Een scène uit 'Oera Linda'. FOTO MARCEL VAN KAMMEN

Resinsje: Spetterjend spektakel oer Oera Linda-boek

Een scène uit 'Oera Linda'. FOTO MARCEL VAN KAMMEN

In grap mei in serieuze ûndertoan, sa soe men de fisy fan Goffe Jensma op it Oera Linda-boek(OLB) yn in pear wurden gearfetsje kinne. En dat is no krekt de toan dy’t se yn Suwâld oanslane yn de teaterbewurking fan Jensma syn – it klinkt raarder as it is – proefskrift út 2004.

It ferhaal is bekend: yn 1867 dûkte der in manuskript op, dat iuwenlang fan generaasje op generaasje trochjûn wêze soe yn de famylje Over de Linde. It boek beskreau net allinne de skiednis fan de famylje, mar ek dy fan de Friezen. Bliken die dat de Fryske beskaving âlder wie as dy fan de Griken en eins fan alle grutte beskavingen.

François Haverschmidt

Hast alle saakkundigen wiene it der al gau oer iens dat it om in falsifikaasje gie, om in grap. Dat der 150 jier letter noch altyd oer praat wurdt, is te tankjen oan konrektor Jan Gerardus Ottema fan it Ljouwerter gymnasium: hy hold it OLB foar echt en sette it oer.

Der is hiel wat spekulearre oer wa’t de auteur fan it OLB is. De lêste dy’t der serieus ûndersyk nei dien hat, is Goffe Jensma. Syn konklúzje wie dat dûmny/dichter François Haverschmidt it skreaun hat en dêrby holpen is troch timmerbaas Cornelis over de Linde en bibletekaris Eelco Verwijs.

Daughters of Frya

Dat is ek it útgongspunt fan skriuwer Hans Brans. Hy wikselet it ta stânkommen fan it OLB ôf mei twa oare ferhaallinen. In oantal fragminten út it OLB wurdt neispile as in soart stripferhaal mei rymjende teksten en fisuele healwizichheden. Dêrneist fiert er de Daughters of Frya op dy’t – neffens in ynternetside – in soarte fan hjoeddeiske OLB-sekte foarmje soene yn Australië.

It gehiel is in prachtich eagjend, spetterjend spektakel wurden mei in pear moaie lieten, mei dûns en in soad gekkichheid. Geandewei wint de foarstelling oan earnst. Dan wurdt dúdlik dat it skriuwen foar Haverschmidt needsaaklik wie om oan syn ‘worgengel’ te ûntsnappen en dat it OLB foar Ottema in reddingsboei wie, nei’t syn libben troch de dea fan syn frou alle sin ferlern hie. De sênes mei Haverschmidt en Ottema en dy mei Haverschmidt en syn alter ego Piet Paaltjens foarmje it dramatyske hichtepunt fan dit tige slagge earste iepenloftspul fan Suwâld.

Barren: Iepenlofstpul Oera Linda Tekst: Hans Brans Foarmjouwing: Marysia Jaworski Regy: Grytha Visser Sjoen: Suwâld, 27/6 Besikers: 160 Noch te sjen : jûn en 4 o/m 7 july. Stjerren: 4

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct