Poepseks en kannibalen: Sipke de Schiffart skreau boek Sjappy sûnder rem mar wol mei styl

Sipke de Schiffart: ,,Ik hoopje net dat de minsken troch de grofheid fan dit boek net mear achtslaan op de styl. Dêr ha ik tige myn bêst op dien. '' FOTO NIELS WESTRA

Bach sil noait mear itselde wêze, of in dûmny yn toga, nei it lêzen fan Sjappy. Yn dit tsjokke boek jout Sipke de Schiffart in stim oan in man fol frustraasjes en mei in beheind ferstân. It giet der rûch om wei. Mar sûnder Jacob Noordmans wie it faaks net sa fier kommen.

,,Hast myn boek lêzen?”, freget Sipke de Schiffart (60) as ik him belje foar in ôfspraak. ,,Dan meist ek wol ‘do’ sizze.”

Wa’t sa’n boek lêst, leart de skriuwer wol kennen – dochs? Rop dat net te hurd. Goed, haadpersoan Jappy is in boeresoan dy’t net buorket – krekt as syn skepper. Mar fierder hat Jappy in mislearre libben, dat begjint mei soerstofgebrek yn in hast mislearre berte en einiget yn in suver mislearre dea.

Dêrtuskenyn giet it mâl. De dreamen en fantasijen fan Jappy lige der net om, it reëel besteande sekslibben fan de minsken om him hinne ek net. De minske wurdt laat troch lege driften dy’t soms útskaaie nei pedofily, dan wer nei poepseks. Op in stuit dreamt Jappy dat hy ôfsûge wurdt troch in kreaze blonde keninginne fan om de fyftich hinne en har trije puberdochters. De middelste dochter byt him wat te hurd yn syn ballen. Mem: ‘Sy wie in bytsje dom! Sy wie in bytsje dom!’

,,It is in grapke”, seit De Schiffart, thús tusken de boeken yn Ljouwert, ,,in foarm fan humor dy’t net foar eltsenien ornearre is.” Hy hat him net echt ynholden, sis mar.

,,It is skreaun sûnder rem”, seit er sels, ,,of ik ha in bytsje let remme. Doe’t ik hjiroan begûn, woe ik in goed boek skriuwe en it moast net saai wêze. En ek net te braaf. As ik de grofste dingen derút helle hie, dy kannibaal bygelyks, wie it net in better boek wurden. Earder minder. De krêft sit him ûnder oaren yn de grofheid. Soms moat dat.”

De Fryske Céline?

Hy stiet bekend as ferlegen. ,,Ik bin yn Fryslân de skriuwer mei de measte skamte, yn de omgong en it foarlêzen, mar neffens my ha ik de meast skamteleaze roman skreaun dy’t ea yn it Frysk ferskynd is.” Kompensaasje, tinkt er. ,,As ik skriuw, moat ik net tinke: wat fynt dy derfan. Gewoan frijút skriuwe. Ast skriuwst, moatst skamteleas wêze.”

Sa kin it ek barre dat it boek ,,finaal” tsjin de polityk korrekte tendinzen fan hjoed-de-dei yngiet, ,,al ha ik it dêr net om skreaun.’’ Der wurde dingen sein, oer froulju, oer rasisme, dy’t ik hjir net doar te werheljen. ,,As in personaazje in moard begiet, kinst dat de skriuwer net ferwite. Sa is it mei tinzen ek, of wat er seit en docht. Dat moat frij wêze.”

In boek is in frijplak. Ek as it om hiel jonge famkes giet. ,,In roman is folle rûger en rauwer as bygelyks de krante. Der binne fansels ferskillende romans, mar dit is dan ien oer in personaazje dat frustrearre is. Sterker noch, ferbittere.”

Der hat in skoftke lyn in diskusje west yn de Nederlânske literatuer: hoe kinst de lytse man, de minske út de ûnderwâl, de marzjinalisearre figueren dy’t tinke mei it ûnderliif, in stim jaan? Mei oare wurden: wa wurdt de Nederlânske Céline, de Frânske skriuwer dy’t dat goed koe? Wa wit hat Fryslân dy al.

De Schiffart hat it op in pypfol. ,,Céline wie antysemitysk. No, ik leau dat alle groepen minsken yn dit boek wol misledige wurde, behalve no krekt Joaden.” Minderheden, sels fynt er se nijsgjirrich. ,,Ik bin der sljocht op. Ik bin sels ek hielendal net frou-ûnfreonlik, mar ja, dit boek is dat wol.”

Poepseks

Sjappy is it ferhaal fan Jappy en syn lêste dei op ierde. Dat ferhaal wurdt trochsnien mei allerhanne flashbacks út syn suterige libben. Lykas sein, De Schiffart hat him net ynholden. It boek is 458 siden tsjok, sa’n 166.000 wurden. ,,De earste fersy wie 50.000 wurden. Mar ja, dan tinkst: dit kin der noch wol by, dat kin der noch wol by. It is in bytsje út de klauwen rûn. Dat gie sels troch doe’t ik de drukproef lies, doe tocht ik ek noch: dit moat der noch yn, dat frou-ûnfreonlike grapke hie der ek noch by kinnen. Mar dat kinst net meitsje.”

Soms liket it ûnmjittich. Nim no de geheime seksuele relaasje fan Pierke, Jappy syn tsjeppe skoansuster, mei har freondinne Japke. As wie dat al net prikeljend genôch, smart De Schiffart der ek noch in poarsje poepseks yn – by foarkar, want yn dit universum giet it net gau mâl genôch, mei begelieding fan de muzyk fan Johann Sebastian Bach.

,,Ik wit dat in protte minsken it net mei nocht lêze sille, omdat it harren smaak net is, mar dy moatte mar oare boeken lêze.”

En dan giet it fierder, oer Japke har wylde frijerij mei ferskate manlju, sels ‘mei twa Fryske skriuwers tagelyk’. Hawar, it kin der noch wol by. ,,De measte personaazjes yn it boek tinke oan oaren as se mei har partners de leafde bedriuwe. Mar dy Japke hat net safolle fantasij, dat dy docht it allegearre yn de praktyk.”

Noch sa’n foarbyld fan skynbere ûnmjittigens: de mear as fjirtich siden dy’t De Schiffart fol skriuwt oer de frustraasjes fan in kollega-pasjint fan Jappy yn Grut Lankum oer in grut ûnrjocht dat him oandien is op de feriening by it Frysk damjen (‘eins is dat in biseksuele tinksport’).

,,Der binne minsken dy’t dat langtriedich en ferfeelsum fine. Mar myn útjouwer Piter Boersma fûn dat krekt it moaiste haadstik. It docht him, ek kwa opbou, tinken oan Thomas Bernhard, de Eastenrykse skriuwer.”

Sa’n boek, seit er, ,,is ek entertainment, minsken moatte it mei wille lêze. Ik wit dat in protte minsken it net mei nocht lêze sille, omdat it harren smaak net is, mar dy moatte mar oare boeken lêze.”

Hy wit fan minsken dy’t it boek net út krigen, dy’t nei in pear haadstikken al de moed ferlearen. ,,Mar dan witst net dat der fierderop ek noch hiel teare dingen steane, oer de dea fan Jappy syn âlden bygelyks. Moatst it boek dochs as gehiel sjen. Op de earste side is al dúdlik watfoar kant as it opgiet. As se dan ôfheakje, is dat oant dêr oan ta, mar as se healwei der mei ophâlde is it in bytsje sneu.”

Nei de sneue dea fan Jappy, in selsmoard dy’t net sa bedoeld wie, wurdt syn begraffenis laat troch in dûmny dy’t op de preekstoel allemachtige swierrichheden hat mei syn terms – en tagelyk weromtinkt oan de tiid dat er him by de begraffenis fan in âld wiif ôfluts op in jonge, tsjeppe beppesizzer. ,,Dat is net blasfemysk bedoeld. Mar sa’n man hat ek sokke swierrichheden. Poep en stront, it is wol in reade trie. In grapke, yn de measte romans giet noait immen nei it húske.”

Misogyn

Yn Sjappy wurde suver alle minsken dreaun troch harren leechste lusten. ,,Bisten komme der folle better ôf. It is in bytsje misantropysk, misogyn. Nee, ik leau net dat dat in protte oer my seit. Ik woe in nijsgjirrich boek skriuwe. Dan hast neat oan trochsneed-ideeën. Dan sikest it yn it ekstreme. Dat is ek wat Spielerei . It sil wol barre, mar ik hoopje dat froulju harren net kwetst fiele troch myn boek. Mar it moat net saai wêze. Asto noait mear op deselde manier nei Bach sjochst, dan docht sa’n boek wat mei dy.”

Hy brûkt graach hyperboalen, seit er, oerdriuwe heart by syn register. Dus, is dizze Jappy dan in hyperboal fan Sipke de Schiffart sels, ommers ek in boeresoan? ,,In gefaarlike observaasje”, mient er, ,,Jappy is ek sa’n frjemd figuer.”

Mar hy is wol boeresoan, sterker, hy hat tsien jier buorke op de pleats yn ,,it dearinnende doarp” Longerhou. Doe’t er 26 wie, waard de boel ferkocht. Koe er rintenierje. ,,Dat klinkt grut”, seit er, ,,mar ik libje hiel sober, sa sjong ik it in bytsje út. Ik hoopje dat ik foar myn folgjende boek in projektsubsydzje krij, oars moat ik oan de biddelstêf.”

Op syn 26ste koe er him dus wije oan de literatuer. Hy hat sûnt dy tiid in protte lêzen, ,,de mainstream fan de wrâldliteratuer”, mar sels skriuwe of leaver sels publisearje, dat duorre in stik langer. In skriuwkursus fan Akky van der Veer sette him op it goede spoar. ,,Dêr ha ik it skriuwen net leard, dêr ha ik leard dat ik skriuwe kin.”

Yn 2012 kaam syn earste boek, de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen , fiif jier letter folge troch de dichtbondel Oan dy tinke .. En no, op syn sechstichste, is syn earste roman in feit. ,,It moast fier wei komme.”

Teannekromjend

Fan alle skriuwers dy’t er lêzen hat, hat er noch it measte opstutsen fan, nee, net Tolstoj of Dostojevsky of Céline of Flaubert. Nee, hy neamt Jacob Noordmans, de eardere haadredakteur fan de Ljouwerter Krante .

,,Soest it net sizze, mar dy hat miskien de grutste ynfloed op my hân. Hy wie de earste dy’t ik lies. Ik begûn de krante te lêzen doe’t ik 15 wie, ik lies noch gjin boeken. En doe fûn ik de stikken fan Noordmans hiel goed, syn kommentaren. Syn styl.”

En styl, dêr draait ek syn eigen skriuwerskip om. ,,Ik hoopje net dat de minsken troch de grofheid fan dit boek net mear achtslaan op de styl. Dêr ha ik tige myn bêst op dien. Ast oer sokke dingen skriuwst, poepseks en sa, moat it stilistysk hiel sterk wêze. Oars wurdt it teannekromjend.”

#

Titel Sjappy

Skriuwer Sipke de Schiffart

Utjouwerij De Hispel

Priis 25 euro (458 siden)