In syklus fan 25 boeken om it mystearje fan it bestean út inoar te raffeljen. Willem Tjerkstra kin him yntinke dat minsken him foar gek ferklearje. Gek of net, In Fryske Odyssee komt der gewoan. Ferline wike binne diel 7 en 8 útkommen, oer twa jier leit diel 25 yn ’e winkel.

Healwei it fraachpetear mei de LC ropt frou Diny fan ûnder oan ’e trep: ,,Der binne twa doazen mei boeken brocht.’’ Yn de iene doaze sitte de presinteksimplaren fan Fan in keninklik ferline , yn de oare fan Krêft fan it folk , respektivelik diel 7 en 8 fan In Fryske Odyssee . De skriuwer pakt út beide doazen in boek en seit: ,,Der ferskine op ’t heden acht yn ’t jier. Ik bin sels korrektor, ik haw klauwen om it by te hâlden.’’

En dan te betinken dat er santjin jier oan it projekt wurke hat mei it idee dat it miskien wol noait ta in útjefte komme soe. Mar hy is in trochsetter, ferliket it wurkjen oan de syklus mei it riden fan in Alvestêdetocht. ,,Ast ienkear yn Bartlehiem bist, dan giest troch, hoe min ast der ek oan ta bist.’’

It ferskil is mei in Alvestêderider is dat dy in krúske yn it foarútsicht hat en dat Tjerkstra trochskreau yn ’e wittenskip dat gjin útjouwer yn Fryslân mei him yn see woe.

Blokkade

It begûn yn 2003. Willem Tjerkstra hie de Gysbert Japicxpriis wûn foar De ridder fan Snits, nei in reorganisaasje by it Mienskiplik Sintrum fan Underwiisbegelieding wie er op syn 60ste mei pinsjoen gien. In abrupt ein fan in moaie ûnderwiiskarriêre, it swarte gat dêr’t er yn foel wie djip.

Oardel jier hat er yn ’e bedelte ferkeard. Oft er no thús yn Snits foar him út siet te stoarjen of op de ark oan de Snitser Mar, op beide plakken wie it bestean like leech. ,,In rottiid.’’

Ien kear wie der in momint dat er oplibbe. Dat wie doe’t er út it neat wei twa bledsiden skreau, begjinnend mei de rigels: ,,Bouke is ferstoarn. Ik wit it, it koe fleuriger, mar sa moat ik begjinne, want yn dy trije wurden leit in hiel libben.’’

,,Ik sei tsjin Diny: ik skriuw wer, ik haw it begjin fan in nij boek. Fuort dêrnei kaam der in blokkade dy’t my opnij fan it skriuwen ôfhold.’’

It hat hast in jier duorre, doe slagge it him om de blokkade op te heffen en gie er los om de earste santjin jier net wer op te hâlden. Dat de rigels oer it ferstjerren fan Bouke de earste yn in rige fan 25 boeken wurde soe, wist er doe noch net.

Foar Bouke Blomhof, dy’t as haadpersoan alle ferhalen mei-elkoar ferbynt, hat Willem Tjerkstra de ynspiraasje fûn by in âlde freon: Piet Groenhof silger. ,,Ik woe oer myn bernejierren yn It Heidenskip skriuwe. Dat ferhaal haw ik ophong oan Piet en syn famylje. De Groenhofs hiene in pleats oan De Fluezen; ús heit wie skûtsjeskipper, wy farden dêr geregeld lâns. De Groenhofs en de Tjerkstra’s koene goed mei-elkoar, alle kearen as se dêr foar de wâl leine, giene ús heit en mem nei de pleats te jûnpraten.’’

,,It wie in bysûndere famylje. Heit Chris Groenhof wie nochal stûf, mar hie in hert fan goud. Hy koe eat dat hast net ien koe: Frysk skriuwe. En dan hie er, mei dy grauwe boerekloeren fan him, ek nochris in prachtich hânskrift.’’

,,Soan Marten wie boer en keunstskilder. Syn frou die in grut part fan it boerewurk, sadat Marten skilderje koe. De âldste soan Brugt hat jierrenlang op ’e grutte feart sitten en is letter pontbaas yn Ingelân wurden. Piet, de jongste, wie in lêzer en in tinker. Hy folge heit op as boer, mar syn filosofyske ynstelling hat er altyd hâlden.’’

Willem III

It begûn mei oantinkens oan syn bernejierren yn It Heidenskip, mar al gau bedarren der yn dat earste boek ek ferhalen út oare tiden en oare oarden. Bygelyks oer de ramp mei beurtskip de Willem III op De Fluezen yn 1877 mei 14 deaden. Mei’t de skriuwer soms fiere famyljeleden fan de haadpersonaazjes opfiert by de beskriuwing fan dy ferhalen, koe er de ôfsûnderlike dielen fan de syklus op in natuerlike wize mei-elkoar ferbine.

It earste diel fan In Fryske Odyssee begjint dus mei de dea fan Bouke Blomhof, de filosofyske boer. Op syn stjerbêd freget er de skriuwer fan it boek om de syktocht nei it mystearje fan it bestean, dy’t er sels net foltôgje kin, fuort te setten.

It leit yn ’e reden te ferûnderstellen dat de fraach fan Bouke Blomhof de fraach fan de skriuwer sels wie. ,,Ik wie 60 doe’t ik oan it boek begûn. Krekt út it wurk, dan fregest dy ôf wat de sin fan it libben is en watst mei de rest fan dyn jierren oan moatst. Ik hie gau genôch yn ’e gaten dat ik oan ien boek net genôch hie. Trije dielen miende ik, dan soe ik it ferhaal wol rûn ha. Mar doe’t ik op stoom wie, jage it iene diel it oare oan. Santjin jier lang, it hold mar net op.’’

,,It hat muontsewurk west. As ik oan dy santjin jier en al dy tûzenen siden weromtink, freegje ik my ôf: hoe ha’k it yn fredesnamme klear krigen?’’

It antwurd hat er al jûn: trochsettingsfermogen. En dissipline. ,,Alle dagen bin ik moarns om tsien oere sitten gien en ha’k oant tolve oere skreaun. Dêrnei lies en ferbettere ik wat ik skreaun hie, de middeis wiene om it skilderjen. Fierder ha’k in soad tiid stutsen yn it lêzen oer de ûnderwerpen dy’t yn de syklus oan bod komme.’’

loading

Neanderthalers

De fraach nei it mystearje, nei de sin fan it libben waard steld troch in filosofysk ynstelde boer yn It Heidenskip, dêr ek begjint de swerftocht dy’t de lêzer nei alle úthoeken fan de ierde en de minsklike skiednis fiert. It giet oer Neanderthalers en Homo sapiens, de Bibelske Abraham, de Inka’s, Russyske skilders, Vincent van Gogh, Haile Selassy en Bob Marley, de Founding Fathers fan de Feriene Steaten, slaven en yndianen, de presidinten John F. Kennedy en George Bush Jr.

Guon ferhalen binne realistysk, oare hawwe in mytysk karakter, gauris is der in ferbining mei de famylje Blomhof. Mar alles krijt in plakje yn de syktocht dy’t de skriuwer yn opdracht fan Bouke Blomhof makket nei it mystearje fan it bestean.

Nei sechstjin jier fan stûf trocharbeidzjen doarde er it oan en sykje kontakt mei fjouwer Fryske útjouwers: Bornmeer, Frysk & Frij, Wijdemeer en Elikser. ,,Yn in brief haw ik skreaun wêr’t ik mei dwaande wie en harren frege oft se ris mei my om ’e tafel woene. Oer it útjaan fan de boeken haw ik it net iens hân. Twa hawwe neat fan har hearre litten, de beide oare lieten my witte dat se gjin belangstelling hiene.’’

Tjerkstra socht kontakt mei útjouwerij Aspekt yn Soesterberg om in plakje te finen foar it iennichste Nederlânsktalige boek yn ’e rige. Dat waard him yn earste ynstânsje net, mar foar in Nederlânske oersetting fan de roman oer Vincent van Gogh hiene se wol belangstelling.

,,Ik hie kontakt hân mei de heit fan Perry Pierik, de útjouwer. Dy sei tsjin syn soan: ‘Die man in Sneek is bezig met een megalomaan project, je moet eens bij hem kijken’.’’

By Aspekt sieten se oan 35 dielen te tinken, út te jaan mei in frekwinsje fan alle jierren fjouwer of fiif dielen. ,,Dan soe ik by it ferskinen fan it lêste diel njoggentich wêze. It is mar de fraach oft ik dat helje.’’

Se binne it iens wurden oer 25 dielen. Yn novimber 2018 kaam it earste diel op ’e merk, Mei it mystearje . Dêrnei stûke it eefkes, mar op ’t heden sitte skriuwer en útjouwer op in frekwinsje fan acht boeken it jier. As se dat folhâlde ferskynt it lêste diel ein 2022 of begjin 2023.

It is neffens Tjerkstra mei oan syn frou Diny te tankjen dat de syklus yn print ferskynt. Se hat him al dy jierren de romte jûn om him oan syn muontsewurk te wijen, mar se hat finansjeel ek meistimd yn it projekt. ,,Sa’n projekt kin allinne út as de skriuwer dêr sels oan bydraacht. By 25 dielen rint soks aardich yn ’e papieren. Diny sei: ‘Sûnder útdaging is it libben saai, wy geane it aventoer oan’.’’

It skriuwen wie sûnder mis de muoite wurdich, fynt Tjerkstra. Hy hat der in soad fan leard. ,,Losse ûnderdielen mear djipte jaan troch dy yn te bêdzjen yn lange ferhaallinen, dat is sa’n ding dat learst allinne troch it te dwaan.’’

,,As soe der mar ien wêze dy’t alle 25 dielen lêst, dan hat it sin hân. Diny hat tasein dat se alle dielen lêst.’’

Dan de lêste fraach: wat is it mystearje, wat is de sin fan it libben? Willem Tjerkstra glimket freonlik, seit dat gjin minske it besteanmystearje oait bleatlizze sil. ,,Dat rêdst net. Ik ha de 25 boeken ek hiel bewust opdield yn 199 romans, novelles en ferhalen. Net yn 200, want dêr wie de suggestje fan in oplossing fan útgien.’’

,,Krekt foar’t ik begjin dit jier klear wie mei it lêste diel haw ik twa boeken lêzen: De verborgen wereld van de schimmels fan Merlin Sheldrake en Licht in de duisternis fan Heine Falcke oer swarte gatten, it universum en de minske. It iene giet oer de ierde dêr’t wy op steane, it oare oer wat boppe ús is. Oars hie ik beide boeken lêzen mei de eagen fan in belangstellende leek, troch myn wurk oan In Fryske Odyssee , krigen dy boeken folle mear djipte.’’

,,As Bouke Blomhof my freegje soe oft it my slagge is om it mystearje te ûntraffeljen, soe ik nei dy twa boeken ferwize kinne en sizze: ‘Net hielendal, mar ik bin in moai ein kaam’.’’

loading

Je kunt deze onderwerpen volgen
Boeken
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct