Iepenloftspul Jorwert spilet Londen '68

It Iepenloftspul Jorwert bringt dit jier Londen '68. It is de Jorwerter bewurking fan de film Made in Dagenham.

It Iepenloftspul Jorwert fan 2016 spilet him ôf yn 1968, yn Londen. Rita O'Grady wurket, lykas in protte minsken út de stêd, yn de autofabriken fan Ford yn de wyk Dagenham.

Neist de tûzenen manlike wurknimmers steane der ek 187 froulju op de leanlist. Mar wêrom, freget Rita har ôf, krije de manlju mear betelle?

De premiêre is op sneon 27 augustus en der wurdt spile oant en mei sneon 24 septimber. Kaartferkeap set útein op 1 juny.

Toon reacties