It Frysk Film Argyf sil him ek dwaande hâlde mei it digitalisearjen en bewarjen fan lûdsfragminten. Sa leit der al jierren in skat oan ynformaasje yn it depot fan bygelyks Tresoar. Doel is in goede ûntsluting fan al dat materiaal foar publyk, ûnderwiis en taalûndersyk.

,,Jawis, we sitte op goud en kinne dêr no einlings mei oan de slach”, seit koördinator Syds Wiersma fan it Frysk Film Argyf (FFA). Neist it argivearjen en digitalisearjen fan films, sille de meiwurkers fan it argyf dat no ek dwaan mei lûdsfragminten. ,,Wy witte dat der by Tresoar, mar ek by Fryske museums en histoaryske ferieningen yn de provinsje in grut ferskaat oan lûdsfragminten leit. Wy sil dy no sammelje en ûntslute foar it publyk, mar ek foar ûnderwiis en taalûndersyk.”

It FFA hat sinten krigen om dêr de kommende fjouwer jier mei dwaande te wêzen. ,,Wy woene it al in skoftke en ha no it jild om it te dwaan.” Der is earst 100.000 euro beskikber steld foar it projekt. De provinsje jout 50.000 euro en Tresoar ek. Fan dy sinten is bygelyks apparatuer oanskaft foar de ynrjochting fan it audioargyf. ,,Wy besykje foar alle mooglike lûdsdragers apparatuer te finen dêr’t wy ek mei digitalisearje kinne.”

Magneetbân

Der is noch in reden wêrom’t in soad lûdsfragminten digitalisearje wurde moatte. In grut part fan de ferhalen steane op magneetbân. ,,Oer in pear jier is der wierskynlik net folle mear fan dy bannen oer. De magnetyske lûdspoaren falle as it ware útinoar. En as dat bart, bist it kwyt”, seit FFA-meiwurker Jurjen Enzing – hy wit alles fan technyk en ict.

Der binne fiif klusters audiomateriaal dêr’t it FFA him mei dwaande hâlde sil. ,,In grut part dêrfan leit al by Tresoar en by ús yn it depot”, seit Wiersma. It giet ûnder oaren om de Fryske taal, literatuer en letterkunde. ,,Wat de taal oanbelanget binne dat âlde opnames fan Fryske dialektfoarmen en streektalen út de kolleksje fan de Fryske Akademy.”

Ek wol it FFA oan de slach mei de mânske kolleksje fan it Frysk Popargyf dat yn 2012 oan Tresoar skonken is. Fierders sille ynterviews mei fersetsstriders oerset wurde. It Frysk Fersetsmuseum hat dy opnames by it filmargyf yn behear jûn. Ek Frysk kabaret, toaniel en sang wurde digitaliseare en beskreaun. ,,It sil al mei al gean om tûzenen lûdsfragminten.”

Willem Drees

Enzing klikt in rekorder oan en efkes letter is de stim fan âld minister-presidint Willem Drees (1886-1988) te hearren. Dy hâlde yn 1962 in taspraak by de ûntbleating fan it byld fan Pieter Jelles Troelstra op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De stim fan de âld politikus fan de Sociaal Democratische Arbeiders Partij docht Wiersma wol wat. ,,In hiele moaie opname, sa helder. Gjinien wist mear dat soks der wie.” Enzing sjocht it al foar him: ,,Moatst dy yntinke dat dy stim miskien letter oait nochris by de Aldehou klinke sil. Dêr soene keunstners eins ris wat mei dwaan kinne.”

De opname fan Drees leit al jierren yn it argyf fan Tresoar. It is ien fan de tûzenen opnames dy’t yn it ferline troch âld-meiwurker Tsjisse Hettema - earst wurksum by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasje Sintrum (FLMD) en letter by Tresoar - sammele en dokumintearre binne. Hy beharke en beskreau spoelen, kassettebantsjes en cd’s mei ynterviews, lêzingen, optredens en eigen opnames fan Fryske skriuwers en sette dy ek oer. ,,Hettema hat hiel wat wurk fersetten dêr’t wy mei fierder kinne.”

Neidat Hettema opholden wie, kaam it wurk oan de literêre audiokolleksje stil te lizzen. Skande fansels, mar mei de kennis fan no kinst wer nije stappen sette, tinke Wiersma en Enzing. ,,De techniken binne bot ferbettere. Jierren lyn hiest it noait sa geef oersette kinnen.” Wiersma hat Hettema koartlyn belle. Hy wie út ’e skroeven: ,,Wurdt myn wurk dochs noch fuortset.”

Fretfersen

Noch in fragmint. Josse de Haan (1941-2020) yn Hilversum yn petear mei de ferneamde presintator Herman Emmink. Tegearre mei Meindert Bylsma (1941) en Geart van der Zwaag (1924-1989) brocht hy yn febrewaris 1968 de poëzij nei de minsken ta fia de âlderwetske PTT-tillefoan. Wa’t in nûmer yn Frentsjer draaide, krige in gedicht fan in minút te hearren. Mear tiid siet der net op it antwurdbandsje.

Operaesje Fers, sa’t de manlju harren aksje neamden, wie in grut súkses. Yn de earste trije wiken waard it nûmer 150.000 kear belle. It tillefoannet yn Frjentsjer rekke oerbelêste. Plysje, dokter en brânwacht wiene net goed mear te berikken. De PTT helle it nûmer fan Operaesje Fers út ’e loft en sei dat de dichters minstens fiif linen iepenje moasten. Dêr hiene de manlju it jild net foar, dat se starten in jildaksje. It nijs berikte Hilversum en Josse de Haan waard ynterviewd. It hiele petear mei Emmink stiet noch op bân. ,,Fersen moatte konsumeard wurde”, fûnen de dichters. Sy sprutsen fan ‘Fretfersen’.

Der binne tûzenen opnames fan dichters dy’t fersen ynsprekke, want Operaesje Fers hat in moai skoft aktyf west. Alle wiken in nij fers op it antwurdapparaat. Lokkich is goed byhâlden wa’t wannear wat ynsputsen hat, sizze Wiersma en Enzing. Mei de tymasine typt op A4, der binne fellen fol fan. ,,Wy kin dêr sa mei oan de slach.”

It earste fersyk om digitalisearre opnames leit der al. Op 2 april is de bertedei fan Tiny Mulder (1921-2010). De fersetsfrou, sjoernalist, skriuwer en dichter is dan 100 jier lyn berne. Tresoar wol dat betinke. It FFA is frege om dêr ek oan mei te wurkjen. ,,Wy hawwe lûdsfragminten fan Tiny Mulder dy’t dan te belústerjen binne. In moai putsje om as audioargyf goed op gleed te kommen”, fynt Wiersma.

Skatten

Der lizze noch folle mear skatten te wachtsjen, dêr bin de manlju wis fan. Enzing lit in oar fragmint hearre. Fan bern út de jierren santich dy’t mei inoar yn debat gean oer it al dan net deameitsjen fan seehûnen foar de ferwurking fan bont. In famke betoocht dat se de bisten net deasjitte meie foar bont dêr’t jassen fan makke wurde. ,,Heren, als jullie een vrouw in een prachtige bontmantel zien lopen dan zijn daar zeehonden voor gedood. Koop geen bontmantel!” Wêrop in jonkje efkes letter seit: ,,Die zeehonden worden helemaal niet doodgeschoten, maar neergeknuppeld.”

De bern prate Hollânsk, mei in Frysk aksint. ,,Dit ha wy ek fûn. Mar wêr en wannear it opnaam is? Wy witte it net. Wierskynlik op in legere skoalle troch in skoalmaster. It wie foar ús byfangst tusken in fideokolleksje dy’t binnenkaam, mar dochs leuk om te witten dat soks der is en it binne krekt it soarte ‘libbenslûden’ dy’t wy sykje: tiidsbylden op audio, opnaam yn Fryslân.”

En sa wol it FFA op syk nei audiomateriaal út de Fryske mienskip. ,,Gjin idee wat der allegear noch is, fêst in hiel soad dat bewarre wurde kin foar de takomst.” Wa’t tinkt nijsgjirrige lûdsopnames te hawwen, kin belje of maile mei it FFA. ,,Dan kinne wy earst rêstich besjen oft it geskikt materiaal is. Opnames fan radioprogramma’s hoege wy bygelyks net, dy hat de Omrop wol.”

friesfilmarchief.nl

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct