'Turks fruit', moai mar foarsisbar, fynt de resinsint.

Resinsje: ‘Turks Fruit’ moai, mar foarsisber

'Turks fruit', moai mar foarsisbar, fynt de resinsint.

De band hat de Radetskymars noch mar krekt ynset of it publyk laket al. It wit: no komt titen-kont.

Iepenloftspul Turks Fruit yn Dronryp is it feest fan de werkenning. De pimel fan Erik yn ’e rits fan ’e spikerbroek, Olga dy’t har langút op Erik falle lit, alles – op it wyndrinken yn ’e rein nei – sit deryn. De foarstelling hat suver wat fan in tributeband dy’t de muzyk fan it grutte foarbyld sa goed mooglik neispilet sûnder al te folle eigen ynterpretaasje.

Wer ris in stik spylje dêr’t publyk op ôfkomt, dat wie it doel. Turks Fruit is de bêst ferkochte roman fan Jan Wolkers, de ferfilming fan Paul Verhoeven de bêst besochte Nederlânske film oait, poer geskikt dus om in soad minsken te lûken. En de bêste manier om dat publyk in moaie jûn te jaan, sa moat it idee west ha, is sa ticht mooglik by de film bliuwe dy’t elkenien sjoen hat.

Betingst foar it slagjen fan sa’n foarnimmen is dat de grutte rollen en de lytse rollen goed beset binne. En dat is yn Dronryp it gefal. Jitse Grijpstra makket fan Erik in fleurige macho mei in koart lontsje, Christina de Boer set in moaie nayf-entûsjaste Olga del. As oan de ein yn it sikehûs de eangst en it fertriet troch dy karaktertrekjes hinne skimerje, liedt dat ta oangripende mominten.

It is net sa dat Dronryp de film ien-op-ien kopiearre hat. In ferriking bygelyks is de muzyk yn de foarm fan fragminten út âlde hits, itselde jildt foar it fernimstich boartsjen mei de doeken yn it dekor. Noch in pear fan soksoarte ferrikingen hiene dizze Turks Fruit fan bewurker Dick Jansen en regisseur Theo Smedes krekt wat minder foarsisber makke.

Barren : iepenloftspul Turks Fruit Toanielbewurking: Dick Jansen Dekor: Tom Reeders Klean : Wolly Prins Regy : Theo Smedes Sjoen: 21/6 Besikers: 402 (fol) Stjerren: 4

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Gouden Gurbe
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct