In gedicht op video, fan Dichter fan Fryslân Nyk de Vries

Byld út 'Spegel', de nije poëzijfilm fan Nyk de Vries (rjochts).

Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân, dichtet net allinne op papier mar ek op video. Spegel is de fjirde yn in rige.

Nyk de Vries makket dizze filmkes mei filmmakker Herman Zeilstra. Yn Spegel , de fjirde yn dizze rige, wurdt de haadrol spile troch akteur Sinan Cihangir.

It gedicht Spegel is spesjaal makke foar it projekt Wjerspegelje , fan Merk Fryslân en Leeuwarden City Of Literature. Yn dat projekt wurde gedichten pleatst op spegels yn ferskate hoarekagelegenheden.

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Video