Fol spanning folge ik ôfrûne tiisdei wer de trijewyklikse koroana-parsekonferinsje. Gjin ferwachtingsfolle spanning, want de sifers dy’t wy deistich te hearren krije, jouwe net al te folle moed.

Boppedat hie ik fanwegen de steefêste lekkaazje út Den Haag wei moandei al sa’n bytsje begrepen dat it foarearst noch ta moat mei de fjildlapeksperminten dy’t sa links en rjochts útfierd wurde.

Dy eksperiminten moatte oantoane wat der mooglik is. Sadwaande is der kommende wike in foarsichtige trijedaagse iepenstelling fan it Fries Museum yn Ljouwert en it Jopie Huisman museum yn Warkum. Nei dizze trije dagen gean de doarren wer potticht en, yn it geunstichste senario fan it lanlike Sanhedrin, net earder as op 26 maaie beheind wer iepen.

Foar in soad kulturele ynstânsjes is it in ramp. In grut museum, lykas it Fries Museum, krijt struktureel in slompe subsydzje fan de Provinsje en hat dêrneist noch ferskate ynkomsten út stiftingen en legaten. Dat makket in koroanajier net minder ferfelend, mar der brekt drekst gjin panyk út. Sa gelokkich is net elk.

Der binne yn Fryslân mear as hûndert museums, fariearjend fan hiel grut oant húskeamerformaat. In pear krije struktureel stipe fan de provinsje, de measten binne ôfhinklik fan kaartferkeap en ‘ynsidintele ynkomsten’, lykas ris in skinking, in bydrage út in fûns, of gemeentlike stipe. Yn it ôfrûne jier kamen der sa’n fjirtich prosint minder besikers, nettsjinsteande de poerbêste simmer, doe’t knoarren Nederlanners ferdivedaasje sochten yn de eigen omjouwing.

Ik hâld myn hert beet foar al dy moaie lytsere museums yn ús provinsje dy’t dan de kop boppe wetter sjen moatte te hâlden

De klappen kamen lykwols net allinnich fan de efterbliuwende kaartsjeferkeap. Ek de gemeenten draaiden de kranen wat stiver ticht. Sy finansiere bygelyks it swimbad, biblioteken en musea út it gemeentefûns en dêr stoart it Ryk alle jierren minder sinten yn. Mar gemeenten binne ek ferantwurdlik foar de útfiering fan de WMO en dêr hawwe se struktureel fierste min sinten foar. Om’t in gemeente no ienris gjin tekoart op de begrutting hawwe mei, wurde de gatten tichtsmiten mei sinten dy’t oars brûkt waarden foar dy aardige, kollektive foarsjenningen.

De 150 miljoen euro dy’t it ryk ekstra yn it gemeentefûns stoarten hat foar de earste helte fan dit jier, en dy’t bedoeld is foar de kulturele sektor om de klappen fan lockdown op te fangen, is moai, mar kin net keare dat it fan 2023 ôf skerpenheuvel wurdt, as der nije bepalingen jilde foar de útkearingen út it Ryk wei en benammen gemeenten yn it noarden fan it lân folle minder jild krije sille.

Ik hâld myn hert beet foar al dy moaie lytsere museums yn ús provinsje dy’t dan de kop boppe wetter sjen moatte te hâlden.

In museum ferbynt ús mei ús ferline, lit ús mei ferwûndering sjen nei wat wie en wat is, of jout krekt in moai idee fan ús takomst. It fertelt it ferhaal fan de eigen regio, bewarret it kulturele erfgoed, hat bysûndere stikken yn behear en biedt ynspiraasje. Hoe moai is it om op sa’n plak je bewust te wurden fan je identiteit? Dan moatte de doarren al iepen bliuwe.

Museums binne finansjeel kwetsber. As de subsydzjes minder wurde, leit it foar de hân dat kaartsjes djoerder wurde. In museum heart gjin elitêre oangelegenheid te wêzen, mar foar elk tagonklik. Lit ús hoopje dat de noardlike gemeenten mei-inoar it tij keare kinne. Want oars hawwe wy oer in pear jier yn Fryslân noch in hânfol grutte museums en rekket de bysûndere kolleksje fan dy hûndert oare fersille oer depots en rommelmerken.

martsjedejong@gmail.com

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Column
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct