De priiswinners mei fan linksôf Sjoerd Bottema, Elmar Kuiper en Syds Wiersma.

Relyprizen allinne nei de alderbêsten

De priiswinners mei fan linksôf Sjoerd Bottema, Elmar Kuiper en Syds Wiersma. FOTO HOGE NOORDEN/JACOB VAN ESSEN

In soad ynstjoeringen, amper prizen. Dat is de karakteristyk fan de seisensechstichste ôflevering fan de Rely Jorritsma-priisfraach.

Mei 56 gedichten en 32 ferhalen wie de rispinge grutter as de ôfrûne jierren. Dat der sneontemiddei yn de Oranjeseal fan it stêdhûs yn Ljouwert mar trije Relyprizen útrikt waarden, wol neffens de sjuery net sizze dat de kwaliteit fan de ynstjoerde gedichten en ferhalen leger wie as foargeande jierren.

De oarsaak fan it lege oantal prizen is dat sjueryleden Douwe Kootstra, Rianne Blokzijl en Inge Heslinga de opdracht fan it stichtingsbestjoer om allinne de alderbêste ynstjoerings te bekroanen nei eigen sizzen tige serieus nommen hawwe.

,,De sjuery is op syk nei krekt dat bytsje ekstra’s dat derfoar soarget dat in ferhaal of fers mei kop en skouders boppe de rest útstekt op it mêd fan in goede opbou, in heldere struktuer, in lekker ritme en djipgong, mar tagelyk ek op tagonklikens, leauweardigens, subtiliteit, orizjinaliteit.’’

Priiswinners

By eintsjebeslút foelen allinne Sjoerd Bottema, Elmar Kuiper en Syds Wiersma yn ’e prizen. Yn Totall Loss fan Bottema sjocht in âldere man nei oanlieding fan in anonime Hollânsktalige brief fan in him ûnbekende frou werom op syn libben. De ferteller liedt de lêzer neffens de sjuery op in soepele manier hinne en wer tusken de oantinkens fan de man oan earder tiden en de prakkesaasjes fan no.

Yn it ferhaal Ni Hao sketst Elmar Kuiper, sa falt yn it sjuerrapport te lêzen, ,,in dystopsysk takomstbyld, fleurich mongen mei eleminten fan de tienerfilm Weird Science en in fleuchje fan de cartoonfamylje The Jetsons ’’.

'De sjuery is op syk nei dat bytsje ekstra’s dat derfoar soarget dat in ferhaal of fers boppe de rest útstekt'

It hie net folle skeeld of Kuiper hie de plechtichheid net bywenne. Doe’t er te hearren krige dat er by binnenkomst in mûlekapke dragen moast, hie er sein: ,,Dan kom ik net.’’ It FLMD-bestjoer, dat de organisaasje fan de Relyrally op ’e noed hat, hie him doe mar frijsteld fan dat part fan it protokol.

It iennichste bekroane gedicht wie fan de hân fan Syds Wiersma. It famke beskriuwt in langere perioade út it libben fan in godlik útferkarde jongfaam. ,,It tige fakkundich skreaune fers is ryk oan taal, byldspraak en sit fol ferwizingen nei bibelske tematyk, skiednis en sterk tapaste aktualiteiten.’’

Diskusje

Sjueryfoarsitter Douwe Kootstra weefde ôf mei de krityk dat Fryske sjuery’s gauris oardielje op grûn fan de foarkar foar bepaalde persoanen. Neffens him dûke sokke praatsjes by elke literêre priis op, net allinne yn Fryslân mar ek ,,yn Baskenlân en oare úthoeken fan Europa’’.

,,De sjuery wol nochris beklamje dat it by de beoardieling net bekend is at de skriuwer in man of frou, jong of âld is, yn de provinsje wennet of net. De sjuery basearret syn oardiel louter en allinne op ’e útprinte A4’kes, dêr’t behalve in folchnûmer gjin inkeld persoanlik gegeven op stiet.’’

Der is de lêste jierren gauris diskusje oer de it lege oantal froulju dat yn de literêre prizen falt. Om’t alle priiswinners diskear manlju wiene, hat de sjuery it bestjoer – nei it fêststellen fan priiswinnende bydragen - frege om ris nei te gean hoe’t de ferhâlding by de ynstjoeringen lei. It die bliken dat der 51 manlike en 35 froulike dielnimmers wiene. Fan harren hiene 6 manlju en 2 froulju mear as ien tekst ynstjoerd.

De priiswinnende ynstjoeringen en it sjueryrapport steane yn in spesjaal nûmer fan literêr tydskrift Ensafh .

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct