Teaterman Popke van der Zee (64) ferstoarn

Froukje Reitsema en Popke van der Zee yn 2016 yn Pavljoen De Leyen yn Rottefalle wêr't sy 'Foar dy nei dy' spilen. Foto Jilmer Postma

Teaterman en âld-dosint Ingelsk Popke van der Zee is sneon ferstoarn. Hy is 64 jier wurden. Hy wie al in skoftke slim siik.

Van der Zee makke syn toanieldebút yn 1996. Hy waard yn dat jier frege troch regisseur Romke Toering foar in lyts roltsje yn it iepenloftspul In Sinterske Opera yn Jorwert. It jier dêrop folge in gruttere rol: Bill Sykes yn Oliver.

Hy spile fierders in oantal rollen yn ienakters, die mei oan de skoalradio en -telefyzje fan Omrop Fryslân en stie yn in hiele rige oare foarstellingen.

Yn 2018 makke er diel út fan de sjuery fan de Gouden Gurbes, dêr’t resinsint fan de LC Cilla Geurtsen foarsitter fan wie. Sy koe Van der Zee ek as in besiele dosint en natuerminske. Hy wie in reedrider – yn 1985, 1986 en 1997 hat hy de Alvestêdetocht út riden – hâlde fan fiskjen, wie in fûgeltsjeman en koe in soad fertelle oer syn grientetún.

,,Van hem heb ik bijvoorbeeld geleerd dat je moet eten wat er op dat momint groeit en niet waar je zin in hebt”, seit se. Yn 2016 spile er tegearre mei Froukje Reitsema it stik Foar dy nei dy, oer it ferliezen fan harren bern. It stik wie troch Bouke Oldenhof skreaun en ynspirearre op de ferhalen fan beide spilers.

Van der Zee en syn frou Wieke de Haan ha harren jonkje Piter Durk ferlern. It baaske wie twa jier en is ferdronken yn de feart foar harren hûs yn Mantgum. Van der Zee tocht eltse dei oan him, fertelde hy ris yn in reportaazje fan Finster op Fryslân. ,,De dea is der, mar it libben mei ek libbe wurden. Der is in soad fan ivichheid dy’t oer alles hinne leit”, sei er.

Ferline jier wie Van der Zee belutsen by it iepenloftspul Animal Farm yn de Hemrik. Dat stik waard mei regisseard troch Eline de Vries. Sy hat Van der Zee kennen leard yn 2012 en yn 2016 bin se befreone rekke. Dat barde by de repetysjes fan de foarstelling De tocht van morgen. ,,Hy wie myn mentor, in freon dy’t kritysk seach nei myn wurk.”

Dat die hy op in hiel noflike wize, seit De Vries. ,,Hy wie in waarm minsk, wie tankber foar syn libben en seach altyd nei wat hy noch wol koe. En no kin ik him net mear efkes appe om te freegjen wat hy der fan fynt. Ik sil him bot misse.” Yn de advertinsje stiet in diel fan ’e tekst dy’t Van der Zee foardroech yn Foar dy nij dy : ,,Sjoch wat der is, it glês is heal fol. (..) Bliuw dapper!’’

Popke van der Zee is ferstoarn oan de gefolgen fan sloktermkanker. Hy lit in frou en trije dochters efter.