Der wurdt troch de provinsje 8,5 miljoen euro stutsen yn it stimulearjen fan it gebrûk fan de Fryske taal. Oan lêzers ha wy in skoftke lyn frege: At jo mei dy 8,5 miljoen euro it gebrûk fan de taal stimulearje mochten, wat soene jo dwaan? De ynstjoerders soene it wol witte: mear berneboeken, Frysk ûnderwiis op skoallen en ferbetterje it Taalweb Frysk.

De priis fan/foar it Frysk moat mear op de praktyk fan it brûken fan de taal taspitst wurde, fynt âld wethâlder Gosse Terpstra fan Tytsjerksteradiel. Yn de tachtiger jierren hat er ûnder oaren dwaande west mei it befoarderjen fan it Frysk yn it iepenbier bestjoer. ,,As wethâlder haw ik der foar soarge dat Tytsjerksteradiel proefgemeente waard foar it Frysk yn it iepenbier bestjoer.’’

Nei syn ferfarren nei Oerissel is it stadichoanwei ferwettere, seit er. ,,Wat wol oerbleaun is dat de plaknammen Frysk wurden binne. Dêr is doe in soad drokte oer west, mar it wie foar my einliks bysaak. It gie om it brûken fan it Frysk.’’

,,Der binne goede foarnimmens om it Frysk op allerhande mêd te stypjen en soks kostet jild.’’ Lykwols bliuwt it in goede saak it Frysk te befoarderjen, al sil dat foaral op de skoallen plakfine moatte, fynt Terpstra – hy wennet no yn Hurdegaryp. ,,Faklearkreften Frysk binne dan wol needsaaklik, sawol foar it basis- as foar it fuortsetûnderwiis en foar beide moat it in ferplichting wêze. Learkrêften mei in bepaald foech Frysk soene ekstra betelle wurde moatte.”

'It behearskjen fan it Frysk soe in funksje-eask wêze moatte by in hiel soad funksjes'

Wichtich fynt er ek dat by bepaalde beroppen it Frysk in funksje-eask is as wurdt. ,,Soks motivearret it learen fan it Frysk. Jild soe mooglik in stipe dêrfoar wêze kinne.’’

Kobe Flapper út Ljouwert fynt soks ek. ,,It behearskjen fan it Frysk soe in funksje-eask wêze moatte by in hiel soad funksjes, bygelyks yn de soarch, it ûnderwiis en it iepenbiere libben. Hoecht net in soad te kostjen. Faaks kin de wurkjouwer in kursus betelje, mar as it in eask is, binne minsken better motivearre om it Frysk te learen.’’

Ek soe se wolle dat der in soad jild stutsen wurdt yn it Taalweb Frysk. De Fryske Akademy soe it dan byhâlde moatte sadat it up to date bliuwt. ,,De koroanawurdlist stiet der bygelyks noch net iens yn, dat is noch in aparte list. Soks wurket net.’’ Wat Flapper oanbelanget is it ek belangryk dat de oersetmooglikheden folle better wurde, spraakwerkenning soe helpe kinne en in app. ,,Koartsein: bettere taalhelpmiddels, dy’t brûkersfreonlik binne.”

'Nei myn betinken soe de helte fan it jild nei de basisskoallen meie'

Henk van Rijen is koart en dúdlik oer in ferdieling fan de sinten: ,,Nei myn betinken soe de helte fan it jild nei de basisskoallen meie. In kwart giet nei de Leerstoel Frysk. In achtste giet nei Fryske boeken foar 8-12 jier en in achtste nei fryske boeken foar 13-17 jier.’’

Tineke Visser út Snits konstearret dat bern gjin Fryske ferskes mear sjonge. Sy rint al acht jier by in skoalle del at sy nei de stêd rint. ,,Ik ha dêr noch noait bern sjongen heard.” Sy spilet gitaar, kin in soad Fryske sankjes. ,,Ik tink faak: sil ik dy skoalle binnen stappe?’’ Dus jild net allinnich besteegje oan boeken, maar ek oan sjongûnderwiis, fynt se. ,, Ik tink dat je mei sjongen it maklikst in taal oppakke. It jout ek folle mear wille as stof stampe út de boekjes.’’

Antje Lootsma fan it Hearrenfean fynt dat meiwurkers fan Omrop Fryslân dy’t foar de radio en tillevyzje wurkje spraaklessen krije moatte. ,,It griist my oan sa min as der Frysk sprutsen wurdt!” Se soe Algemien Beskaafd Frysk hearre wolle, lykas se by it NOS Journaal ABN sprekke.

'Unbegryplik dat in protte Fryske âlden net Frysk tsjin harren bêrn doarre te praten'

Sybrand Bosma út Bakkefean fynt dat de klam te folle leit op it Frysk taalûnderwiis. Dus dat bern de taal op skoalle leare moatte. Mar geef Frysk prate begjint thús al, seit Bosma. ,,Begjin by de basis soe’k sizze. Ik fyn it ûnbegryplik dat in protte Fryske âlden net Frysk tsjin harren bêrn doarre te praten, benaud dat se it bêrn dan te koart dogge.’’

Mar wat dan al? Bosma is fan betinken dat minsken folle mear útnoege wurde moatte om Frysk te praten. Op strjitte, yn winkels, ja, wêr net. Stek jild yn foarljochting oan âlden, jou se in Frysk berneboek en helje de Praat mar Frysk-stikkers wer fan stâl, seit Bosma. Plak dy op iepenbiere gebouwen en lit minsken yn dy gebouwen dy’t klanten helpe buttons drage mei: ‘Ik praat ek Frysk’. ,,Yn it sikehûs yn Drachten kaam ik dat op sommige ôfdielings al tsjin. Machtich moai!”

It wurdt tiid dat Word ek de fouten yn it Frysk ferbettert, fynt Harry Nauta út Ysbrechtum. It Frysk is syn memmetaal. Hy sprekt it, mar skriuwen hat er noait leard. ,,Myn gebrûk fan it Frysk is spitigernôch beheind ta it gebrûk fan fonetysk Frysk yn myn appkes en mails oan famylje en freonen. Fanwegen it ûntbreken fan in goede en berikbare staveringshifker is it foar my net mooglik om de Fryske taal yn myn korrespondinsje te brûken.’’ Der is fêst wol wat jild foar in goeie Fryske staveringshifker, tinkt Nauta.

,,Ik soe it híel moai fine as der mear jild nei it ûnderwiis giet sa’t de bern ek ‘geef Frysk’ leare te skriuwen. En as der mear boeken foar de bern fanôf 6 jier skreun wurde, want dêr binne der net sa folle fan’’, seit Marina Bos-van Heerdt út Feinsum. Hoe’t se dat wit? Se lêst har beide beppesizzers dy’t yn it bûtenlân wenje twa kear yn de wike Fryske berneboeken foar, fia de WhatsApp.

Lês ek it essee fan Babs Gezelle Meerburg, learare-oplieder Frysk en Nederlânsk oan NHL Stenden Hegeskoalle, oer de steat fan it Frysk: Kleie oer it teloargean fan it Frysk helpt net.

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Friese taal en cultuur
Onderwijs
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct