Anita Terpstra.

Anita Terpstra: As skriuwer bist sels baas

Anita Terpstra. Foto: Niels Westra

Nei sân boeken, dêr’t in oantal fan yn it Dútsk en it Frânsk oerset is, is Anita Terpstra noch altyd like ûnwis. By elk manuskript freget se har ôf: nei de útjouwer stjoere of fuortmiterje? No is der foar it earst in Frysk boek fan har: The challenge.

Anita Terpstra (1974) út Ljouwert is foaral bekend as skriuwster (en as LC-resinsint) fan thrillers, mar op’t heden is se drok dwaande mei in boek oer dûbeltsjes en kwartsjes. ,,Der wurdt altyd sein dat in dûbeltsje noait in kwartsje wurdt, dat fûn ik altyd flauwekul. Ik kom út in arbeidershúshâlding, ús heit wie hússkilder yn Hallum, mar ik haw keunstskiednis studearre. En ik skriuw boeken.’’

,,Oant ik fan Rutger Bregman, de skriuwer fan De meeste mensen deugen, in stik lies oer dûbeltsjes dy’t altyd dûbeltsjes bliuwe. Dêryn liet er, oan de hân fan famyljenammen, sjen dat ôfkomst foar in grut part bepaalt wat der fan minsken wurdt. Dat minsken út bepaalde famyljes generaasje op generaasje oan ’e toutsjes lûke yn it bestjoer, de ekonomy en de rjochterlike macht.’’

,,Doe’t ik dêr wat langer oer neitocht, tocht ik: hy hat gelyk. En seach ik yn dat it ek foar my jildt, dat ik noch altyd in dûbeltsje bin. Ik bin net advokaat of direkteur fan in bedriuw wurden, ik skriuw. In belangrike posysje yn ’e maatskippij haw ik net en dy sil ik ek wol noait krije. Mar om no te sizzen dat my dat spyt. Nee. Ik hoech net in hiel soad ynfloed te hawwen, ik wol net de ferantwurdlikheid drage foar in bedriuw. Lit my mar moai in dûbeltsje bliuwe.’’

,,Foar it boek dûk ik myn famyljeskiednis yn, dat is de reade tried. Ik kom út in nêst dûbeltsjes. Ien fan de fragen dy’t ik my stel is wêrom’t kwartsjes mear wurdich binne as dûbeltsjes. Dat wurdt ek de teneur fan myn boek: dat der neat mis mei is om in dûbeltsje te bliuwen.’’

Keunstskiednis

Oait learde se yn Swol foar sjoernalist. Se rûn staazje by de Leeuwarder Courant en Viva en doe al begûn se te twiveljen oft de sjoernalistyk wol echt wat foar har wie. ,,Ik seach it nijs net altyd. As der in sirene gie, woene oare sjoernalisten daliks witte wêr’t dy hinne gie en fytsten se der miskien wol efteroan. Ik fytste gewoan nei hûs. It like my ek wol in swier fak: deis oan it wurk en der jûns faak ek noch op út.’’

Ien fan ’e ljochtpunten op de skoalle foar sjoernalistyk wie it fak keunstskiednis. ,,Dat wie folslein nij foar my. Ik fûn it geweldich, ik tocht: dêr wol ik fierder mei.’’

Se skreau har yn foar de stúdzje keunstskiednis oan de universiteit yn Grins en bekostige dy mei stikken dy’t se as freelancer foar de Viva skreau. In prachtige stúdzje, mar net in fakgebiet dêr’t de banen foar it opskeppen lizze, hielendal net foar ien dy’t ôfstudearre is op it wurk fan in oantal Súd-Afrikaanske fotografen. Dat se bedarre dochs noch yn de sjoernalistyk, by in persburo yn Ljouwert.

,,Foar dat persburo makke ik ek wol reportaazjes foar Omrop Fryslân. Wie’k mei in kameraman op stap en as wy dan werom wiene moast ik de bylden dy’t wy makke hiene, spotte. Dêr wie ik hielendal net goed yn, begelieding wie der amper, dat ik krige al gau it gefoel: ik lear it noait. En dan fûne se ek nochris dat myn Frysk net goed genôch wie. Doe’t it persburo woe dat ik fan Grins nei Ljouwert ferhuze, wie dat in moai momint om op te hâlden.’’

Sels baas

Se waard redakteur fan it NHL-magazine fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, har man kaam foarby, se ferhuze dochs noch nei Ljouwert, se krige twa bern en se begûn oan har earste boek te wurkjen. ,,It wie al frij gau dúdlik dat ik net jierren by it NHL-magazine bliuwe soe. Sitst de hiele dei tusken dosinten, soms binne dat fan dy betweters. Ik tocht: ik wol boeken skriuwe. Dan kreëarrest dyn eigen wrâld en bist sels baas.’’

Se folge skriuwkursussen, lies boeken oer it skriuwen fan boeken en begûn oan har earste roman. Doe’t se it boek klear hie, stjoerde se it nei in oantal útjouwers. Oeral mei itselde resultaat: in ôfwizing.

Jierren letter begrypt se wol werom. ,,Wat der oan mankearre? Wat mankearre der net oan? De personaazjes, de spanningsbôgen, neat wie goed. De tekst sil efteryn de kompjûter noch wol earne opslein wêze, mar ik kin der net oars as mei skamte oan weromtinke. Ik ha my nei al dy ôfwizingen in pear dagen beroerd field en my ôffrege oft ik it oait leare soe, mar dêrnei hie ik frij flot genôch moed om opnij te begjinnen.’’

,,Dat hinne en wer stuiterjen tusken ‘ik kin dit net’ en ‘ik kin it’ ha’k noch altyd. By elk manuskript dat ik klear ha, freegje ik my ôf: ,,Sil ik it nei de útjouwer stjoere of fuortmiterje?’’ Ek al hat de útjouwer noait wer in manuskript fan my ôfwiisd.’’

,,In boek skriuwe is in bytsje as ferlyfd wêze. Krijst in ynfal en dêr bist hielendal fol fan. Tinkst hieltyd: wat in prachtich idee is dit. Mar ast der wat langer mei oan it wurk bist, komme de fragen. Is dit hiele idee net in klisjee? Binne de personaazjes wol leauweardich? It is krekt as hast, krekt as yn in relaasje, te folle tiid mei it boek trochbrocht.’’

,,Al skriuwend krijst faak al wer ideeën foar in folgjend boek. Mar dat iene boek moat earst ôf. As in relaasje út is en dyn eks krijt wat mei in oare frou, dan tinkst: as sy wat yn him sjocht, dan is er miskien dochs wol de muoite wurdich. Datselde gefoel krij ik as de útjouwer it manuskript dat ik yn de papierkoer smite wollen hie, goed fynt.’’

Nicci French

Jierrenlang spile de thriller op de Nederlânske boekemerk in ûndergeskikte rol. Der wiene mei sokken as Tomas Ross, Charles den Tex en René Appel wol skriuwers dy’t har taleine op it sjenre, mar harren boeken wiene sa populêr net as it út Ingelsk oersette wurk fan bygelyks John le Carré en John Grisham.

Dat feroare mei de komst fan skriuwsters as Saskia Noort, Esther Verhoef en Simone van der Vlugt. Se soargen derfoar dat de thriller ek by froulju in stik populêrder waard en om’t froulju no ienkear mear lêze as manlju skeaten de oplagen omheech. Anita Terpstra heart ûnderwilens ek yn dat rychje.

Neffens Anita is it yn feite begûn mei Nicci French, it skriuwersechtpear Nicci Gerrard en Sean French. ,,Sy wiene it begjin fan in nije streaming. Sy kombinearren eleminten út de plysjeroman mei dy út oare sjenres. Dat sloech oan.’’

Fan Anita Terpstra binne oant no ta seis thrillers útkommen bij útjouwerij Cargo. Samen en Vonk binne yn it Dútsk oerset, Anders is behalven yn it Dútsk ek yn it Frânsk oerset. De oplagen binne sadanich dat se der fan bestean kin. ,,Der stiet gjin Roll Royce foar de doar, mar ik kin sels de broek ophâlde. Ik bin net ôfhinklik fan myn man.’’

Nei seis thrillers kaam yn 2018 har earste non-fiksjeboek út: Het huis vol . Har heit en mem komme beide út in húshâlding mei in soad bern, yn dat boek beskriuwt se hoe’t it wie om mei safolle broers en susters op te groeien.

Yn maaie ferskynt har earste roman sûnder misdiedelemint: Moedermaffia. It beskriuwt hoe’t jonge memmen elkoar en elkoars bern oeral en altyd de maat nimme en yn ’e put prate.

Teanneils

Fan ’e wike is har earste Fryske boek útkommen. Alhoewol, hielendal allinne hat se it net dien. ,,De Afûk frege my oft ik foar it lêsbefoarderingsprojekt LêsNO in boek skriuwe woe foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Ik ha daliks ‘ja’ sein, ek om’t ik twa jonges fan alve en trettjin ha. Mar ik haw der wol daliks by sein, dat ik it net yn it Frysk skriuwe kin, dat ha’k noait leard. Dat wie gjin probleem, se lieten it wol oersette. Dat hat Martsje de Jong foar my dien.’’

Yn The challenge wurdt Jesse, in skoaljonge fan in jier as fjirtjin, troch twa maskere en ferklaaide persoanen ûntfierd en foar it each fan ’e kamera twongen opdrachten út te fieren as it drinken fan pis, it opiten fan de teanneils fan in âld minske en it skjinslikjen fan de soal fan in skoech. Geandewei it ferhaal wurdt dúdlik dat de ûntfierders Jesse persoanlik kenne en dat se op wraak útbinne foar wat er ien fan harren oandien hat.

Mei The challenge hat Anita Terpstra har earste jongereinboek skreaun. Alwer in sjenre derby. Wat wurdt de folgjende stap? In dichtbondel?

,,Dy ôfwikseling makket it skriuwen noch leuker as dat it al wie. Gedichten? Dy kâns is net sa botte grut. Mar sis noait noait. Eeltsje Hettinga wennet hjir ek yn ’e strjitte, miskien dat de wyn dizze kant nochris útwaait.’’

loading

Je kunt deze onderwerpen volgen
Boeken
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct