Wat is een artikel?

Onze LC+-artikelen bieden verdieping van het nieuws. Ook de extra's van de Courant vallen onder LC+, zoals bijzondere columns en commentaren. Met trots gemaakt voor de lezers die willen weten hoe het écht zit. In tekst, foto en video leggen wij uit wat het nieuws betekent voor jou en jouw omgeving.

Elke maand 3 LC+-artikelen lezen met je gratis account

Aan het begin van de maand wordt je tegoed weer aangevuld tot 3.

Ook onbeperkt LC+-artikelen lezen?

Dat kan! Met een (proef)abonnement kun je net als onze andere abonnees onbeperkt PLUS-artikelen lezen op onze site en in de app.

Je hebt jelimiet bereikt.  Verder lezen? Abonneren Je kunt nog [plusArticlesLeftCount]artikelen lezen deze maand

Aggie van der Meer: minsken steane har eigen lok yn 'e wei

Se hoecht der net fier foar te reizgjen: sneon krijt Aggie van der Meer yn de Martinitsjerke yn har wenplak Boalsert de Gysbert Japicxpriis útrikt. Se fiert de priis mei in nij boek: De tsjûgen fan de macht.

Aggie fan der Meer (92) sit oan de tafel op har keamer yn fersoargingstehûs It Menniste Skil efter in laptop, de wiisfingers yn ’e oanslach. As de besite him meldt, slacht de twifel ta: ôfmeitsje wêr’t se mei dwaande is of daliks begjinne te praten? Dan triuwt se it byldskerm nei ûnderen: ,,Ik hie noch mar ien wurd stean. Hoe’t it fierder moat, ûnthâld ik wol.’’

Se is dwaande mei it tankwurd dat se útsprekke sil nei it yn ûntfangst nimmen fan de Gysbert Japicxpriis. It moat in bytsje in logysk opboud ferhaal wurde en dêrom hat se it fan a oant z útskreaun. It leafst wol se it ferhaal út ’e holle fertelle, dat se wie krekt dwaande om har ferhaal yn stekwurden gear te fetsjen. ,,Myn stim lit it noch wolris ôfwitte, dêrom is it goed dat it op papier stiet. Dan kin in oar it oernimme.’’

Se ferpleatst har meast yn in rolstoel, mar op goeie dagen rint se noch efter in rollator nei de Poiesz in eintsje fierderop om boadskippen te dwaan. Se moat wolris sykje om in wurd sa no en dan, mar foar it oare is se geastlik noch folslein by de tiid. Se lêst twa kranten – Trouw en Leeuwarder Courant – en geregeld ynspirearje berjochten yn dy beide blêden har ta it skriuwen fan in ferhaal en soms in Te Gast.

De tsjûgen fan de macht is in samling koarte ferhalen, wêrfan’t de measte ynjûn binne troch sa’n krantestikje. ,,Daliks nei myn lêste boek, De achttjin, tocht ik: Ik moat mar gjin romans mear skriuwe. Eins hie it, efterôf besjoen, noch wol kind. Ik bin noch altyd goed, ik kin fan alles noch betinke. Ik bin krekt noch oan wat nijs begûn mei komponist Hoite Pruiksma.’’

,,Ik skriuw wol troch. It moaie fan it skriuwen fan ferhalen is datst ophâlde kinst wannear’st wolst. Ik meitsje gjin program, ik skriuw op ’e bonnefoai. Ideeën genôch. Ik praat der wolris oer mei Ernst Bruinsma fan de Afûk. As er my heart seit er gauris: dêr kinst wol in ferhaal oer skriuwe. ‘Mar no net’, sei er de lêste tiid der efteroan. ‘Dit boek is klear sa’.’’

Boalsertersk

Aggie van der Meer is nei har santichste pas yn it Frysk begûn te skriuwen. Oant dy tiid hie de ambysje foar literêr wurk ûntbrutsen en as dy der al west hie, hie se gjin tiid hân om der wat mei te dwaan. Earst wie der de soarch foar seis bern, letter ûntwurp se tunen foar it hoveniersbedriuw fan har man en waard se ek nochris it gesicht fan it Interkerkelijk Vredesberaad (IKV) yn Fryslân.

It duorre oant de jierren njoggentich ear’t de fan hûs Boalsertersk pratende Aggie van der Meer har opjoech foar in kursus poëzij by Tsjêbbe Hettinga. Har debút yn boekfoarm wie yn 2000 mei De stêd, it bist, de ingel – balladeske. Wat se sûnt oan dichtbondels, romans en toanielstikken skreaun hat fertsjinnet sûnder mis de oantsjutting oeuvre.

'It moaie fan it skriuwen fan ferhalen is datst ophâlde kinst wannear’tst wolst'

Se laket graach en in soad, har literêre wurk is – alhoewol’t se de grutte ûnderwerpen net út ’e wei giet – gauris licht fan toan. Dochs hat se har as fertsjintwurdiger fan it IKV en yn har krantestikken altyd oppenearre as ien dy’t tige begien is mei de ûntjouwingen yn de maatskippij.

Se krijt ek noch altyd minsken oer de flier út de tsjerklike en de politike wrâld. Koartlyn hie se heechlearaar ekology Theunis Piersma op besite. ,,Hy belle, it wie him opfallen dat ik frijwat pessimistysk bin en neffens him hoecht dat net. Hy is de hiele middei bleaun.’’

Der is neffens Van der Meer in grut ferskil tusken hoe’t wittenskippers en gewoane minsken nei de wrâld sjogge. It wie har wol faker opfallen. ,,Ik bin in krantelêzer, ik lês gjin yngewikkelde boeken. Kranten skriuwe in soad oer de ellinde yn ’e wrâld, dat beynfloedet my.’’

,,Wittenskippers binne faak folle optimistysker. Se hawwe in soad kontakt mei elkoar en sjogge mooglikheden foar de takomst dy’t wy net sjogge. Se sjogge ek fierder as takom jier.’’

,,Ik besykje alles wat te folgjen. Sa wol ik graach witte hoe’t algoritmes wurkje en hoe’t dy ús beynfloedzje. Theunis Piersma ynteressearret dat folle minder, dy ferdjippet him dêr ek net yn. Dat is it ferskil tusken wittenskippers en gewoane minsken: wittenskippers binne selektiver.’’

,,Ik bin miskien emosjoneler. Ik hie in skoft lyn kontakt mei ien fan de Ljouwerter Krante om’t ik fûn dat it tiid waard foar in grut ferhaal oer de twadieling yn ’e maatskippij. Oft ik it sels net skriuwe woe, fregen se my. Yn earste ynstânsje hie’k dêr gjin nocht oan, mar úteinlik ha’k it toch dien. De redaksje hat it pleatst, it koe der wol op troch blykber, mar neffens myn soan Frans Bauke – ek in wittenskipper – wie it te kritysk en fierste fûl.’’

Unferjaanlik

It binne altyd wer de kranten dy’t har ynspirearje. ,,Soms tink ik: ik hoopje dat der hjoed neat yn stiet, want ik wol ek wolris frij. Der binne altyd dingen dêr’t ik fierder oer neitinke wol sûnder der daliks oer te skriuwen.’’

,,Ik fyn it sa spitich – dat is sa’n ûnderwerp – dat safolle minsken har eigen lok yn ’e wei steane. Ik tink dat it net allinne foar de maatskippij en de natuer better is as der op in oare manier buorke wurdt, de boeren soene der sels ek net minder fan wurde.’’

,,By de LTO witte se al hiel lang dat it oars moat, mar boeren dy’t oergean wolle nei biologysk krije amper stipe. Dy moatte twa jier op in houtsje bite, ear’t se in hegere molkpriis krije. Wêrom moat it sa lang duorje ear’t der wat feroaret yn de lânbou? Wêrom soe in feroaring net in ferbettering wêze kinne, wêrom tinke minsken altyd dat feroaring it der allinne mar minder op makket?’’

,,Ik lies lêstendeis in stik oer in boer dy’t sei: ‘Ik sil bliid wêze as ik twongen wurd om it oars te dwaan’. Hy woe wol, mar hy doarde it net oan. It is ûnferjaanber hoe’t boeren dy’t oerskeakelje wolle, behannele wurde. De LTO docht neat foar sokken.’’

Trepke

Healwei it petear stapt soan Obe de keamer yn mei in trepke, mei oan ’e sydkant in soarte fan bisskopsstêf om jin oan beet te hâlden. ,,Dat mocht ik lene fan pastoor’’, seit er yn it Boalsertersk dat er fan hûs út meikrigen hat.

Syn mem mei as winner fan de Gysbert Japicxpriis op ’e dei fan de útrikking har namme op in balke yn it Gysbert Japicxhûs skriuwe. Dy balke is sa heech, dêr kin se sûnder trepke net by. Der sil grif wol in keukentrepke wêze, mar it is de fraach hoe stevich dat is.

It trepke fan Obe van der Meer is neffens him al oardel iuw âld en waard eartiids brûkt as pastoar, foarôfgeand oan in prosesje, de monstrans mei de hosty fan in ferheging op it altaar pakte. Van der Meer – al hiel lang kritysk lid fan de Roomske Tsjerke – is wiis mei it trepke. It ritueel fan de hantekening krijt aanst weardich en feilich syn beslach.

De dea

Dat it leauwen, hoe fier se de dogma’s fan de Roomske Tsjerke ek efter har litten hat, har noch altyd dierber is, komt ek yn De tsjûgen fan de macht nei foaren. In oantal ferhalen hat in bibelsk motyf, mar se beljochtet ek it misbrûk fan bern yn tsjerke. Al docht se dat lêste mei in soad nuânse. Yn it ferhaal Ferrie ferpleatst se har net allinne yn it slachtoffer, mar ek yn ’e dieder.

De titel Ferrie ferwiist nei de mem fan it slachtoffer dy’t har soan dúdlik makket dat er him fersint, om’t de rektor it bêste mei de bern foar hat en soks noait dwaan soe. ,,Dat wist er dochs. Se woe it der net mear oer ha. Soks hie de rektor net fertsjinne. Dat soe er dochs wol mei har iens wêze?’’

,,Dat ferhaal is basearre op eat dat wier bard is. Dy mem hat har hiele libben derûnder lijd dat se de oare kant útseach. Wat hie se it harsels in stik makliker makke as se daliks tajûn hie dat se it ferkeard dien hie. Dêr hawwe de measte minsken muoite mei. Se ûntkenne it of se bagatellisearje it.’’

,,Ik hie it dêr lêsten oer mei in frou dy’t wat fan my lêzen hie. Ik fertelde har dat dat ien fan ’e dingen is dy’t ik yn ’e rin fan ’e jierren leard ha: datst dyn flaters tajaan moatst. Dat is eigenbelang, oars rinst der noch jierren mei om. Se sei: ‘Dat hie’k earder witte moatten.’’’

Mei har 92 jier wit se dat fierwei it grutste part fan it libben efter har leit. It wjerhâldt har der net fan en slút De tsjûgen fan de macht ôf mei Petear mei de dea. In petear dat net samar regele wie, skriuwt se. ‘It wie dat de measten net op it idee kamen om de dea bûten wurktiid ûnder eagen te kommen. Oars koenen se der sowieso net oan begjinne: it soe te folle fan har kostbere tiid nimme en wat soe it oars opsmite as âld spul fan dank en triennen.’

De dea tsjinnet har ynearsten oan as in frou. As de ik-persoan seit dat se har de dea as in man foarsteld hie, makket de frou plak foar in manlike dea. It petear ferrint aardich noflik, oant de ‘ik’ op ’e drompel de dea noch in lêste fraach stelt: oft er him derbûten hâlde wol as it oer Killer-Robots giet? Dan bliuwt it stil. ‘Hee, binne se der net mear? Hearre se my net? Der klapt ergens in doar.’

Titel: De tsjûgen fan de macht. Skriuwster: Aggie van der Meer. Utjouwer: Afûk. Priis: 16,50 euro (143 siden)

[firstName], je hebt net een artikel gelezen! Nu je hier toch bent, vragen we graag je aandacht voor het volgende:

Je hebt op dit moment een gratis account. En dat is natuurlijk prima. Je hebt daarmee toegang tot een belangrijk deel van het nieuws dat onze 100+ journalisten elke dag brengen, maar je mist nu wel veel. Zo kan je niet onbeperkt onze verdiepende LC+-artikelen lezen en heb je ook geen toegang tot onze digitale krant. Zonde natuurlijk! Daarom bieden we je graag een proefabonnement aan, zodat je kennis kan maken met alle interessante extra’s die je nu mist.

Onze LC+-artikelen bieden verdieping van het nieuws. Ook de extra's van de Leeuwarder Courant vallen onder LC+, zoals bijzondere columns en commentaren. Met trots gemaakt voor de lezers die willen weten hoe het écht zit. In tekst, foto en video leggen wij uit wat het nieuws betekent voor jou en jouw omgeving.

Bekijk proefabonnementen
Toon reacties

Mis niets van het regionale nieuws. Ontvang onze dagelijkse nieuwsupdate, helemaal gratis.

Meer dan 22.249 nieuwsbriefabonnees

Je kunt je op elk moment weer uitschrijven

Lees hier ons privacy statement

Aanmelden LC-nieuwsbrief

Blijf op de hoogte van het belangrijkste nieuws