Arjan Hut.

Dichter Arjan Hut en it beswarrende fan taal: 'Poëzy kin wurkje as in soarte toverspreuk'

Arjan Hut. FOTO HOGE NOORDEN/JACOB VAN ESSEN

Arjan Hut hat in nije bondel: Fjoertoer yn it wâld . Oer ljochtpuntsjes, dreamen, reizigjen, Malala yn Fryslân en de roes fan de poëzy.

Jawis, seit dichter Arjan Hut (Drachten, 1976). Poëzy hat alles te krijen mei de roes. Poëzy is in roes. ,,It beswarrende fan taal”, seit er. ,,Poëzy kin wurkje as in soarte toverspreuk. Setst wurden byïnoar dy’t wat suggerearje, mar dy’t krekt net presys oanjouwe wat dat is..”

Sa kaam Arjan Hut derefter dat er wat mei poëzy hat. ,,Ik koe in oere lang nei in gedicht stoarje en dat rôp fan allegear ideeën op. Wylst dat gedicht dêr hielendal net oer gie. Losse stikjes, dy’t dy yn in poëtyske roes of trance bringe. Bist efkes út it hjir en no. Soms kinst mei twa, trije wurden in ferhaal oproppe. Dat kin hiel yntins wêze.”

Hut begûn syn foarige bondel Aurora bossa nova mei in oersetting, of bewurking, fan in gedicht fan Charles Bukowski. In Amearikaansk dichter en skriuwer dy’t syn roes graach opropt mei, lit ús sizze, floeibere middels. ,,Dat ha ik hielendal net”, seit Hut, ,,ik kin net sa goed oer drank en ik ha dat ek net nedich. Ik helje it wol út it lêzen en it skriuwen.”

Beskate sône

By it skriuwen, seit er, komst yn in beskate sône. ,,En as immen dy dan steurt kin dat hiel irritant wêze. Krekt ast wekker stompt wurdst.” Dat falt dan net ta, mei in húshâlding mei frou en twa bern yn in net al te grutte boppewenning - oant Pinkster de thúsbasis. ,,Ik kin my net ôfslute foar Elizabeth, Line en Ivan. Alles wat se sizze, elts lûd dat se meitsje, dêr bin ik alert op, op ien of oare manier. Dat ha ik mei oare minsken net, ik kin yn in park of in kafee sitte te skriuwen en my alhiel ôfslute fan wat der bart, mar in gesin is oars. It is ek net altiten fijn om thús te skriuwen, kinst heechút fluch wat ideetsjes opskriuwe. As ik echt konsentrearre oan in gedicht wurkje, sykje ik de rêst op. Earst yn Tresoar, en doe’t wy noch net ferhuze wiene gie ik hjir yn it nije hûs sitten.”

Yn it nije hûs, nijbou oan de Ljouwerter Delistraat tichtby it Cambuurstadion, is wat mear romte. ,,Kin ik op souder sitten gean. Mar ik moat myn plakje noch fine, Ik bin wol wat fan de rituelen.” Frou en bern spylje wol faak in rol yn syn gedichten. Lykas it finster yn syn foarige wenning, dy’t ôfbrutsen wurdt - se moasten dêr wol wei. Dêr seach er de wrâld oan him foarby gean.

Yn it iepeningsgedicht fan de bondel, Fyn ik dy , giet dat sa: ‘oan de achterkant fan dit gedicht / is in finsterbank dêr’t ik graach sit’. It gedicht liket wol hast programmatysk foar syn ferhâlding mei de poëzy: ‘it wyt tusken dyn rigels / fol geheim / (...) myn pupillen lyts, dan wiid / nee, soms begryp ik neat fan dy, / mar yn de nuverste / ferskiningen / fyn ik dy / of fynsto my?”

,,Sa fielt dat ek, in gedicht as in finster dêr’t ik graach oan sit. Kinst der echt yn sitte, yn omstappe. Hoechst der mar oan te tinken of sitst al yn dat gedicht. Ik ha it hiel flot skreaun, it wie in opdracht fan de gemeente Achtkarspelen (dêr is er ‘wâlddichter’, red.). Mar it past hiel goed oan it begjin fan dizze bondel., as in opstapke. Want sa sjoch ik tsjin poëzy oan. It is yn myn libben ek in ljochtpunt.”

Fjoertoer yn it wâld, jawis . ,,Ik hie dy titel al oan it begjin, dat is in soarte eftergrûn by alles wat ik skreaun ha. Ik skriuw faker oer ljocht. Myn favorite Fryske wurdt is ‘sinneljocht’, dat hat my ea oan it Frsyk skriuwen setten doe’t ik it stean seach op in gebouw oan de Grinzerstrjitwei. It sykjen nei in stip oan de horizon, sa hjit dat dan. Bist op de taast, hast gjin idee wêrst oan ta bist. Ik ha gjin fêst wurk, altiten jildpine en stress, it idee: ik fâl folslein bûten de maatskippij, ik hear der net by. Dan tinkst wol: wat is der mis mei my? Poëzy, gedichten skriuwe, dat is myn hâldfêst.”

Isolaasje

It gefoel fan isolaasje sit ek yn in pear gedichten. ,,Dat ik earne sit en nimmen komt by my sitten. Dat ha ik wol gau, dy oardel meter ha ik fan mysels wol in bytsje. Ik bin earne los fan, mar ik wit net wêrfan. Is der wat mei my, mis ik in sosjaal gromosoom, is it útstrieling?” It liket hast in soarte corona avant la lettre. ,,Corona, eins fûn ik dat wol fijn. Ik skamje my hiel faak dat ik net safolle jild fertsjinje, dat ik dêr in soad spanning van ha. Ynienen ha in hiel protte minsken dat. En nimmen kin der wat oan dwaan. Dan skamje ik my ek wat minder. En ik ha it gefoel dat de tiid efkes stil stiet. It giet al sa hurd.”

Der liket mear bûtenwrâld te sitten yn Fjoertoer yn it wâld. as yn syn eardere wurk. Hy sil wol nea in aktivistysk dichter wurde, mar dan is der wol ynienen in gedicht dat Malala hjit - de jonge Pakistaanske aktiviste en Nobelpriis-winneres.

,,Dat is in fantasy. Mei it idee: it is gefaarlik wêr’t sy wenne, dat kom mar lekker nei Fryslân. Dat wie yn de tiid fan de blokkearfriezen. Pas letter betocht ik dat sy ek út de bus helle is troch aktivisten, dy’t har yn de holle skeaten. Folslein yn de oertsjoeging dat sy it gelyk en God oan harren kant hiene, en har kultuer beskermje moasten.” Sa kinst it sjen as in stevich polityk statement, ,,mar dan lês ik it as is it fan in oar en dan sjoch ik it ek wol. Mar sa skriuw ik it net.”

In tige wichtig gedicht is it lêste, en it langste yn de bondel: Myn leafde foar dy . Eins in ferslach fan in konsert fan singer-songwriter Mark Kozelek, yn it ramt fan it Ljouwerter festival Explore The North, 2018, mar der komt folle mear by. ,,Ik wie tige ûnder de yndruk fan hoe’t dy Kozelek syn teksten skriuwt. Triviale dinkjes, knullich rym... It hoecht hielendal net kryptysk en poëtysk, kinst gewoan begjinne.” Yn dy styl skreau hy dit gedicht dan ek. En hy foarme in groepke mei dichters Sytse Jansma en Jojanneke Drijver, ,,dan skreauwen wy yn Kozelek syn styl, en dat besprutsen wy dan. Dêr ha ik in protte oan hân.”

Dêr binne mear gedichten út fuortkommen, lykas Ik brocht ús âlde dvd’s nei de Omrin . ,,Yn Evangeline wurke it net. Dat is in folle kompleksere struktuer wurden, mar wol mei losse stikjes dy’t ienfâldiger binne, yn dy Kozelek-styl. Dat hat wol in proses west fan in jier: herskriuwe, lêze litte.”

As in dreun

En fan in dream. ,,Ik dreamde dat ik in affêre hie mei in skjinmakster op in eilân. De Ingelske sitaten yn dat gedicht, dat wie it ferske dat sy song ûnder it skjinmeitsjen. Yn myn dream, ja. It siet myn yn de holle as in dreun. Dat mei ik dan dochs wol brûke? En dat waard de basis fan it gedicht.”

En dat eilân út dy dream, dat is Malta. De bondel wurdt foarôf gien troch in tal motto’s fan bûtenlânske dichters, generaasjegenoaten fan Hut. Hjir en der streame der ek oersetten flarden fan en ferwizings nei harren wurk troch syn eigen gedichten. It risseltaat fan in reis nei Malta, om op te treden op it Mediterranean Literature Festival yn haadstêd Valletta, yn 2018.

,,Ik wie dêr folslein ûntspannen, hielendal happy. In super-roes fan op it juste momint op it juste plak mei de juste minsken. Ik soe wol yn dat momint wenjen bliuwe wolle, it wie sa fijn, sa noflik, alles foel fan my ôf.”

En dat wylst de foartekens net geunstich wiene. ,,Ik reizgje noait, dat ik wie strontnerveus. Ik kaam letter oan, ik hie twa kear it fleantúch mist.” Hy laket. ,,Dêr gie it ferhaal dat ik sûnt 1991 net út Ljouwert wei west hie, hjir hearde ik dat ik seis kear it fleantúch mist hie. Ik ha it mar sa litten.”

Famylje

De dichters dy’t er dêr moete, ,,it wie krekt oft ik dy al twa-, trijehûndert jier koe of sa. Wy ha noch altiten kontakt. Echt in famylje ynienen. Ik lear ek in hiel protte fan it oersetten fan gedichten. En sokken kinst der ek noch ris wat oer freegje.”

Hut fielde him op Malta net daliks roppen ,,om as in arrogante pipo foar minsken dy’t it dochs al mei my iens wiene te roppen datst gjin sjoernalisten opblaze moast” (it lot fan Daphne Caruana Galizia, wat yn Kulturele-Haadstêdjier 2018 in protte opskuor joech), mar op Malta waard er wol konfrontearre mei it mânske kontrast tusken de grutte cruiseskippen en de ,,kolonnes fan flechtlingen, dy’t freegje om in earlike oplossing, en dy’t dan útlake wurde troch dy botokstypes fan dy kippen.” It hat him wol wat dien. ,,Mar it moat dan prottelje. Ik gean net sitten om in soarte kabarettekst te skriuwen. Mar dy bylden brûk ik wol.”

Sa hat dy reis wol hiel wat yn him losmakke en foar him betsjutten. ,,It is mar goed dat ik net faker reizgje.”

#

loading

Titel: Fjoertoer yn it wâld. Skriuwer: Arjan Hut. Utjouwerij: Afûk. Priis: 17,50 euro (72 siden).

#

De presintaasje is jûn by de Sneak Peek Fryske Poëzy yn de Westerkerk yn Ljouwert (útferkocht)

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 4,99 per maand. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct