Simke Kloostermanpriis foar Hanneke de Jong

De Simke Kloostermanpriis foar it it bêste Frysktalige berne- of jeugdboek is wûn troch Hanneke de Jong fan Frentsjer, foar it boek Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen.

Dy priis wurdt ienris yn de trije jier útrikt. ,,Benammen de útdjipping fan de sitewaasjes en gedachten is mei in soad soarch dien”, stiet yn it sjueryrapport. ,,In fleurich jeugdboek dêr 'tst enerzjy fan krijst.

”De priis, 5000 euro en in oarkonde, wurdt op 20 maaie útrikt yn de Petrustsjerke yn Twizel. Yn 2010 wûn De Jong dizze priis ek al, doe foar it boek Salsafamke.

Toon reacties