Jelle Zwart (1926-2019)

In memoriam: Jelle Zwart, linige gedichten fan in letbloeier

Jelle Zwart (1926-2019)

Der binne mear letbloeiers yn de Fryske literatuer, mar in dichter dy’t pas op syn 79’ste debutearret is ek yn Fryslân útsûnderlik. Jelle Zwart, waans earste dichtbondel Sân skeppen sâlt yn 2006 ferskynde, is tiisdei op 93-jierrige leeftyd thús yn syn wenplak Snits stoarn.

Zwart groeide op yn Dokkum, nei de middelbere skoalle studearre er sosjology yn Grins. Syn earste baan wie by it Grinzer Provinsjaal Opbouorgaan, yn 1968 waard er haad fan it provinsjaal buro fan it ministearje fan Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik wurk yn Ljouwert.

Neist syn wurk wie Jelle Zwart bestjoerlik aktyf foar ûnder oare de Fryske Akademy, de Fryske Folkshegeskoalle Schylgeralân, it Frysk Festival en it âldereinwurk. Al dat bestjoerlike wurk wie ek de reden dat er net fuort nei syn pinsjoen as amtner oan it dichtsjen slein is, mar pas op syn 75’ste. Hy folge kursussen by Remco Ekkers, Albertina Soepboer en Tsjêbbe Hettinga en wûn yn 2004 ta syn eigen ferrassing in Rely Jorritsmapriis. Twa jier letter hie er genôch skreaun foar in earste bondel.

Skôgjend en relativearjend fan aard, mar ek in sosjaal dier en belutsen by de maatskippij, sa karakterisearre er himsels yn 2006 yn in ynterview. Al dy eigenskippen binne werom te finen yn syn gedichten. Sân skeppen sâlt befette in grut ferskaat oan poëzij.

Stimmingsbylden fan it Fryske lânskip waarden ôfwiksele mei humoristyske observaasjes. LC-resinsint Harmen Wind priizge de ,,moaie mankelikens’’, de tagonklikheid fan de fersen en it eigen lûd fan de dichter. Der soene noch twa bondels folgje, De wite hoed yn 2009 en Fandele yn 2017.

Zwart wie tige beskieden oer syn wurk. Hy gie der net fanút dat syn bondels in pear jier nei it ferskinen noch lêzen wurde soene, sa wichtich wie syn wurk neffens himsels net. It oardiel fan de resinsinten wiksele, de wurdearring oerhearske. LC-resinsint Elmar Kuiper skreau nei oanlieding fan Fandele : ,,Zwart dichtet linich en geef oer de krupsjes fan it âlder wurden, it bernlike, de maatskippij en oer it skriuwen sels.’’

Je kunt deze onderwerpen volgen
Boeken
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct