Koos Tiemersma wint Gysbert Japicxpriis

Koos Tiemersma hat de Gysbert Japicxpriis wûn foar syn roman Einum. Dat is freedtejûn bekend makke op it Fryske Boekefeest yn de Prinsetún yn Ljouwert.

It wie foar de twadde kear dat de priis mei nominaasjes wurke. In advyskommisje - besteande út Marga Waanders, Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga en Doeke Sijens - makke in longlist fan tsien titels en kaam letter mei in shortlist fan trije boeken: In kop as in almenak fan Elske Hindriks, Littenser merke fan Ale S. van Zandbergen en Einum fan Koos Tiemersma.

De jury skriuwt oer Einum: ,,Einum is in roman dy’t op in hiel yntelliginte manier de plattelânsroman op ’e nij útfynt. It lit in lytse doarpsmienskip sjen dy’t bestiet út tafallich neist inoar wenjende minsken yn in úthoeke fan Fryslân. Yn elk haadstik sjogge wy it lytse doarp út it perspektyf fan in folgjend personaazje."

De feestlike priisútrikking is yn de Martinitsjerke yn Boalsert op sneontemiddei 10 oktober.

Toon reacties