Carla van der Heijde. Harren grutste sukses wie it Koesboek , wêrfan’t mear as tsientûzen oer de toanbank giene binne. Ek foar Silke & Miss Dee hat Carla de yllustraasjes makke.

Ynfalshoeke foar Silke & Miss Dee wie trijetalichheid. Baukje Wytsma: ,,Der komme hieltyd mear trijetalige skoallen, ik woe graach in boek meitsje dat dêrby oanslút. Ik bin begûn mei it bywenjen fan in pear lessen op de trijetalige skoalle hjir yn Reduzum. Ik woe witte hoe goed it Ingelsk fan ’e bern is en hoe’t se dy trijetalichheid belibje. It wie moai om te sjen hoe natuerlik se dy taal brûke. Dus net allinne yn de Ingelske les, mar ek by oare fakken. Bern fan tsien prate al hiel aardich Ingelsk en de útspraak wie ek ferrassend goed.’’

Silke & Miss Dee fertelt it ferhaal fan in tsienjierrige boeredochter dy’t befreone rekket mei in allinnesteande pinsjonearre learares fan Ingelsk komôf. Miss Dee wennet wat iensum in eintsje bûten de buorren mei har hûn Charlie en har kat Fluffy. Se hâldt fan krantlêzen en dêrom hat se har hiele hûs behinge mei âlde kranten. Wurden of lûden dy’t se moai fynt skriuwt se op it krantebehang. Silke is ek gauris allinne en wurdt hast alle dagen narre troch twa klasgenoaten, dat it famke en de âlde frou hawwe in soad stipe fan elkoar. Der ûntstiet in bysûndere freonskip.

Foardat se begûn te skriuwen hat Baukje Wytsma net allinne op skoalle west, se hat ek oantal besites brocht oan de buorkerij fan Johannes en Els de Groot yn Reduzum, sadat se mei kennis fan saken wat oer de agraryske achtergrûn fan Silke fertelle koe. De beide bargen Piter en Nel baggerje sels ûnder harren eigen nammen yn Silke & Miss Dee troch te modder.

Baukje Wytsma: ,,Miss Dee praat Nederlânsk, mar falt geregeld werom op har memmetaal, it Ingelsk. Silke praat konsekwint Frysk. Dêrmei koe ik de trije talen op in hiele natuerlijke manier troch elkoar brûke. Doe’t ik dy personaazjes ienkear hie, gie it skriuwen eins fansels.’’

Krantelêzers

Kranten spylje in wichtige rol yn it hûs yn fan Miss Dee en dêr hat illustratrise Carla van der Heijde tankber gebrûk fan makke. Carla van der Heijde: ,,Ik haw it sa ynterpreteard dat de krante it ferslach fan ’e dei is. Dy wol Miss Dee net fuortsmite, want dêrmei soe se stikjes fan har libben fuortsmite. Baukje en ik binne beide grutte krantelêzers. Ik lês de krante ek wolris op de tablet, mar papier giet boppe alles. Dat kinst fiele. It moaie fan de blêdspegel fan in krante is datst it belangrike en it triviale nijs yn ien eachopslach sjochst. Dat soe ik net graach misse wolle.’’

Baukje Wytsma hie eins mar ien betingst dêr’t de yllustratrise oan foldwaan moast: Silke en Miss Dee moasten sels net portretteard wurde, want dat soe de lêzer ferhinderje om him sels in byld fan de haadpersoanen te foarmjen. Ek de oare personaazjes yn it boek, lykas Charlie de hûn en Fluffy de kat, bleaune ûnsichtber op de yllústraasjes. De iennichste libbene wêzens dy’t yn it boek te sjen binne, binne de bargjes Piter en Nel en de oerfleanende guozzen.

Baukje Wytsma: ,,De platen mei subtile details yn it boek slute hiel moai oan by it inerlike libben fan de personaazjes. Dêrmei bliuwt der foar de lêzer genôch te rieden oer.’’

Troch dy beheining is it byldwurk yn it boek útdraaid op sfearfolle skilderijen fan it ynterieur fan Miss Dee har hûs en fan de omjouwing fan dat hûs. Carla van der Heijde: ,,It binne ek echt skilderijen, makke mei akrylferve en oanbrocht yn trije of fjouwer lagen. De yllustraasjes eagje as skilderijen, en feitlik binne se dat ek.’’

Titel: Silke & Miss Dee. Skriuwer: Baukje Wytsma. Yllustraasjes: Carla van der Heijde. Utjouwer: Afûk. Priis: 14,95 (103 siden)

loading

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct