Sjoerd Bottema: ,,Minsken dy’t it goed giet, dy’t it bêste mei in oar foar hawwe, dy’t altyd de goeie dingen dogge is gjin literatuer fan te meitsjen.''

Folksferhalen neffens it resept fan Sjoerd Bottema: Minsken dy’t doge is gjin ear oan te beheljen

Sjoerd Bottema: ,,Minsken dy’t it goed giet, dy’t it bêste mei in oar foar hawwe, dy’t altyd de goeie dingen dogge is gjin literatuer fan te meitsjen.'' FOTO NIELS WESTRA

Doe’t er mei pinsjoen gie, hie er alle tiid foar de skriuwerij en soe it heve. It hat lykwols njoggen jier duorre ear’t syn folgjende boek útkaam. Mar no is it der: De grize oer de grouwe , folksferhalen neffens it resept fan Sjoerd Bottema.

T ige produktyf hat Sjoerd Bottema (72) út Weidum noait west hat as skriuwer. Nei syn debút It fertriet fan dokter Kildare yn 1994 is De grize oer de grouwe pas syn fiifde boek, it boekewikegeskink dat er yn 2006 mei Baukje Wytsma skreau, net meirekkene. Mar sels foar Sjoerd Bottema is njoggen jier fan swijen de lange kant it neist. It sil, tinkt him, wol komme om’t er diskear alle tiid hie.

,,Doe’t ik noch foar de klasse stie, moast ik tiid frijmeitsje om te skriuwen. Doe’t ik út it wurk rekke, hie ik te folle tiid. Ik hie doe net it idee dat ik gau dea gean soe, dat ik koe dat skriuwen krekt sa fier foar my útskowe as ik sels woe, miende ik.’’

,,No tink ik: ik kin moarn wol dea wêze. Ik haw it al in oantal kearen meimakke dat minsken fan myn leeftyd der, al of net ûnferwachts, by weifoelen. Dat kin my ek oerkomme. It kin noch tsien jier duorje, mar it kin ek binnen in jier.’’

Alhoewol’t er net ien fan de meast produktive skriuwers is, draacht er de leafde foar it skriuwen en foar de literatuer al fan berns ôf mei. Op ’e legere skoalle rjochte er al jongesklupkes op, net om kattekwea út te heljen of goede dieden te ferrjochtsjen, mar om in klupblêd begjinne te kinnen en dat sels fol te skriuwen.

Op de HBS wie Nederlânsk syn moaiste fak. Yn ’e boppebou giene trije fan de fjouwer wyklikse lesoeren oer literatuer. ,,By ús yn ’e klasse sieten nochal wat learlingen mei in mear as gemiddelde belangstelling foar literatuer. Ek bûten de les om hiene wy dêr hiele petearen oer.’’ It wie dan ek út folle oertsjûging dat Sjoerd nei de HBS nei Grins ferhuze om dêr Nederlânsk te studearjen.

Djippere wierheden

Op de fraach wat him as skoaljonge sa oanluts yn it lêzen fan boeken, moat er yn earste ynstânsje it antwurd skuldich bliuwe. ,,Ik wit it net. Ik lês noch in soad, mar wêrom? Ha ’k my noch noait bewust ôffrege. Ik leau net dat it is om’t ik op syk bin nei djippere wierheden. It is mear in kwestje fan ‘mei in boekje yn in hoekje’, in foarm fan eskapisme.’’

,,Ik hâld fan in moai ferhaal, mar dat is net it iennichste. Ik bin gefoelich foar styl, in minder spannend ferhaal kin my dochs boeie as it goed skreaun is. In spannend ferhaal dat flak fan taal is, lis ik earder oan kant as wannear’t it oarsom is. It is ek ien fan de belangrykste easken dy’t ik oan myn eigen ferhalen stel: it moat sadanich fan styl wêze, dat ik my letter net hoech te skamjen.’’

As studint hat er in oantal jierren yn de redaksje fan De Harpe sitte, it blêd fan Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins. ,,Doe hie ik noch net yn ’e gaten dat ik net dichtsje kin, dat dêr haw ik ek wol gedichten yn publisearre. Ik siet yn ’e redaksje mei Bouke van der Hem. Hy is noch altyd myn skriuwmaat.’’

De produktiviteit fan skriuwer Van der Hem is ferlykber mei dy fan Bottema. Nei syn debútroman Sloppe Opels yn 2002 soene noch trije boeken fan syn hân ferskine, it lêste yn 2010.

,,Bouke is in skriuwer dy’t wrakselet. Wy komme hast alle moannen wol in kear byelkoar, dêrneist maile wy geregeld oer literatuer. En wy stjoere wurk nei elkoar ta om it kritysk te besjen. Dêr sit wol in bepaald patroan yn. Bouke besiket my derfan te oertsjûgjen dat ik net alles út ’e kast hoech te heljen om it publyk te fermeitsjen; ik besykje him safier te krijen dat er wat mear om it publyk tinkt en wat tagonkliker wurdt.’’

Begjin jierren njoggentich wûn Sjoerd Bottema trije kear achter elkoar in Rely Jorritsmapriis mei in koart ferhaal. It joech him it selsfertrouwen om op in earste boek ta te wurkjen. Doe’t dat boek der wie en net lang dêrnei syn eigen bern fan de middelbere skoalle kamen, hat er syn tsjinstferbân as learaar Nederlânsk en Frysk oan in skoalle yn Ljouwert werombrocht ta 60 persint. Mei as doel mear tiid oerhâlde foar it skriuwen.

,,As ik dat net dien hie, wie der noait wer in boek kaam. En dus bin ik hartstikke bliid dat ik it dien ha. It iennichste dat in learaar nei syn pinsjoen oerbliuwt binne de oantinkens oan al dy jierren foar de klasse, it skriuwer hat syn boeken. En it skriuwen kin er altyd mei trochgean.’’

Moaie faze

It skriuwen – dat is al dy jierren noait feroare – begjint mei it betinken fan in ferhaal en fan de personaazjes, in moaie faze yn it skriuwproses neffens Bottema. It einiget mei it slypjen, it ynkoartsjen, it boetsearjen fan de wurden en de sinnen: in miskien noch wol moaiere faze. It is de faze dêrtuskenyn – dy fan it skriuwen – dêr’t er de measte muoite mei hat. Hy sjocht der alle kearen wer tsjinop.

,,Dan sitst foar in leech skerm en dêr moat wat op, dat is it minste momint. Wat ik faak doch is dat ik rigels útset, 1 oant en mei 5. En dan mei ik fan mysels net earder ophâlde mei as wannear’t dy rigels folskreaun binne. As dy fiif rigels der steane, nûmerje ik fierder oant en mei 10.’’

Soms giet is sa goed, dat ik oan de ein fan ’e rit op fyftich rigels sit. Want as it lekker rint, gean ik troch. Under it skriuwen wit ik al dat der minne en oerstallige sinnen tusken sitte, mar dat hindert neat. Dy helje ik der letter wol út.’’

Bottema syn skriuwen mei soms wat tagonkliker wêze as dan fan Van der Hem, hy hat wol de pretinsje dat syn boeken justjes mear binne as allinne ferdivedaasje.

,,Ik moat derachter stean, in ferhaal moat net obligaat wêze. Mar de lêzer moat it wol begripe. By myn earste boek wiene der minsken dy’t it dreech fûnen. Ik tocht: it moat oars. Achterôf besjoen is dat twadde boek folle gaoatysker wurden as it earste. Foaral it earste ferhaal. Dat doch ik miskien noch wolris oer.’’

God en tsjerke

Ien ferhaal yn De grize oer de grouwe komt folslein út de fantasij fan de skriuwer wei, alle oare binne bewurkingen fan folksferhalen of oare besteande fertelsels, lykas Faust fan Goethe of it midsiuwske mirakelspul Mariken fan Nimwegen . Bottema hat dy ferhalen radikaal bewurke sûnder se nei hjoed-de-dei te ferpleatsen of der alderhanne anagronismen yn te ferwurkjen.

,, Mariken van Nimwegen giet oer in jonge frou dy’t sân jier mei de duvel libbet en dêrnei rêden wurdt troch God en de tsjerke. Ik ha datselde ferhaal út in nij perspektyf wei skreaun, dat fan de duvel. Dêryn is de rol fan de tsjerke in stik minder foarnaam. Foarich jier wiene wy yn ’e fakânsje in pear dagen yn Weimar, de stêd fan Goethe. Doe frege ik my ôf: Hoe kin ik Faust nei Fryslân helje? Dútslân is safolle grutter, it hat bergen en grutte wetters. Wy ha wat markes en de terp fan Hegebeintum, hoe kin ik der in Frysk ferhaal fan meitsje?’’

Bottema hat it dien troch fan Faust – yn it stik fan Goethe in foaroansteand gelearde – in doarpsdokter mei de namme Hindrik Falk te meitsjen.

Yn it lêste ferhaal fan it boek – Gosse Knop – wurdt wakker oer it minskdom filosofearre yn in idioom dat typearjend is foar de wrâld fan it folksferhaal. ,,Wat is in minske? In leechhertich en minderweardich wêzen. In minnenien. Striemin. Sa feninich as in brims, altyd deropút om in oar de flieën ôf te fangen, liep as in rôt, machtich as rotten, as miggen. Op de ljedder fan alle libben stiet de minske ûnderoan. In flie foar in heawein. In bline mich, bang as in mûs. Foar de wjirmen. Minsken, se stjerre as mûzen en binne dochs net út te rûgjen. Machtich as mychammels. Lit de minske net tinke dat er mear is as in mychammel.’’

It binne prakkesaasjes fan in man mei in duvelske ynslach dy’t no ris sels te fiter nommen wurdt. De wrâld fan it folksferhaal hinget oan elkoar fan minsken dy’t mei list en bedroch oare minsken foar it karke spanne en dêr soms sels it slachtoffer fan wurde.

,,Mar dat jildt foar alle literatuer. Minsken dy’t it goed giet, dy’t it bêste mei-inoar foar hawwe, dy’t altyd de goeie dingen dogge, is gjin literatuer fan te meitsjen. Wat binne foar in akteur de moaiste rollen om te spyljen? Dy fan de boeven, de slechteriken. Minsken dy’t doge is foar in skriuwer gjin ear oan te beheljen.’’

loading

Skriuwer: Sjoerd Bottema

Titel: De grize oer de grouwe

Utjouwer: Afûk

Priis: 16,50 euro (144 siden)

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct