Hilda Talsma hinget de wask op, wask is it tema fan it kadoboek dat se skriuwe sil. De Fryske rún Mindert en pony Sinne ite rêstich troch.

Hilda Talsma skriuwster Frysk kadoboek: 'Ik moat mysels wer hielendal op 'e nij útfine'

Hilda Talsma hinget de wask op, wask is it tema fan it kadoboek dat se skriuwe sil. De Fryske rún Mindert en pony Sinne ite rêstich troch. FOTO NIELS WESTRA

Skriuwster Hilda Talsma (1971) libbet mei har famylje yn Warten oan it wetter en tusken har bisten. Sa frij as in fûgel. Foar takom jier mei se it Fryske kadoboek 2021 meitsje. Dan wurdt se fyftich én sit se tsien jier yn it fak. ,,Alles komt hiel moai by mekoar.’’

It is in pracht fan in simmermoarn. De sinne skynt, de loft is blau en der stiet hast gjin wyn. ,,Kom fierder’’, seit Hilda Talsma wylst se Timmy (in krúsing Berner Sennen en Sint Bernard) fêsthâldt. Yn de eftertún stean de Fryske rún Mindert en pony Sinne by de hikke te sjen. De stâllen steane deun op ’e tún. De grutte swarte hûn is rêstich en stapt fleurich op ’e besite ôf. Hy is nijsgjirrich, wol witte wa’t syn baas útnûge hat. ,,Hy docht neat, mar wol wolris op frjemde plakken rûke’’, warskôget de baas. ,,Jawis, it is in reu.’’

Hilda hat de rôze parasol opset, skinkt kofje – sels drinkt se tee – en ploft op it terras yn de earmstoel del. ,,Poeh, waarm net?’’, seit se. Tegearre mei har man Jelle, soanen Fonger (26), Hylke (20), Teunis (19) en dochter Rixt (24), wennet se al 27 jier op it noflike plak oan it wetter. Se hâldt fan de rêst en romte, is hikke en tein op it Bildt, mar fielt har ek goed yn Warten. It is foar de skriuwster in moai plak, ek om har werom te lûken.

Yn 2011 publisearre se har earste boek De twadde hûd . Oer Elske, dy’t noch graach in lytse poppe ha wol. It ferhaal spilet him ek foar in grut part op ’e merke ôf. ,,Dy binne hjir in hiel soad yn Fryslân. Ik tocht al langer: dêr moat ik ris wat oer skriuwe.’’ De ferhalen yn har boeken spylje no ienris yn lytse stêden en doarpen. Logysk eins. ,,Ik wenje hjir no ienris en sjoch nei wat hjir om my hinne bart.’’

Berneboek

Foarhinne tocht se net oan skriuwen. Ek net doe’t se in bern wie. Se boarte bûten, strúnde yn de fjilden om. ,,Ik skreau gjin ferhaaltsjes of sa mar tekene in soad. Doe’t ik letter de oplieding ta tekendosint op de NHL die, fûnen de leararen myn wurkstikken wol noflik om te lêzen en myn eksamenwurkstik wie in berneboek.’’ Se rekke swanger, makke wol de skoalle ôf, mar de ambysje om foar de klasse te stean wie der efkes net mear. ,,Wy wiene jong en dwaande mei it opbouwen fan it bedriuw. En der kamen ek al gau in twadde, tredde en fierde bern’’, seit se.

Neidat se earst in pear skriuwkursussen dien hie by Akky van der Veer, is se echt begûn mei har earste manuskript doe’t de jongste nei de beukerskoalle gong. It bedriuw rûn – tegearre mei Jelle hat se in skipswerf yn Frentsjer – en de bern koene harren sels hieltyd better rêde. It waard tiid om it ferhaal dat se yn de holle hie op te skríuwen. ,,Dat earste boek hat my wol wat tiid koste, mar lang om let wie it der.’’

Sûnt die tiid skreau se hast elts jier in boek en yn 2017 hat se twa boeken tagelyk skreaun, Wyn fan de Winners en it jeugdboek Slangen ûnder it bêd (nei in idee fan Henk de Vries). Dat wie dreech genôch. ,,Beide oer skûtsjes, rûnen de twa ferhaallinen gauris troch elkoar hinne yn myn holle.’’

Eltse skriuwer hat in eigen proses om ta in ferhaal te kommen. By Hilda begjint it mei it betinken fan it ferhaal yn ’e holle. ,,Dat proses nimt meastentiids mear tiid yn beslach as it skriuwen sels.’’ Yn oktober of novimber nimt se plak efter de kompjûter yn har wurkkeamer en sa’n heal jier letter is it manuskript klear foar de útjouwer. Dan moat it noch wol neisjoen wurde en sa, mar it ferhaal stiet. Foar de simmerfakânsje leit it dan yn de boekhannel. Dit wurkritme befalt har sa wol. ,,Minsken lêze yn de fakânsje. En sa kin ik ek rêstich de simmer troch.’’ Se kin ek oare dingen skriuwe, sa as in ferhaal foar it iepenloftspul yn it doarp.

Trochjaan

Wylst se skriuwt, kin se har ferlieze yn it ferhaal. ,,Dan ha ik gjin besef mear fan tiid. At ik ien kear yn sa’n flow sit, dan gean ik mar troch.’’ Sy kin har de bûsen út gnize om guon personaazjes. ,,Dy sizze no en dan fan dy grappige dingen, dan tink ik: hoe komme se der by?’’

Wêr’t se de ideeën foar de personaazjes opdocht? Se bestudearret net ien, se binne der gewoan. Yn har holle. Connie bygelyks, ien fan de haadfiguren út har lêste boek De Onnies en it hynstebal (2019). Dy heart se praten, yn it Ljouwerters. ‘Sonde fan soa’n mooi peard dat der soa’n gladioal achteran draaft’, seit Connie bygelyks tsjin in hynsteman by de hynstekeuring, as er werom komt út de ring. ,,Sy seit gewoan alles wat yn har opkomt.’’ Hilda moat efkes gnize: ,,De Onnie’s sizze dingen dy’tst normaal net sa gau seist omdatst net ûnfatsoenlik wêze wolst. Mar dy beide froulju jouwe dêr neat om en it makket harren ek neat út wat in oar der fan fynt.’’ Sprekt har alter ego miskien as se Connie oan it wurd lit? ,,Nee, ik jou gewoan troch.’’

Hilda heart nei wat Connie seit. ,,Ik kin har net oproppe, mar sa ynienen is se der. Dan rin ik bygelyks mei de hûn te kuierjen en makket se in opmerking. Dan moat ik dy gau opskriuwe, oars bin ik it kwyt.’’ Wûnderlik. ,,Fynst? Sa wurket it no ien kear by my.’’

Hilda hat wol ûnderfining mei hynders, mar wist net safolle oer de Fryske hynstewrâld dêr’t se oer skriuwt yn De Onnie’s en it hynstebal. Se wie dan ek bliid mei de help fan hynsteman Jelmer Chardon út Jorwert en op de hynstekeuring yn Ljouwert seach se har de eagen út: prachtige Fryske hynders en foaral ek in hiel soad minsken.

En ûnder de tribune koe moai in leafdessêne plakfine. ,,Dy tribune ja, dy ha ik goed besjoen. Dêr moast ik wat mei.’’ Yn it boek hat se der in fluchtige, mar romantyske moeting fan makke mei Roos dy’t frjemd giet mei hynsteman Richard: ‘Hastich en ûnhandich strûpe se de broeken út. Se bedriuwe de leafde op en ûnder in hynstetekken as hawwe se noait oars dien en it hat noch noait sa bysûnder west. It publyk stampt, raast en klapt wer.’

Freegjende lêzers

Hilda tinkt dat der wol in ferfolch komt op Connie en har suster Bonnie Kamstra. ,,Myn lêzers freegje dernei en ik fyn de froulju ek noch fierstente leuk.’’ Dochs lit se de Onnie’s earst noch efkes mei rêst want se kin har enerzjy better brûke foar it Fryske kadoboek. Sy hopet dat it net in al te dreech proses wurdt, seit se.

Mar hoe dat sa? ,,No, ferline jier woe it efkes net mear sa as oars. Ik sit yn de oergong. Man, wat is dat bytiden in ellinde. Ik koe gewoan neat mear betinke!’’ Har holle wie as in see sûnder weagen en se wist net mear hoe’t it fierder gean soe mei it ferhaal. ,,En dan dy ‘opvliegers’, neat oan. Net earlik eins dat je dit as frou oerkomt’’, fynt se. ,,Ik moat mysels wer hielendal op ’e nij útfine.’’ En dochs relativearjend: ,,Mar ik bin net de iennichste.’’

De hynders knabbelje oan it hea. Noch efkes wachtsje, dan bringt Hilda se nei it lân yn it doarp. ,,In moai kuierke’’, fynt se. Timmy leit binnen te hymjen yn syn koer. Der farre boatsjes foarby oer de Rochsleat rjochting it doarp.

Jierrenlang wie Hilda simmerdeis ek op it wetter te finen. Jelle, en letter harren âldste soan Fonger wiene skipper op it famyljeskûtsje De Jonge Jan yn de kompetysje fan de IFKS. Se ha ferskillende kampioenskippen wûn.

Dien mei silerij

Foar Hilda wie it skûtsjesilen ek oanlieding ta it skriuwen fan boeken dêroer. Ferhalen genôch. Yn 2015 kaam by har útjouwerij Elikser Wyn fan feroaring út, it earste diel fan de Wyn-trilogy. In ferhaal oer in erfenis, in skûtsje en de leafde. In soad ûndersyk hoegde se net te dwaan. Mar no is it dien mei de silerij. Jelle hie gjin nocht mear en Fonger ek net. ,,Wy ha it folchskip ek ferkocht.’’ It skûtsje is noch hieltyd fan de Talsma’s, mar sil no yn de SKS útkomme, mei âld-doarpsgenoat Harmen Brouwer oan it helmhout. ,,Dêr seagen wy nei út. Helaas, it oare jier.’’

Fansels, seit se, it is in grutte ear om it Fryske kadoboek te skriuwen. Wêr’t it oer gean sil? Eins wol se neat ferklappe, want it kin noch alle kanten út. ,,En dan skep ik ferwachtings. Dat wol ik leaver net.’’ Dúdlik, se wol yn alle frijheid har wurk dwaan kinne. 22.000 wurden moatte der op papier. ,,Wask, it giet oer ek de wask’’, seit se efkes letter as de fotograaf har en de hynders by de waskline op ’e foto set. Dochs ferklapt. ,,No ja, in lyts bytsje. It kadoboek is yn alle gefallen al in moaie gelegenheid om de smoarge wask ris bûten te hingjen.’’

loading

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 4,99 per maand. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct