Krystgedicht van Dichter van Fryslân: Hoe komt it moarn?

Nyk de Vries in actie als performer bij zijn installatie als Dichter van Fryslân op 21 november in de Stadskas te Leeuwarden. Foto: Jacob van Essen

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries makke ûndersteand krystgedicht. Het gedicht is onderaan ook in het Nederlands te lezen.

De sjauffeur begrypt har wol. De krystfilms sitte der fol
mei, syn bussen likegoed – minsken dy't it leafst de
feestdagen foarbyride.

Sy kin it net ferneare. Hyperkrigel wurdt se derfan – it
moaiwaar spyljen, it wagen fan ’e wurden om ’e saak
feestlik te hâlden, om âld sear yn ’e kast te litten.

Har broer is wylder. Hy seit, it kin my gjin sek skille.
Hy goait doarren ticht as hoegden se noait wer iepen.
Hy ropt dingen as: idioat, trochdriuwer, waarmdûser.

En like maklik: Ik hoech dy noait wer te sjen.

Mar wit er wat it kostet? Hy slút tiidrekken ôf, goait
jierren fuort. Pas letter sil er begripe: mei wa sil ik
deroer prate dy’t it meimakke hat?

Op in middei fytste er streekrjocht út ’e freoneploech
wei. Hy ferlear se allegear, om’t er mei ien net troch in
brulloftsdoar koe.

Se wol him taroppe: ‘Wolst gelyk ha? Of mei in oar ek
wat sizze?’ En dan sachter: ‘Wolle we úsself praten
hearre? Of sykje we nei in oplossing?’

Sy is oars.

Sy wol dat it wer goed komt. Mar har lymjen hat de
brokken noch grutter makke. Soms freget se harself ôf:
dogge de redenen der wol ta?

Se soe de sjauffeur freegje wolle: Traapje it gaspedaal
yn, ryd de kommende dagen foarby. Meitsje fan dizze
Qliner in Euroliner.

Mar as se yn ’e spegel de eagen fan ’e sjauffeur siket,
heart se syn antwurd al. As we dagen oer begjinne te
slaan, seit er, wêr keare we dan?

De krystfilms sitte der fol mei – minsken as har, al stiet
yn de skripts de goede ôfrin al fêst. De hearen en
dames moatte inkeld noch even it krekte paad fine.

Sy kin allinnich mar tinke: Hoe komt it moarn?

www.dichterfanfryslan.nl

Wat wordt het morgen?

De chauffeur begrijpt haar wel. De kerstfilms zitten er
vol mee, zijn bussen net zo goed – mensen die het liefst
de feestdagen voorbij rijden.

Zij kan het niet verdragen. Bloednerveus wordt ze
ervan – het mooi weer spelen, het wegen van de
woorden om de zaak feestelijk te houden, om oud zeer in de kast te laten.

Haar broer is wilder. Hij zegt, het kan me geen zak
schelen. Hij gooit deuren dicht alsof ze nooit weer open
hoeven. Hij roept dingen als: idioot, doordrammer, warmdoucher.

En net zo makkelijk: Ik hoef je nooit meer te zien.

Maar weet hij wat het kost? Hij sluit tijdvakken af,
gooit jaren weg. Pas later zal hij begrijpen: met wie ga
ik erover spreken die het heeft meegemaakt?

Op een middag fietste hij linea recta weg uit zijn
vriendgroep. Hij verloor ze allemaal, omdat hij met één
ervan niet door een bruiloftsdeur kon.

Ze wil hem toeroepen: 'Wil je gelijk hebben? Of mag
een ander ook iets zeggen?' En dan zachter: 'Willen we
onszelf horen praten? Of zoeken we naar een oplossing?'

Zij is anders.

Ze wil dat het weer goed komt. Maar haar lijmwerk
heeft de brokken nog groter gemaakt. Soms vraagt ze
zich af: doen de redenen er wel toe?

Ze zou de chauffeur willen vragen: Trap het gaspedaal
in, rijd de komende dagen voorbij. Maak van deze
Qliner een Euroliner.

Maar als ze in de spiegel de ogen van de chauffeur
zoekt, hoort ze zijn antwoord al. Als we dagen over
gaan slaan, zegt hij, waar belanden we dan?

De kerstfilms zitten er vol mee – mensen als zij, al staat
in de scripts de goede afloop al vast. De heren en
dames moeten alleen nog even het juiste pad vinden.

Zij kan alleen maar denken: Wat wordt het morgen?

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Dichter fan Fryslan