Elske Schotanus.

Elske Schotanus en it Fryske Facebook-feuilleton. No as boek

Elske Schotanus. FOTO NIELS DE VRIES

Elske Schotanus naam ferline jier in lytse groep fan har Facebook-freonen mei yn in ferhaal. Alle dagen in stikje. It feuilleton is no útjûn yn in boek: De Raven .

‘Feuilleton no as boek!’ stiet der prominint op it kaft fan De Raven . Elske Schotanus (62) fan it Hearrenfean wie eins net fan doel om in boek te skriuwen. Alteast, se hie gjin plannen. Mar op in goede dei siet se efter de kompjûter en is doe samar mei in ferhaal begûn.

Hoe’t Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint, stiet ek op de foarkant fan it boek. Is dat wier sa? It hiele ferhaal is wol yn de ik-foarm skreaun. En de haadfiguer hjit ek fan Elske.

,,Welnee juh. Tochtst dat? Ik ha mar ien broer Jelle en wy kinne goed.” Se moat gnize. ,,En ús heit en mem wiene leave minsken. Ik kom út in goed nêst hear.”

Wa’t it echte libbensferhaal fan har en de famylje witte wol moat In kop as in almanak (2013) lêze, seit se. In ferhaal oer har foarâlden dy’t de kost fertsjinnen mei in skûtsje.

Fiksje

De Raven is fiksje. It is in roman oer in famylje mei twa susters, trije broers en âlders dy’t net sa goed op de bern pasten. Hja moasten trouwe. Heit drinkt syn frustraasjes fuort en mem sjocht faak de oare kant op. De trije âldste bern binne berne op in grutte buorkerij yn Aldemardum. Doe’t de heit de pleats kwytrekke, ferhuze de húshâlding nei in rychjeswenning op it Hearrenfean. De twa jongsten – Elske en Hayo – binne dêr berne. De âldste trije en de beide jongsten ferlieze elkoar út it each, mar fine elkoar úteinlik dochs wer.

Foarôf wist Schotanus net hokker kant it ferhaal útgean soe. Op in jûntiid yn juny ferline jier siet se yn har smûke tún by de fjoertonne. De oare deis tocht se: ik kin op Facebook ek wolris in ferhaaltsje skriuwe oer dat ik mei myn broer by de tonne sit. Se gong efter de iMac sitten – har wurkplak is yn de wenkeamer en sjocht út op ’e tún – en begûn te tikjen. In koart ferhaaltsje, sa’n sân, acht alinea’s. Oer de âldste broer Gjalt dy’t sûnt jierren op besite is en swijend neist har yn it fjoer stoarret.

Facebook hâldt fan koarte stikjes. Moatst net te lang skriuwe, dan heakje lêzers ôf, wit se út ûnderfining. In pear lêzers reagearren nei it earste ferhaal mei in tomke omheech. Dat betsjut: dat fyn ik leuk. De oare dei publisearre se wer wat en doe wer. Want wolle jo minsken op Facebook oan jo bine en fermeitsje, dan moatst alle dagen wol wat melde. Sa wurket dat no ienris.

Ast net better witst, dan tinkst by it lêzen fan it boek earst dat Schotanus alles oer har famylje samar op sosjale media de wrâld yn slingere hat. Der binne minsken dy’t de smoarge wask bûten hingje en ek alles oer harren privee diele. Schotanus dielt ek in soad, mar fynt dochs dat se hoeden genôch is. Se wit wa’t har ‘freonen’ binne en blokt ek wolris guon as de reaksjes har net oanstean.

Gluurders

Fan ‘gluurders’, minsken dy’t befreone binne mar noait reagearje of sels wat poste, moat se ek net safolle ha. Dy sjogge wol, mar jouwe noait in reaksje. Witst net watst oan sokke minsken hast.

Se publisearret perfoarst gjin foto’s fan har bernsbern. ,,Dêr hat gjinien wat mei nedich.’’ Freonen kinne de foto’s allinnich sjen, mar je witte ommers mar noait wat der mei bart. Boppedat, alles watst publisearrest, wurdt eigendom fan Facebook. Dêr hat de brûker sels goedkarring oan jûn. Sa is de roman eins ek fan Facebook. In bytsje synysk: ,,Dy ha ik noch nearne oer heard.’’

Facebook is ek in manier om jinsels as skriuwer te promoatsjen, jinsels sjen te litten dat jo der binne. Wa’t befreone is mei Schotanus lêst wat se op in dei meimakket, lytse bespegelingen, mar ek hoe’t se oer de wrâld om har hinne tinkt. Se dielt har miening, en dy liicht der soms net om. Sa fynt se bygelyks in hiel soad kollumnisten yn de Fryske media neat.

Ut in berjocht fan 6 juny: ‘ Nei myn smaak ha krekt wat tefolle kollumnisten yn de Ljouwerter it oer harsels, jildt ek foar de Moanne, wylst in goede kollum ta tinken set, helpt in eigen miening te foarmjen, oer wat him rûnom yn de wrâld sa al ôfspilet, polityk, maatskiplik. Op dit stuit benammen: klimaat, rasisme, de wearde fan kultuer, omgean mei koroana.’

Miening

Schotanus is der net op út om minsken te beskeadigjen, seit se. It giet har altyd om de ynhâld en de wierheid hat soms in skel lûd. ,,Ik fyn dat. En sis ek wêrom. En ek wêrom’t ik Sytze Faber as kollumnist wol goed fyn. Dy hat in fisy, dêr kin ik wat mei.’’ Ek dat is Facebook: net-frege in miening jaan.

In swarte fûgel is op it sket delstrutsen. It bist hipt fan links nei rjochts oer de râne en fljocht dan nei it lege foerbakje dat Elkse op it rút foar har buro plakt hat. ‘Pok’ en fuort is er wer. It is in krie. Elske sjit oerein. ,,Ik skrik eltse kear wer at dy bisten dat dogge. It bakje is leech, wêrom soe sa’n grutte fûgel hjir altyd wer hinne komme?’’ Krieën bin no ienris opportunisten, yntelligint ek en ferjitte net sa gau harren foeradreskes. ,,Oh soe dat it wêze?’’

Ynienen giet se stean, rint de húskeamer yn, keart om en giet wer by de tafel sitten. Se hat al in skoftke net smookt en wurdt ûnrêstich, seit se. Dat nei de keuken ta, de klompen oan en nei bûten. Se hellet in pûdsje healswiere sjek út de bûse fan har ribbroek en rôlet in sigaretsje. De reade roas bloeit. De klematis efter har krûpt omheech by it fytsehok.

As skriuwer hat se net safolle muoite mei de lockdown. Se is, sa as de measte skriuwers, op harsels. Lokkich kin se har famylje wol sjen. Twa fan har bernsbern wenje om ’e hoeke. De âldste, in jonge, komt allinnich op syn fytske wolris del. De oare dochter wennet yn Haarlem en krijt yn novimber har twadde berntsje. ,,Já!’’, jûget beppe.

,,Lokkich hoech ik myn bern en bernsbern net bot te missen. Fierders kaam ik dochs al net by grutte eveneminten.’’ Se moat al in bytsje oppasse mei har freon Eeltsje Hettinga. Hy hat in longsykte. ,,At hy koroana krijt, is hy der west’’, seit se. It is efkes stil. Hy wennet yn Ljouwert en komt út en troch ris del. ,,Wy hâlde dan wol ôfstân. It is net oars.’’

Aventoer

Se draait nei in healoere praten noch in sigaretsje. Jawis, it wie in moai aventoer, in roman skriuwe op Facebook. Se ferlear harsels yn it ferhaal. ,,Ik wist soms de iene dei net hoe’t it de oare dei komme soe’’, seit se. De ferhaaltsjes op Facebook waarden ek hieltyd langer. Yn it lêst siet se yn sa’n flow dat se yn it foar skreau. ,,Sa hold it ferhaal my yn ’e besnijing.’’

Ien fan de fêste lêzers wie skriuwster Martsje de Jong. Mar der wiene der ek dy’t sa no en dan wat liezen. ,,Ast it ferhaal lêze wolst, moatst myn hiele tiidline troch.’’

In soad minsken namen nei in skoftke de muoite net mear, wist se ek. Wat dat oanbelanget is it eksperimint fan facebookfeuilleton net hielendal slagge. Lokkich leit der no al in boek. It is gjin literêr keunststikje, skriuwt se sels. Dêrmei docht se harsels wol tekoart, want it is nijsgjirrich genôch om te lêzen. Sawol foar minsken dy’t ôfheakke binne op Facebook as foar lêzers dy’t net de sosjale media folgje, mar dochs witte wol wat de earste Fryske Facebookfeuilletonskriuwster makke hat.

loading

Titel : De Raven

Skreaun troch : Elske Schotanus

Untwerp : Monique Vogelsang

Ferkeappriis : 18,50 euro (214 siden)

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 4,99 per maand. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct