D edicated follower of fashion waard In hiel tefreden hear fan R insma , en I heard it through the grapevine : Ik hearde it yn de preek snein . Gerard Rinsma bringt popklassikers op in ferrassende wize nei Fryslân, sûnder de ynhâld fan it orizjineel oan te taasten.

Dûmny is er – by de PKN yn Goutum – en popmuzikant. It is net in kombinaasje dy’t in soad foarkomt. Beide, it leauwen en de muzyk, hat er al jong skipe. Hy wit noch dat er as jonkje fan in jier as sân op de jiske-amer yn it klaaihok fan it swimbad op De Gordyk stie en de oare bern tarôp dat er Paulus wie en har it evangeelje brocht. En dat dy bern de oare deis tsjin elkoar seine: ,,Sjoch, dêr rint Paulus’’.

,,Eins wie ik in hiel from jonkje’’, seit Gerard Rinsma as er oan syn bernejierren weromtinkt. Hoe’t dat sa kaam, wit er net rjocht. Miskien dat it te meitsjen hie mei in wat eangstige natuer. Of mei de wat hegere sensitiviteit dy’t keunstners as bern gauris eigen is. Hy wit bygelyks noch dat er, alhoewol noch fierste jong om te begripen wêr’t er it oer hie, tige ûnder de yndruk wie fan de foardracht fan dûmny Bernard Smilde. Soks hie er gefoel foar.

,,Ik ha ien kear in preek fan dûmny Zelle meimakke. Ik wit noch dat er boldere: ‘In deze gemeente zullen slechts vier het Koninkrijk Gods binnengaan’. En dat ik tocht: ús heit, ús mem, myn broerke en ik, it kin krekt. Ik wit ek noch dat ús bernefaam by har ôfskied har bernebibel oan ús joech en dat ik hiel bot oandien wie, om’t ik tocht: no komt se net yn ’e himel.’’

Feilich yn ‘e muzyk

It leauwen makke him soms bang, yn de muzyk fielde er him feilich. Dêr kaam er noch earder mei yn oanrekking as mei it leauwen. Yn syn betiidste herinneringen sjocht er syn mem foar him dy’t piano spilet. Like âld is it oantinken oan it konsert op krystjûn fan it Gordykster korps Loof Den Heer op it merkeplein. Muzyk kaam der ek út de bakkerij fan buorman Age van der Mei. Hy en syn fjouwer âldste bern foarmen in muzykensemble. Sneintemoarns repetearren se. ,,Dochter Etty, no dirigint fan Grootkoor Friesland, wie like âld as ik. Wy hiene itselde gefoel foar muzyk.’’

,,De bakkerij fan har heit waard in kafetaria – Age Patat – en dêr stie in jukebox fol prachtige platen. In gûne of in kwartsje moast deryn, mar dy hiene wy net. Ik wit noch dat Etty en ik op sneinte-moarn soms nei de kafetaria giene, dat se in pear kwartsjes út de kassa helle en dat wy plaatsjes draaiden. Ruby Tuesday fan de Stones wie ien fan ús favoriten.’’

Muzyk wie alles foar de lytse Gerard en al jong krigen hy en Etty muzykles fan Pier Hoekstra fan de Opsterlandse Muziekschool. Popmuzyk spruts him mear oan as klassyk, mar dêr fielde er him net altyd noflik by. ,,Ik wie, sa’k al sei, in hiel leauwich jonkje en ik hie heard dat popmuzyk heidensk wie. Ik hie in muoike dy’t bewearde dat This is my song fan Petula Clark fan de duvel wie. Folle letter begriep ik hoe’t se dêr by kaam. Dat ferske is skreaun troch Charlie Chaplin en dy wie kommunist.’’

Folders rûnbringe

Doe’t Ekseption in brêge tusken klassyk en pop sloech, doe’t mei lietsjes as Let it be , Spirit in the sk y en Bridge over troubled water gauris religjeuze eleminten yn poplietsjes opdûkten, ferdwûn de eangst foar de duvel. Hy brocht folders rûn foar de moadewinkel fan syn heit en fan it jild dat er dêr mei fertsjinne kocht er de nijste platen fan Simon & Garfunkel, Creedence Clearwater Revival en de oare bands fan dy tiid. En as jonkje fan fjirtjin begûn er syn eigen ferskes te skriuwen. ,,Ik moast myn emoasjes kwyt yn de muzyk.’’

In pear jier letter waard er pianist by in gospelkoar, komponearre er in muzykstik fan in healoere foar de fluitiste fan it koar op wa’t er in eachje hie en fierde dat – ,,wêr hellen wy it lef wei?’’ – noch út ek. De komposysje koe net foarkomme dat syn leafde ûnbeantwurde bleau. It makke him wanhopich. ,,Ik ha letter wolris sein, dat ik foar de kar stien haw: fan in flat springe of teology studearje.’’

Net lang nei’t er foar syn stúdzje nei Amsterdam ferhuze, rjochte er mei in ploechje maten út Fryslân folkgroep Gysbert op. Tagelyk ruile er as tekstskriuwer it Ingelsk yn foar it Frysk. ,,It Ingelsk wie in romme jas, wêryn’t ik hiel maklik skreau, mar it sleat net mear oan by myn gefoelens. Mei it Frysk slagge dat wol, dat sleat hiel nau by my om ’e hûd.’’

East-Dútslân

It earste jier fan dy teologystúdzje wie dreech. ,,Alles wat ik oan leauwen hie, waard my ôfpakt. Dat oerkomt mear teologystudinten. Mar dêr kaam wol in hiel soad foar yn it plak: filosofy, psychology, sosjology en alle oare fakken. Dat is it moaie fan teology, it is in hiele brede stúdzje. Ik sûge alles op. Mar ik begûn der wol hieltyd mear tsjinop te sjen om letter de pastory yn. Ik ha njoggen jier oer myn stúdzje dien. Dat koe doe noch.’’

Dat er letter dochs dûmny wurden is, hat alles mei syn ferbliuw yn it kommunistyske East-Dútslân te meitsjen. Syn lettere frou wie dêr dûmny en dêr hat er mei eigen eagen sjoen hoe’t it leauwen minsken ta stipe wêze kin om har steande te hâlden ûnder drege omstannichheden. ,,It hat my holpen om in leauweardige manier fan tsjerke wêzen te finen.’’

Werom yn Fryslân stie Gerard Rinsma earst in oantal jierren yn Grou op ’e kânsel en dêrnei yn Skagen en Roermond. Sûnt fjouwer jier is er dûmny yn Goutum.

Yn de simmerfakânsjes hat er achttjin jier lang de wrâld oerreizge as strjitmuzikant. Stockholm, Oslo, Rio de Janeiro, rûnom hat er syn eigen ynterpretaasje fan de grutte hits út de jierren sechstich en santich fertolke. ,,Bist as strjitmuzikant minder as neat. It is hiel learsum om it ferskil te fielen tusken hoe’t minsken yn tsjerke nei de dûmny sjogge en hoe’t se op ’e dyk nei de strjitmuzikant sjogge’’, sei er dêr acht jier lyn oer yn in ynterview.

Foarich jier hat er nei achttjin jier syn lêste optreden as strjitmuzikant jûn. ,,Ik hie it gefoel dat der gjin ûntwikkeling mear yn siet en dan kinst der mar better in punt achter sette.’’

Yn 2009, doe’t er fyftich waard, beswarde er in midlifecrisis – ,,ik hie ek in motor keapje of in proefskrift meitsje kinnen’’ – mei it meitsjen fan de cd In minske sin . No't der acht nije libbensjierren binne om op werom te sjen, waard it neffens him tiid foar in nije cd mei Fryske oersettingen fan de lietsjes dy’t er as strjitmuzikant jierrenlang spile hat: It sûzjen fan’e stilte.

Duke Ellington

Nei’t Rinsma syn earste Top 2000-tsjinst yn Goutum holden hie, krige er it fersyk oft er ek oan sa’n soart tsjinst yn Camminghabuorren yn Ljouwert meidwaan woe. O ja, en se hiene al in band.

Grace, sa’t de bandleden harsels neamden, blykte út in ploech prima muzikanten te bestean. Gerard Rinsma wie him de kening te ryk. Mei de fiif muzikanten – oanfold mei pianist Mike Roelofs – en de ûnmisbere stipe fan producer Joop van den Linden fan De Lemmer koe er de cd meitsje dy’t him foar eagen stie.

Op de cd steane Fryske bewurkingen fan nûmers as it al neamde Ruby Tuesday , Homburg fan Procol Harum en Bakerstreet fan Gerry Rafferty. Rinsma hat de ferhalen dy’t yn de lietsjes ferteld wurde ferpleatst nei Fryslân, mar tagelyk besocht om de oarspronklike ynhâld sa goed mooglik rjocht te dwaan.

Yn in oantal gefallen docht er dat op in ferrassende wize. Sa waard I heard it through the grapevine fan Marvin Gaye by him Ik hearde it yn de preek snein, beide te begripen as ‘ik hearde it earne op ’e dyk’. Beide teksten geane oer ûntrou, Rinsma hat der – hy koe it net litte – fan makke: ‘Dominy is by syn frou wei’. Dedicated follower of fashion fan The Kinks waard In hiel tefreden hear fan Rinsma , in knypeach nei de moadesaak fan syn famylje op De Gordyk: ,,Hy tinkt dat hy in pauwe is yn in fauna/en wannear’t er foar de spegel/syn siden strik fêstknoopt,/dan fjilt hy him in hiel tefreden hear fan Rinsma.’’

Yn neat liket It sûz j en fan de stilte op it wurk fan in predikant. Neffens Rinsma is dat in krekt wat te hastige konklúzje. Syn teologyske eftergrûn skimeret, tinkt him, troch yn de folchoarder fan de lietsjes. De cd begjint luchtich mei Here comes the sun, (Hjir komt se oan) fan The Beatles, mei in nûmer as The River fan Bruce Springsteen ( De seedyk ) wurdt it al in stik serieuzer.

Yn While my guitar gently weeps fan The Beatles ( Wylst myn gitaar súntsjes skriemt ) wurdt de griemerij dy’t minsken fan har libben meitsje fan grutte ôfstân besjoen, noch filosofysker wurdt it yn it titelnûmer The sound of silence fan Simon en Garfunkel en Old en wise ( Myn lêste reis ) fan Alan Parsons.

Rinsma: ,,Alles dat ik te sizzen ha, stiet op dizze cd. Dat it nûmers fan oaren binne, is allinne mar goed. It hat my holpen om oer myn eigen grinzen hinne te stappen, om los te kommen fan myn eigen ideeën en fantasijen. Gean der mar fanút dat dit myn lêste cd is. Ik haw it gefoel dat ik hjir net mear oerhinne kom.’’

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct