Wat 2015 bijzonder maakte: Frysk teater

Wat maakte dit jaar indruk op de recensenten van de Leeuwarder Courant en waar kijken ze volgend jaar naar uit? De komende dagen vindt u iedere dag een lijstje op de website. Vandaag 'Frysk teater' door Sietse de Vries.

1. De feteranen - Bouke Oldenhof

De feteranen giet oer de polisjonele aksjes yn Ynje. It stik docht dat oan 'e hân fan twa feteranen, dy't trou de jierlikse Ynjebetinking bywenje. Se wurde alle jierren âlder en sentiminteler. Freark Smink en Joop Wittermans jouwe dy tanimmende brekberens prachtich stal.

2. Doe kaam de maaitiid - 100 jier Tetma

De hûndertste bertedei fan Tetman de Vries wie de oanlieding foar in jublieumrevu troch Rients Gratama en Leny Dijkstra. Doe kaam de maaitiid is net allinne in earbetoan, it is foaral in folweardich teaterprogramma fan twa âlde rôten yn it fak.

3. Kattekwea - Jeugd fan Kollumersweach

It wie in goed iepenloftspullejier, 2015. Om't de earste beide plakjes foar feteranen ynromme binne, is it tredde plak foar de jeugd fan Kollumersweach mei Kattekwea. Mei hert en siel, en tagelyk mei humor, hawwe de spilers ûnder lieding fan Bianca Wiersma in musical skreaun, komponearre en spile dy't der wêze mei.

Tip 2016

Wergea bewurket de film O Brother, where art Thou fan Joel en Ethan Coen ta iepenloftspul.

Toon reacties