De Fryske Boekewike begjint moarn. Freed hat Babs Gezelle Meerburg, learare-oplieder Frysk en Nederlânsk oan NHL Stenden Hegeskoalle, frege om in essee te skriuwen oer de steat fan it Frysk. ‘Lit ús derfoar soargje dat de kar foar de taal fan it hert faker makke wurdt.’

Doe’t ik ús âldste dochter, 21 jier en studint oan de Akademyske pabo, fertelde fan dit essee foar de Ljouwerter Krante wie har reaksje: ”O, leuk.” Op wêr’t it oer gean moatte soe – de steat fan it Frysk – reagearre se wifeljend: ,,It Frysk. O…”

Se is Frysktalich grutbrocht, hat Fryske kultuer preaun, hat Frysk eksamen dien en har foech Frysk foar de basisskoalle helle. Bêst wol skokkend dy reaksje, mar it sette my wol oan it tinken: Wat is dat dochs mei it Frysk? By myn studinten priuw ik nammentlik ferlykbere reserves foar it Frysk oer.

Emansipaasje

It Frysk hat syn plak nêst it Nederlânsk befjochtsje moatten. Friezen hawwe har mei sukses ynsetten foar de emansipaasje fan it Frysk yn maatskiplike konteksten. De oerheid fasilitearret Fryske ynstellingen as Afûk, Fryske Akademy en Tresoar. Oan NHL Stenden Hege-skoalle lied ik mei myn kollega’s leararen Frysk op. Alles is moai regele en ast it sa besjochst, stiet it Frysk der goed foar.

En dochs liket it as is de striid noch net striden. Aksjefierders melde har op it Saailân of yn de media om omtinken te freegjen foar de systematyske achterstelling fan it Frysk. Gauris is it Frysk omjûn fan negativiteit. Gjin wûnder dat jonge minsken net in hege pet op hawwe fan de fitaliteit fan it Frysk.

Wrâldbyld

Yn de jierren sechstich al sinjalearre filosoof Lolle Nauta in kleau tusken de tradisjonele ‘mienskip’ ( Gemeinschaft ) dy’t Fryske bewegers foar eagen stie en ‘maatskippij’ ( Gesellschaft ) dy’t him los fan mienskip fierder ûntjoech: ‘It gong yn it konflikt tusken tradisjonelen en eksperimintelen net om in saaklik ferskil fan miening dat troch in reedlike diskusje sljochte wurde koe. Hjir stoarte in wrâldbyld yn […]. Hjir die bliken dat dy tradisjonele wrâld oan syn ein kommen wie.’ (Nauta 1999, 19).

Wy libje net yn in tiid fan feroaring, mar – sa’t heechlearaar transysjekunde Jan Rotmans seit – yn in feroaring fan tiden. Digitalisearring soarget foar in oar paradigma, in nije fizy op de werklikheid en nije wurkwizen. Sa is de dosint net mear de ‘sage on the stage’ mei it monopoly op kennis. By NHL Stenden Hegeskoalle is DBE it nije ûnderwiiskonsept: design based education.

De ferantwurdlikheid foar it learen leit by de studint dy’t mei fleksibele learrûtes ynvestearret yn syn eigen takomst. Net it learoanbod, mar de learfraach stiet sin-traal. Mei it ûnderwiis besykje wy om oan te sluten by de yntrinsike motivaasje fan de learder, fanselssprekkend yn it ramt fan de oplieding en de dêrby hearrende kwaliteitseasken.

Kreupele boadskippen

It nije Kurrikulum.frl past ynhâldlik en kwa wurkwize yn de transysje fan it ûnderwiis. Dêr kaam krityk op. De taalbehearsking fan it Frysk soe der op achterútgean: ‘De tiid foar Frysk op skoalle is al sa beheind. Dy moatte je maksimaal ynsette foar it learen fan de Fryske taal sels’ ( FD , 10-7-2020). En: ‘Se leare te eksperimintearjen mei de Fryske taal, mar se behearskje dy net, dus se leare kreupele boadskippen yn te tikjen op ’e mobyl?’ (Seedyksterfeartfisk, 13-6-2020).

Los fan de fraach oft de krityk op it nije kurrikulum terjochte is, los ek fan de fraach oft de analyse kloppet, stel ik fêst dat it Frysk wer negatyf yn it nijs komt. It imago fan it Frysk wurdt swakker as der hieltiten wer op wiisd wurdt dat it de ferkearde kant opgiet, dat de oerheid en de ynspeksje tekoartsjitte en dat de taalbehearsking ôfnimt.

Foar de learare-oplieding Frysk is negative publisiteit yn alle gefallen gjin reklame: wa wol mei op in sinkend skip? It kleien oer it teloargean fan it Frysk helpt yn alle gefallen net om it Frysk foarút te helpen. Wat dan wol?


Folwoeksen-yn-de wrâld wêzen

Dêrfoar meitsje ik in útstapke nei ûnderwiispedagooch Gert Biesta, dy’t wurket fanút trije doeldomeinen yn it ûnderwiis: kwalifikaasje, sosjalisaasje en subjektifikaasje. Simplifisearre gearfette komt it der by Biesta op del dat kwalifikaasje giet oer it oanlearen fan fakkennis en feardichheden dy’t nedich binne om in berop út te oefenjen. Sosjalisaasje giet oer it funksjonearjen yn de maatskippij. Subjektifikaasje giet oer folwoeksen-yn-de wrâld wêzen om frij, ferantwurdlik en as folwoeksen subjekt yn de wrâld stean te wollen.

Krityk op de steat fan it Frysk rjochtet him benammen op kwalifikaasje: de kennis fan stavering en grammatika litte te winskjen oer en nivo’s binne net standerdisearre. En de krityk giet oer sosjalisaasje: Frysksprekkers brûke de taal minder faak as men wolle soe.

Subjektifikaasje

Yn neifolging fan Biesta liket it my better ta om yn it ûnderwiis Frysk yn te setten op subjektifikaasje. Sa wurdt appellearre oan Frysk (en oare memmetalen) as de taal fan it hert en oan in gefoel fan gruts-kens. Dat liedt ta in posityf imago fan it Frysk en jout de brûkers enerzjy.

Dat sjogge wy yn it projekt Skriuw dy ryk, dêr’t studinten edukative fideo’s kreatyf skriuwen en lokale skiednis ûntwikkelje. Op basis fan yntrinsike motivaasje giet sels de meast anty-Fryske klasse oan de gong. Projekt Holi-Frysk dêr’t bern ta moaie skriuwprodukten komme, omdat se har wurdearre fiele yn har eigen taal ( Fryslân Dok , 30-1-2021). De kursus KlasseFrysk wie yn ien wike folboekt: 50 dosinten fan pû, fû, mbû en hbû folgje ynspirearjende lessen oer toanieltaal, skiednis en jongereinliteratuer. It Frysk wurdt funksjoneel oanbean en net as doel op himsels.

Kurrikulum.frl is in foarbyld fan in grut projekt dat ynset op dialooch tusken ûnderwiis en ûnderwiisorganisaasjes mei as resultaat in prachtige oanset ta ynklusyf en betsjuttingsfol ûnderwiis Frysk. De provinsjale oerheid fasilitearret Taalplan 2030 en leit de ferantwurdlikheidheid foar de útfiering by gearwurkjende ûnderwiisynstânsjes. Sa’n gearwurking tusken ûnderwiisynstânsjes is nij yn Fryslân.

Flaterleas

Bûten it ûnderwiis brûke Friezen ek har memmetaal. Net flaterleas. Mar se kieze wol har taal fan it hert. Lit ús derfoar soargje dat de kar foar de taal fan it hert faker makke wurdt en minsken kieze foar Frysk, omdat se dat graach dogge op basis fan selsbetrouwen en eigenwearde.

De steat fan it Frysk is hoopfol en biedt kânsen. In oerheid dy’t fasilitearret, in befolking dy’t grutsk is op har identiteit en in taal dy’t mei nocht brûkt wurdt. Fansels, it kin altiten better. Wêr’t it better kin, lit dêr stille diplomasy syn wurk dwaan. It toanen fan de rykdom, de fearkrêft en de rike potinsje fan it Frysk dogge wy yn it iepenbier.

Lês ek | J ild foar Frysk moat nei ûnderwiis, boeken foar bern en in goede staveringshifker

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Essay
Friese taal en cultuur
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct