Op een fraai beschilderde tribune keken 75 toeschouwers vorige week coronaproof – op gepaste afstand van elkaar en van de spelers – in Workum naar de première van Untskepping. De voorstelling is bedacht en opgevoerd door theatergezelschap De Paupers.

Resinsje | Untskepping: somber fan ynhâld, fleurich fan toan

Op een fraai beschilderde tribune keken 75 toeschouwers vorige week coronaproof – op gepaste afstand van elkaar en van de spelers – in Workum naar de première van Untskepping. De voorstelling is bedacht en opgevoerd door theatergezelschap De Paupers. FOTO NIELS DE VRIES

Manlju hawwe aardich mear oan it útrûpeljen fan de ierde bydroegen as froulju. It is yn Untskepping fan De Paupers dêrom ek net Eva dy’t it minskdom yn it ûngelok stoart troch Adam ta it iten fan in apel te ferlieden, mar Adam dy’t Eva mei grou geweld ta it iten fan in par twingt. Dêr is alle ellinde mei begûn.

Net earder hat skriuwer/regisseur Henk de Boer sa’n somber en swart byld fan it minskdom en it lot fan de ierde sketst as yn Untskepping . Alles wat de ierde leefber makket, moat wike foar de sucht nei jild en de gefolgen binne dernei.

Lees ook [PREMIUM] | De Paupers gaan in Workum gewoon de planken op

Fol healwizichheid

Mar Henk soe Henk net wêze as er dat boadskip net ferpakte yn in ferhaal fol healwizichheid. It yn it dekôr opnommen tsiisfabryk fan FrieslandCampina is yn Untskepping de grutste produsint fan memmemolke fan ’e wrâld. Om’t in pear manlju genôch binne om de molkestream op gong te hâlden, levert it fabryk in wichtige bydrage oan it oplossen fan de oerbefolking.

In twadde ferhaalline oer it uploaden fan minsklike sielen makket dúdlik dat in minske neat mear is as in bit yn de cloud en as yndividu amper meitelt.

Bang foar blomkoal

Personaazjes mei wa’t it publyk him identifisearje kin, komme yn it stik net foar. Untskepping is foaral in ideeënstik dat maatskiplike ûntspoaringen earder yn komyske as yn yslike bylden heint.

Politisy – om mar in foarbyld te nimmen - spylje gauris op eangstgefoelens yn om kiezers te winnen, de machthawwers yn Untskepping meitsje de minsken net bang foar joaden of links-ekstremisten, mar foar … - ,,wat stjonke se’’ - blomkoal.

Somber en swart fan ynhâld, fleurich en hilarysk fan toan. It is sa’t allinne De Paupers teater meitsje yn Fryslân.

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct