Sa gau't se skriuwe koe, skreau se ek yn it Frysk. ,,Ik haw de taal net útsocht, de taal hat my útsocht’’, seit dichter Sigrid Kingma. Reade triedleas is de titel fan har debútbondel.

Yn in kleurich Mariojurkje, koket huodsje op 'e holle, harsels begeliedend op 'e gitaar lêst en sjongt Sigrid Kingma (27) har gedichten. It is freed 20 maaie, it is de presintaasje fan Reade triedleas yn de Koepeltsjerke yn Ljouwert. De senuwen, dy't har pleagje, losse op yn 'e wille mei de oare dichters op it poadium.

Se fertelt oer har haat-leafdeferhâlding mei dizze tiid. Oer ynternet dêr't se bêst sûnder wol, as se mar net sa sljocht op gamen west hie. Oer har langstme nei de jierren santich doe't de jongerein noch fan alles útfine en befjochtsje moast, mar dy't se sels – as âld-leukemypasjint – mei de medyske kennis fan doe noait oerlibbe hie.

Ek har leafde foar it Frysk liket – sjoen it oantal leeftydsgenoaten dat har belangstelling dielt – net hielendal fan dizze tiid. Mar dêr is it foar har as dichter wol mei begûn. Hoe hat se dy leafde foar it Frysk eins skipe? In pear dagen nei de presintaasje sit se yn in – fanwegen de ferbouwing – ûntmantele sealtsje fan har wurkjouwer, de Fryske Akademy, om oer Reade triedleas te praten.

Sigrid Kingma: ,,Fan in omke en tante. Dy folgen Afûkkurssussen en hiene Fryske boeken. Us tante sei in kear: 'Witsto wol datst de tiidwurden omdraaist?' Dat haw ik dêrnei net wer dien: ik wie al hiel jong gefoelich foar it Frysk eigene. Op de legere skoalle moast ik ús beppe ynterviewe oer de oarloch. Dat woe ik perfoarst yn it Frysk dwaan, want wy praten altyd Frysk mei elkoar.’’

Sa gau't se skriuwe koe, skreau se ek yn it Frysk. De stavering ûntliende se oan Aukje en har maten , it iennichste Fryske berneboek dat se thús hiene. Op it vwo oan it Drachtster Lyceum wie se de iennichste mei Frysk yn it pakket.

,,Ik skamme my om Nederlânsk te praten as ús heit en mem derby wiene. Dêrom tink ik ek dat de taal my útsocht hat. Ik haw my noait bewust west fan de posysje fan it Frysk, ik wie gewoan myn taal.’’

Se wie yn it fuortset ûnderwiis mei fakken as wiskunde, natuerkunde, skiekunde en biology in learling mei in útsprutsen bètaprofyl. Hoe kin it dat sa'n ien nei de Grinzer universiteit giet om Nederlânsk en Frysk te studearjen? Sigrid Kingma: ,,Ik haw by alle fakken sjoen – wiskunde, skiekunde, stjerrekunde, taalwittenskippen – ik fûn alles leuk. Wat my it meast oanspruts wie in kolleezje Nederlânsk oer gedichten. Nei ôfrin dêrfan wist ik wat ik woe: learaar Nederlânsk wurde. En ik woe Frysk studearje.’’

Dokterke boartsje

It soe der net fan komme. Har stúdzjekarriêre wie noch mar in wike âld, doe't se siik waard. Se wie wurch, tocht oan de sykte fan Pfeiffer, mar krige giele eagen fan de penisilline en frege – alhoewol't de húsdokter dat net needsaaklik achte – in bloedtest oan. Dêr kaam út dat har bloedwearden te leech wiene. Yn it sikehûs yn Drachten krige se te hearren hoe't dat koe: leukemy.

It kaam by de famylje suver hurder oan as by harsels. ,,Ik seach der op in wittenskiplike manier nei en ik hie der daliks fertrouwen yn dat it goed komme soe. Ik tocht, wy geane it trajekt yn: bloed ôfnimme, bloedtransfúzjes, gemo's, bienmurchtranplantaasje, bestrielingen, it giet los. Ik wie oan it dokterke boartsjen mei mysels.’’

It fertrouwen oer de goede ôfrin waard net altyd stimulearre troch it medyske personiel yn Grins. ,,Der wie in aaklike froulike dokter dy't my daliks dúdlik makke dat ik mar 25 persint kâns hie om de gemo en 20 persint om it bestrieljen te oerlibjen en dy't my ek nochris warskôge dat my in drege tiid te wachtsjen stie.’’

,,Ik wie oan it dokterke boartsjen mei mysels.’’

Dat lêste kaam út – de skildklier, in sikehûsbaktearje en noch wat ekstra komplikaasjes fergrutten de ellinde sels – mar nei in healjier waard se foar genêzen ferklearre. Deselde enerzjy dy't se foar de behanneling hie, sil se noait weromkrije – gjin folsleine wurkwiken foar har – mar dêr wol se it fierder net oer ha. Fierste bang dat oaren tinke dat se harsels de rol fan slachtoffer oanmjit. Se fielt har út noch yn gjin slachtoffer. ,,Foar in bûtensteander liket it altyd slimmer as foar dysels.’’

Eefkes letter heakket se dêr noch oan ta: ,,Moatst ek wol wat ellinde ha om oer te dichtsjen. Dêr kinst mear mei as mei de happy days.’’

Nee sizze

Alhoewol't de genmutaasjes dy't in sykte as harres feroarsaakje meast folslein tafallich binne, tinkt se dat de stress fan it libben dat se late mooglik wol in rol spile hat. ,,Ik die fierste folle. Ik die twa profilen op skoalle, siet yn 'e redaksje fan de skoalkrante, spile toaniel, siet yn in band, ried hynder, ik die fan alles en kaam noait ta rêst. Ik doarde gjin 'nee' te sizzen, want dan fielde ik my skuldich. No't ik minder enerzjy ha, doch ik it rêstiger oan en doar ik 'nee' te sizzen.’’

Nei har genêzing hat se earst har stúdzje Nederlânsk oppakt en doe't dy op 'e rails stie, is se mei Frysk úteinset. Yn 2015 helle se har master Nederlânsk, in jier earder hie se har bachelor Frysk helle. It earste jier hat se alle enerzjy yn har stúdzje stutsen, dêrnei waard se foarsitter fan de Fryske stúdzjeferiening Skanomodu , begûn se gedichten en poëzijresinsjes foar literêr tydskrift Ensafh en berneboekeresinsjes foar it Friesch Dagblad te skriuwen.

Se skriuwt al mear as tsien jier poëzij, dat it hat lang duorre ear't har earste bondel útkaam. Sigrid Kingma: ,,Ik frege my ôf: hoefolle gedichten hast noadich foar in bondel? Binne se wol goed genôch? Stean ik der achter en stean ik der oer in pear jier noch achter? Ik haw in oantallen kearen optreden, der hat in skoft in gedicht fan my yn it UMCG (Universitair Medisch Centrum Groningen) hong, dêr ha'k goede reaksjes op hân. Anne Popkema , hjir út Grins, hat my oer de streek lutsen. Hy sei: 'Doch it no mar.'’’

Transfúzje

In oantal gedichten giet oer de tiid yn it sikehûs. Transfúzje bygelyks, it earste gedicht dat se skreau nei't se te hearren krige hie dat se siik wie. Folslein útteld lei se op bêd. Mei it transfúzjebloed dat har de ieren ynrûn, kaam de enerzjy stadich werom. Se pakte in pinne en skreau. Oer it útsicht op it griis fan de âlde tsjerke dat se leaver net seach. Se seach de oare kant út: ,,De loft biedt nij perspektyf/ik ha mysels in eintsje omlein/sadat ik troch it rút yn oar ljocht/allinnich de griene stedstoppen sjoch’’.

De measte fersen hawwe neat mei it siikwêzen te meitsjen. Guon gedichten tsjûgje fan in fllosofyske ynslach, lykas Reade Tried , dêr't de titel fan de bondel oan ûntliend is. It giet – ôfsjoen fan de assosjaasje mei de bloedtransfúzjes dy't se hân hat – oer de oanstriid fan minsken om altyd mar wer reade triedden te sykjen dy't de rommelige eintsjes dêr't in minskelibben út bestiet mei elkoar ferbine moatte. Om dy eintsjes yn alle gefallen de skyn fan in ienheid te jaan.

It begjint mei de rigels: ,,Wa't siket nei ienheid/sjocht oeral triedleaze ferbiningen/polsstok wurdt selfiestok’’.

Sigrid Kingma: ,,Dy lêste rigel komt út in oar gedicht, mar dy wie hjir better op syn plak. Der wurdt faak sein dat de tiid hieltyd hurder giet en dat de minsken mei grutte sprongen foarút gean. Mar tagelyk lizze de minsken it libben dat se liede hieltyd faker fêst.’’

Reade triedleas befettet ek humoristyske fersen. Wa't de earste letters fan it dadaïstyske ferse op rolle fan boppe nei ûnderen lêst, wit dat se dada – de keunststreaming dy't yn har wenplak Drachten spoaren neilitten hat – net botte heech hat.

De bondel is twatalich: Frysk-Ingelsk. De Ingelske oersetting – Red wireless – is fan in goede freon fan Sigrid Kingma, Trevor Scarse .

,,As ik minsken kleien hear, tink ik: seur net sa.’’

Serieuzer

De sykte hat rêst yn it libben fan Sigrid Kingma brocht, mar se is der ek serieuzer troch wurden. ,,En ik wie al sa'n serieus bern.’’

Se laket lûd om har eigen wurden. Mar dêrmei binne se net minder wier. ,,Ik mocht graach leare, ik stie oeral foar iepen. Troch dy sykte bin ik noch serieuzer wurden. Mar miskien bin ik ek wol wat ûnferskilliger wurden. En wat hurder. As ik minsken kleien hear as se ferkâlden binne of yn 'e file stien ha, tink ik: seur net sa.’’

Sigrid Kingma wurket op't heden 24 oeren wyks by de Fryske Akademy oan it projekt Hisgis . Se makket njoggentjinde iuwske teksten klear foar digitalisaasje. Yn septimber spilet se, mei de dichters Arjan Hut en Elmar Kuiper ûnder oaren, yn de teaterproduksje Wachten op de liefde yn it Ljouwerter bosk.

En se dichtet. De hope om as learares Nederlânsk learlingen de leafde foar poëzij by te bringen, hat se opjaan moatten. ,,Mar ik hoopje wol dat ik nochris dichtworkshops jaan kin of sa. Lesjaan oer gedichten, dat liket my noch altyd moai.’’

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct