Geart Tigchelaar.

Geart Tigchelaar skriuwt gedichten mei in kop en sturt

Geart Tigchelaar. Foto Geart Tigchelaar

Yn syn nije poëzijbondel Ommers weaget Geart Tigchelaar (1987) fan Frentsjer him oan proazagedichten. ,,Op de ien of oare wize lizze dy my wol.” De ynspiraasje derfoar helle er út Denemarken.

Elk jier stapt Geart Tigchelaar oan ’e ein fan it jier op syn fyts foar in tocht fan om ende by 600 kilometer. Dan rydt er allinnich nei it plakje Kattrup yn Denemarken. De fytstassen hat er fol stoppe mei waarme klean foar seis wike. Tigchelaar hat goeie kunde yn it doarpke sa’n 30 kilometer ûnder Aarhus dêr’t er dan in wike as fjouwer útfanhuzet.

Hy komt dêr no al in pear jier. Yn it ferline hat er in jier oan it wurk west yn Denemarken. Op in pleats dêr’t biologysk buorke waard. De kunde dêr’t er no noch komt, hat hy doe kennen leard. Syn gasthear en –frou binne oerdeis net thús, se wurkje. En de bern bin nei skoalle. Tigchelaar hat it ryk allinnich en dat is wol sa noflik. ,,Ik hoech my nearne om te bekroadzjen en kin yn alle rêst wurkje.”

Boppedat, de natoer is dêr ek moai, fynt er. ,,Prachtich dy heuvels. Hast it gefoel datst der hielendal allinnich bist. Eins is it in soarte fan Skandinavysk Skriuwersarkje 2.0.” Meikoarten wol er der wer hinne om fierder te wurkjen oan in nij projekt. Mar earst de presintaasje fan syn nije bondel.

Mei Ommers is er in oar paad yn slein. Syn earste bondel bestie út frije fersen. Foar Ommers hat er proazagedichten makke. It binne mear koarte ferhaaltsjes wurden, mei in kop en in sturt. Absurdistysk somtiden, mar ek mei hjir en dêr in grapke. ,,Dizze foarm leit my wol. Fyn it moai, ek hiel wat oars as it frije gedicht’’, seit er.

loading

Proazagedichten

Tigchelaar hie nea prakkeseard oer it meitsjen fan proazagedichten, mar nei’t er yn ’e kunde kaam wie mei de Deenske dichter en skriuwer Carsten René Nielsen (1966) út Aarhus tocht er dêr oars oer. ,,Troch him bin ik ynspirearre rekke yn de foarm”, fertelt er. Karsten hat alve poëzijbondels publisearre, dêr’t ek trije fan yn Amearika útjûn binne. ,,Hoe’t ik mei him yn ’e kunde kommen bin?” Hy hat in pear jier lyn in mail stjoerd nei Aarhus Litteraturcenter dêr’t skriuwers by oansluten binne. Mei de fraach of der miskien minsken wiene dy’t mei de Fries yn ’e kunde komme woene. ,,En Carsten René reagearre.”

Sa simpel rinne de dingen soms. Yntusken hat Tigchelaar dêr in soad kunde opdien en binne der ek al optredens fan Fryske en Deenske dichters dêr en hjir west. Syn earste bondel Leech hert yn nij jek (2016) wie hiel persoanlik. Hy wie krekt skieden en stof genôch. It dichtsjen wie in manier om de relaasje los te litten, mar ek om it hertsear te dielen. Yn Ommers giet it net mear oer Geart, seit er. ,,Net mear om it ikke, ikke, ikke.”

De dichter skôget de wrâld om him hinne en fansels, wat hy op papier set is wol fan him, is syn ynterpretaasje, mar it giet net mear oer syn argewaasjes, fertriet of lilkens. Hy is op it stuit ek in lokkich minske. Syn nije leafde Ydwine jout him de romte dy’t er blykber nedich hat om ris wat oars te skriuwen. En dat fielt oant no ta hiel befrijend, fynt er.

Ynspiraasje

Yn Ommers giet it oer bonkerakken dy’t ksylofoan op ribbekasten spilen, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet. Ek giet it oer museumbesikers mei harkehannen en bleate blokjetosken en knappende kastanjes. De ynspiraasje komt oeral en nearne wei. Troch in besite oan it museum, in kuier troch syn berteplak Damwâld of ûnderweis op ’e fyts. ,,Kinst it wol, dan hearst wat, mar kinst net hielendal ferstean wêr’t it no krekt om giet. Dan begjin ik der oer nei te tinken en dan komt der wol wat útrôljen.”

Tigchelaar wie fan doel de gedichten op alfabetyske folchoarder te pleatsen. Mar syn útjouwer Piter Boersma fan Hispel tocht dêr justjes oars oer. Boersma hat de gedichten yn skiften rubrisearre. Fjouwer binne it der wurden: Sânbak (slacht op it begjin fan alles), Wolkefamke (giet oer dingen dy’t wat ûnberikber binne), It Ferfeljen (de dichter makket in omslach yn syn tinzen) en ta beslút Myn frijheid. Dat hat te meitsjen mei de frijheid en it ûnôfhinklik wêzen dy’t Tigchelaar him gund hat om op in oare manier te dichtsjen. ,,En lokkich mar dat Boersma it sa seach, want ik bin o sa te sprekken oer de yndieling.”

Foar Leech hert yn nij jek krige er yn 2017 de Douwe Tammingapriis. Net dat er it der om docht en der op út is om prizen te winnen, mar in priis soarget der wol foar dat fûnsen earder ree binne om in bydrage te jaan. Dat jild kin Tigchelaar goed brûke foar it skriuwen fan nij wurk. Hy wurket as freelancer en set ûnder oaren boeken oer yn it Frysk en is einredakteur fan it Frysk literêr (ynternet)tydskrift Ensafh.

Frysk

Jild fertsjinje mei Fryske romans en poëzij wol net. Mar Tigchelaar kin him net yntinke dat er poëzij net yn it Frysk skriuwe soe. It Frysk is him te nei. Hy is hikke en tein yn Damwâld dêr’t in soad Frysk praat wurdt en komt út in frysksinnige húshâlding. Letter hat er Frysk studearre.

Hy moat tajaan dat de kâns om te publisearjen wol grutter is yn it Frysk en dat dat ek wol noflik is. Hy hâldt fan geef Frysk, moat neat ha fan Frôllansk – fan Fryske wurden dy’t oernaam binne út it Nederlânsk. Hy hat noed oer de takomst fan de taal. De jongerein lêst net mear en al hielendal gjin Fryske boeken, lit stean poëzij. It is in probleem, dêr’t Tigchelaar ek gjin oplossing foar hat. Mar hy besiket wol dêr wat oan te dwaan.

In pear gedichten sil der bygelyks publisearje op Instagram. Hy wol besykje om fia dat medium in grutter berik te krijen. It wurdt yn elk gefal troch in soad jongerein brûkt. Tigchelaar hat ôfrûne woansdei de earste foarpublikaasjes pleatst op it Instagram-account @om.mers . Ek op it webstee fan Dichterskollektief RIXT ha earder guon stien. ,,Sa kaam ik der efter dat de foarm fan ’e gedichten tige gaadlik is om it op in sosjaal mediaplatfoarm te pleatsen. Ik hoopje echt dat it wurk sa foar in breder publyk tagonklik wurdt.”

Fierders wol er, as it om koroana kin, op ’en paad. Nee, dat wurde gjin ‘stoffige’ jûnen mei allinnich foardrachten. Der wurdt wol foardroegen, mar der sil ek muzyk klinke, seit er. ,,Je besykje dochs wat om mear omtinken te krijen foar poëzij.”

En hy wol besykje filmkes te meitsjen. Hy hat aardichheid krigen oan filmjen en fotografearjen. ,,In filmke sprekt ek oan’’, tinkt er. Hy sjocht it gedicht Leafdesfertriet yn in pak molke al yn bylden foar him. ,,Dan sjochst in hân dy’t in pak bedoarne molke út de kuolkast hellet en dat ynjit yn in kopke kofje. Ach, der is genôch te betinken.”

loading

Titel Ommers

Skriuwer Geart Tigchelaar

Utjouwerij Hispel

Priis 15 euro

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct