Steven Sterk yn syn eftertún De Deelen.

De lêste roman fan Rink van der Velde: klassiker fan in fjildman

Steven Sterk yn syn eftertún De Deelen. FOTO JILMER POSTMA

Koart foar it ferstjerren fan skriuwer en sjoernalist Rink van der Velde kaam syn lêste roman It guozzeroer út. Utjouwer Steven Sterk fan De Gordyk hat it no opnij útjûn. It ferhaal giet oer de Twadde Wrâldoarloch, De Deelen en in alderferskuorrendst gewear.

Yn jannewaris 2001 ferskynde It guozzeroer , de lêste roman fan Rink van der Velde (1932-2001). De skriuwer en sjoernalist wie doe al slim siik en ferstoar in moanne letter.

Utjouwer Steven Sterk (64), dy’t wennet yn Tsjalbert, hat Van der Velde noch kend. Hy hat de rjochten om alle boeken fan de skriuwer út te jaan. Dat docht er, mei tastimming fan Van der Veldes widdo Mineke, ien kear yn de twa jier. ,,Om him te earen en om syn ferhalen libben te hâlden”, seit Sterk.

Dat fiskjen wie foar de fjildman in soarte fan meditaasje

Hy hâldt fan Van der Velde syn styl fan skriuwen. ,,It taalgebrûk yn syn wurk is sa natuerlik. Hy hie in allemachtich goed taalgefoel.” En de feiten yn de boeken doge, want Van der Velde die dêr ûndersyk nei. ,,Hy kontrolearre alles, dat makke him ek in goed histoarikus.”

As jong baas mocht Sterk, dy’t doe sjoernalist wie, Van der Velde ris ynterviewe. Hy seach doe bot op tsjin yn syn eagen ien fan de grutste skriuwers fan Fryslân. ,,Ik wie hiel nerveus foar it petear, want foar my wie hy dochs in hiele grutte, in ikoan.” Nei dy earste kear, troffen de manlju inoar faker. It wie gjin ynlike freonskip, mar hja hiene in goeie bân. ,,Wy koenen goed.” It wie altyd noflik om inoar te moetsjen. Dat barde meastentiids yn it kafee sa as bygelyks by café Marktzicht yn Drachten, dêr’t Van der Velde graach om in slokje kaam.

De sjoernalist en skriuwer wie ek in fjildman. Hy hâlde fan fiskjen en jeien en wie gauris op ’e strún yn de natuer. Hy wie ek wit hoe faak te finen yn syn arkje op ’e Feanhoop. Dêr gong er hinne at er syn wenplak Drachten út woe om ’e holle leech te meitsjen.

loading

Dat arkje leit oan in petgat. Van der Velde fiske en sette dêr ek fûken út dêr’t er iel yn fong. Dat fiskjen wie foar de fjildman in soarte fan meditaasje. Hy kaam ta rêst, fielde him ien mei de natuer en wie dan folslein yn syn elemint. Yn in petear mei de Drachtster Krante yn 1998 fertelde er : ‘As ik oan it fiskjen bin, kin ik myn gedachten lekker gean litte. Ik betink foaral in soad ûnder it fûkestopjen. De fiskerij is yn syn soarte it belangrykste dat der is. Ik klau my werklik út ’e naden om wat iel te fangen.’

As bern hie hy yn de Twadde Wrâldoarloch in protte tiid yn de bosken fan Beetstersweach trochbrocht, it plak dêr’t it gesin – heit, mem en fiif bern – Van der Velde wenne. De skoallen wiene sluten en gjin moaier en aventoerliker plak as tusken de beammen.

Fan de dagen nei it ljocht ta. Dat ultraviolette ljocht! Dat soegje ik op

Yn datselde petear yn de Drachtster Krante mei ferslachjouwer Fokke Wester fertelt Van der Velde oer de streuperij. Der wie gjin tafersjoch yn ’e bosk, de bern koenen harren gong gean: ‘It fangen woe omraak. De hege hearen hienen gjin kûgels en gjin tiid mear, dat der wie suver in kninepleach. Boppedat wienen de boeren ferplichte om rogge te ferbouwen en der kamen in soad fazanten op ôf. De fazanten ieten wy thús sels op, mar de kninen ferkochten wy. Dy wienen doetiids djoerder as no. Fansels moast ik wol oppasse, want ús heit wie fjildwachter. Mar dat wie in moaie tiid, hiel foarmjend foar in jonge as ik.’

It is al hast tweintich jier lyn dat Van der Velde ferstoarn is, mar dochs tinkt Sterk wol gauris oan de skriuwer at er yn De Deelen omstrúnt, dêr’t hy wennet. ,,It is myn eftertún”, seit er.

Hy kuieret der faak en makket ek yn syn kano geregeld in slach troch it natuergebiet. Hy hâldt it meast fan ’e maaitiid. ,,Fan de dagen nei it ljocht ta. Dat ultrafiolette ljocht! Dat sûgje ik op!” Dan is it wol De Deelen op har moaist, fynt Sterk.

Hy sjocht nei it wetter, it grien, de beammen en de bisten en hy waakt oer in stik grûn dat eigendom is fan in partikulier. ,,Ik bin in selsbeneamd boskwachter.” It allinnich wêzen jout rêst en makket ek lokkich. Hy sjit gjin wyld, mar nimt wolris in guozzeaai mei. Dat mei wol net, mar in bytsje oerhearrich hearre jo as fjildman wol te wêzen, fynt Sterk. Fan dy aaien makket er advokaat. ,,Hearlik.”

loading

It guozzeroer is ynspirearre op in wier bard ferhaal dat him foar in part yn De Deelen ôfspile hat. Yn it boek wurdt dat ferhaal ferteld troch Bavius Bouma, in frijfeint yn in oanleunwente yn Akkrum. Hy fertelt it oan de ik-figuer, in sjoernalist dy’t him eins wat freegje wol oer de fynst fan in Dútske motorfyts mei sydspan yn it wetter flakby it Tripgemaal.

Yn it keammerke fan de âldfeint stiet in baas guozzeroer, in antyk sjitark mei de útwurking fan in kanon. En dat makket nijsgjirrich. Wêrom stiet dat grutte ding dêr en wêrom is de loop laske?

Van der Velde nimt de lêzer mei op reis troch de tiid. Oer hoe’t Bavius as jongbaas nei in wurkkamp yn Frankryk giet en yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûkt yn De Deelen, mei trije oare manlju.

Se brochten de tiid troch yn in fan turf boude hut. Simmerdeis gong wol, mar winters wie it kâld en dampich. Oan’e ein wurdt dúdlik hokker neitinken Bavius hat oan it guozzeroer en wêrom’t hy it net kwyt wol.

Yn de resinte útjefte hat Sterk de orizjinele taal behâlden. ,,It is yn prachtich Frysk skreaun, foar eltsenien te begripen”, fynt hy.

De omslach is wol oars. Op de earste druk stie in skilderij fan in guozzeroer, makke troch Gerrit Breteler. Mar de útjouwer hat keazen foar in skilderij fan De Deelen fan de dit jier ferstoarne keunstner Sjoerd de Vries. ,,Ik fyn it eins ien fan syn bêste boeken. Rink kin hiel lyts dingen fertelle dy’t in grutte betsjutting hawwe. Wat dat oanbelanget is It guozzeroer foar my in klassiker.”

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct