Gjalt de Groot: ,,Ik ha soms dagen net nei skoalle west om’t ik helpe moast by it dykjen.’’

In lyts monumintsje op foar boeren en harren striid tsjin it wetter fan skriuwer Gjalt de Groot

Gjalt de Groot: ,,Ik ha soms dagen net nei skoalle west om’t ik helpe moast by it dykjen.’’ FOTO MARCEL VAN KAMMEN

Tal fan boeren yn it Lege Midden ferhegen by stoarmwaar de diken om har besit; it earste dat it Fryske Gea nei oankeap fan dy grûn die, wie de diken trochstekke. Gjalt de Groot rjochtet meie syn boek We strûpe derûnder in lyts monumintsje op foar dy boeren en harren striid tsjin it wetter.

It is syn achtste boek, mar yn wêzen is er noch altyd deselde a-typyske skriuwer dy’t er by syn debút yn 2009 wie. Skriuwe docht er nachts tusken healwei trijen en fiif oere, om’t er soks deis skande fan ’e tiid fynt. Dan wol er einekuorren meitsje, ielrikje, guozzen slachtsje, de natuer yn.

In jier as tsien lyn folge er in skriuwkursus by Hylke Tromp. Gjalt de Groot (75) kin him noch skoan yn ’t sin bringe dat Tromp op in stuit tsjin him sei: ‘Do kinst wol in ynstrumint bespylje, mar silst noait in orkest passe.’

Gjalt de Groot: ,,Dêr hie er gelyk oan. Foar de oare kursisten – meast froulju - wie it al de fjirde of de fiifde kear, mar se hiene noch noait wat publisearre. Te folle kursussen is net goed, jo wurde te perfeksjonistysk en dan doarre jo op in stuit net mear. Ik bin trouwens mei dy kursus opholden doe’t de ljippen oer de wjuk draaiden. Doe koe ik net mear binnen fjouwer muorren ferkeare.’’

De Groot is gjin perfeksjonist, hy hat ek fierstefolle by de ein om it him permittearje te kinnen. Altyd drok, dêr fielt er him goed by. Oant foar in jier of tsien hie er noait betinke kinnen dat er ek nochris skriuwer wurde soe. Fan 1987 oant 2005 hie er tusken Holwert en Lichtaard in bargehâlderij. De tongblierkrisis fan 2001 betsjutte de ein fan it bedriuw.

,,Wy hat it bedriuw te keap set, mar koene it mei gjin mooglikheid kwyt wurde. Nei in jier belle de makelder: der wie in Brabanner, dy woe der in geitehâlderij yn begjinne. Els en ik hawwe elkoar oansjoen, wy wiene it der gau oer iens: wy wolle hjir hielendal net wei. Els joech twa en in heale dei les, foar my - ik wie 59 en ôfskreaun neffens de statistiken – wie it in útdaging om myn jild op oare manieren te fertsjinjen.’’

Einekuorren

,,Ien fan de earste boarnen wie dat de boeren om my hinne yn in nije foarm fan greidefûgelbehear stapten en in fergoeding krigen om my as betelle greidefûgelbeskermer oan te stellen. Dêrneist begûn ik einekuorren te flechtsjen en dêr les yn te jaan. Doe’t ik in pear hundert lizzen hie, stjoerde ik in brief nei de Welkoop yn Fryslân: oft se ek belangstelling hiene. Binne in pear dagen hie ik byt. No ferkeapje ik der alle jierren sa’n fjouwerhûndert en haw ik der jiers nóch hûndert te min. Els makket se ek. En om earlik te wêzen binne dy fan har finer en moaier as dy fan my.’’

It flaaks foar de einekuorren ferbout er sels. Oant foar koart loek er dat sels mei help fan frijwilligers, mar de ôfrûne jierren dogge trije pakesizzers - ,,fammen fan 16, 18 en 20 jier’’ – dat foar him. Ien fan har hat fan’t simmer ek it reit snien dat nedich is foar it meitsjen fan de kuorren.

Dat flechtsjen docht er yn ‘it swetshok’ dat it hûs en ien fan de eardere bargehokken mei elkoar ferbynt. Oant foar in pear jier brocht er dêr geregeld in jûn troch mei freonen. De selsrikke iel, de jenever en de smoute ferhalen foarmen ek de basis fan syn twadde boek yn 2010: It swetshok, Ferhalen fan in fjildman . De measte fan dy freonen binne no te âld om in jûn lang iel en jenever nei binnen te wurkjen, de mage kin it net mear faneare.

Dat ielrikjen waard in oare boarne fan ynkomsten. Folge troch it slachtsjen fan sa’n 150 wylde guozzen alle jierren. ,,Ik betelje de jagers, dy’t de guozzen mei ôfskot fan nije ynsiede greiden en fleanfjilden ferdriuwe, ien euro de goes. Dat is út respekt foar dy bisten, want fergees hie ik se ek wol krigen. It is ek út respekt dat ik net allinne it boarstfleis ferwurkje, mar ek de poaten en sels de hertspier. Dat fleis lit ik by Topslager Menno Hoekstra út Anjum ferwurkje ta gehak en drûge woarst.’’

,,Se kinne dy guozzen oan ’e strjitstiennen net kwyt. It is hartstikke goed fleis, mar net ien dy’t mear wit hoe’t er in goes tameitsje moat. Se komme der yn om, de jagers. Ik ha wol ferhalen heard dat se hjir en dêr gatten grave en dêr deade guozzen ynsmite.’’

Skriuwersarke

Under it einekoerflechtsjen ûntstie op in dei in nij plan: hy soe wolris wat skriuwe kinne. Hy lies dat se skriuwers sochten dy’t seis wike yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde op De Feanhoop tahâlde woene. ,,Ik tocht: ik ha noch noait wat skreaun, ik meitsje gjin skyn fan kâns, mar ik besykje it. Der hiene har njonken my mar twa oaren opjûn, dat ik koe deryn.

Yn dy seis wike skreau er in rige ferhalen oer hoe’t er as jonge, doe’t syn heit op in pleats ûnder Warten buorke, it aaisykjen learde.

,,Steven Sterk fan útjouwerij Bornmeer, dy’t doe noch op De Feenhoop wenne, kaam in pear kear lâns foar in praatsje. Hy sei, hy woe myn skriuwsels wolris lêze om te sjen oft se geskikt wiene om út te jaan. In skoft letter belle er my. Hy soe nei Ytaalje, as ik him dy ferhalen meijoech koe er se yn it fleantúch moai lêze. Ik fûn dat se dêr noch lang net klear foar wiene, en it wiene der ek net genôch, mar ik ha se him dochs meijûn. Doe’t er werom kaam, sei er: ‘Gjalt, der moat neat mear by, der moat wat ôf.’ Yn 2009 wie myn earste boek klear: De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo .’’

Rikke iel

Mei de einekuorren, it guozzefleis en de rikke iel hie er sjen litten dat er wit hoe’t er in produkt oan ’e man bringe moat. ,,Ik hie it idee: as je sels safolle mooglik boeken ferkeapje, dan ferkeapje se yn de boekwinkel it dûbele. Dat is aardich útkaam. Fan dat earste boek ha’k der sels yn it earste jier 241 ferkocht, nei trije jier wie it tiid foar in twadde printinge.’’

Hy hat der yn de jierren nei syn earste boek sa’n 250 kear op út west as ferhaleferteller en alle kearen ferkocht er rikke iel en boeken oan it publyk. Dat hat him in sekere bekendheid jûn. In part fan de minsken dy’t boeken fan him kochten, skriuwt er persoanlik oan as er wer in nij boek klear hat.

Foar We strûpe derûnder hat er nije ferkeapstrategy betocht. Mei museum De Greidpleats yn Warten – it boek spilet yn de omkriten fan dat doarp – hat er ôfpraat dat se fan elk boek dat se ferkeapje 5 euro sels hâlde mei. ,,Ien fan ’e bestjoersleden hat dat op facebook set: yn twa en in heale dei hie se sechstich bestellingen. Doe wie it boek der noch net iens. Deselde ôfspraak ha’k makke mei noch wat ynstellingen yn oare doarpen.’’

It resultaat oertrof alle ferwachtingen. It boek ferskynde yn ’e lêste wike fan oktober, binne fjirtjin dagen wie de hiele earste oplage fan fiifhûndert eksimplaren útferkocht. ,,Jo moatte as skriuwer kwaliteit leverje, mar dêrneist spilet de gunfaktor in grutte rol: de keapers fan dit boek wolle graach wat foar it eigen doarp dwaan. Ik fyn it sels ek in moai idee dat ik wat betsjutte kin foar sa’n mienskip, dat is my dy fiif euro wol wurdich. It gie my by dit boek trouwens ek net om it jild: ik woe dit ferhaal gewoan kwyt.’’

Hooglandgemaal

We strûpe derûnder beskriuwt hoe’t in oantal generaasjes fan begjin tweintichste iuw oant de jierren santich buorke en tsjin it wetter striden hat yn De Alde Feanen by Grou, Warten en Earnewâld. Dat diene se op pleatsen mei nammen as Cuba, Laban en de Koaipleats. De skriuwer sels wenne fan 1950 oant 1959 op Luctor et Emergo, doe’t syn heit dêr buorke.

Gjalt de Groot: ,,Dat wurkjen op dy romme, lege bûtlannen, de striid tsjin it wetter, it hat djippe yndruk op my makke. It meanen, it ûngetiidzjen, it oploegjen fan in bulte hea op in pream, de soarch foar it ark, ik bin ien fan de lêsten dy’t dat noch mei syn eigen eagen sjoen hat. Dat woe ik fêstlizze. Hoefolle tiid it naam om in stik lân te meanen, it ferrin fan it ûngetiidzjen, hoe’t se it hea oan de bult op de wâl krigen sûnder hynder of trekker. Ik haw it allegear útsocht en berekkene, want it moast klopje.’’

,,De bûtlannen stiene winterdeis ûnder wetter, mar de saneamde ,,binnenkriten” moasten drûch bliuwe, oars rûn it wetter de pleats yn. By heech wetter en stoarmwaar út it sud-westen fleach it wetter by ús omheech en streamde it oer de polderdykjes de binnenkrite yn. Dan moasten wy de diken dêromhinne fersterkje en opheegje. Ik wie noch mar in jonge, ha soms dagen net nei skoalle west om’t ik helpe moast by it dykjen.’’

Pas nei de komst fan it Hooglandgemaal by Starum begûn de wetterdruk ôf te nimmen. It wie yn dyselde snuorje dat de boeren it ien foar ien opjûgen. Gjalt de Groot: ,,It wie net mear rendabel. Wy hiene gjin elektisiteit, gjin telefoan, gjin wetterlieding neat en foar it molkfabryk koe it net mear út om foar in boer mei fjirtjin kij kilometers te farren. De pleatsen binne op Labân nei ferkocht oan rekreanten, de grûn oan it Fryske Gea.’’

,,It earste dat it Fryske Gea die wie de fûl befochten polderdykjes om de binnenkriten trochstekke om se werom te jaan oan de natoer. De binnekrite fan Luctor et Emergo, dêr’t heit in skûtsje mei terpierde foar kocht hie om de grûn te ferbetterjen, stiet no op ’e kaart fan it Fryske Gea oanjûn as moeras.’’

loading

Titel : We strûpe derûnder

Skriuwer : Gjalt de Groot

Utjouwer : Louise, Grou

Priis : 17,50 (223 siden)

It boek is fanôf 24 novimber wer te krijen.

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct