Nei in lokkich houlik fan 45 jier hat Douwe syn frou Durkje oan it koroa-nafirus ferlern. Net lang nei de útfeart stapt er it lytse keammerke yn dat er altyd mei Durkje dield hat: dêr sil syn bestean him ynearsten, alhiel neffens de quarantainefoarskriften, ôfspylje. It is it begjin fan in reis nei binnen, nei Douwe syn tink- en gefoelswrâld.

Ferlies yn Lockdown is in solofoarstelling, mar Douwe stiet der net folslein allinne foar. Sa hat er oer de ynterkom geregeld kontakt mei dochter Anke. Dy docht boadskippen foar him, sprekt him moed yn, seit dat se fan him hâldt en regelet sels in digitale kursus mindfulness foar him. Mindfulnessdosinte Ingrid is de oare persoan dy’t derfoar soarget dat Douwe net folslein feriensumet en ferjremdet fan de wrâld om him hinne.

Douwe hat it der dreech mei, mar hâldt him grut. Foar Ingrid oer bygelyks, want oan him is al dat nijmoadrige praat oer yn it hjir en no wêze en it tichter by jins gefoel kommen net bestege. In wâldman dy’t oan mindfulness docht, dat kin net oars as in komysk nûmer wurde. En dat wurdt it ek, hielendal as Gerrit Haaksma dy wâldman spilet.

Douwe syn tinzen geane net allinne út nei Durkje, mar ek nei syn mem dy’t eartiids oan de ein fan in grifformeard libben fol skuld en skande ta it ynsicht kaam dat fan alles út de Bibel de leafde it belangrykste is. It bringt Douwe ta it besef dat er tekoartsketten is tsjinoer Anke, om’t er har noait ferteld hat dat er fan har hâldt.

Alhiel frij fan klisjees en sentimint is Ferlies yn Lockdown net. Gerrit Haaksma giet de grutte emoasje boppedat bepaald net út ’e wei. As er lilk is trillet it houtwurk fan Paviljoen MeM mei, as er him skuldich fielt, dûnset de sûnde suver sichtber by him oer de skouders. It past by Haaksma syn manier fan aktearjen. Mar it past ek by Douwe, dat opljeppen wâldmantsje, waans tinzen geandewei koartsiger en koartsiger wurde.

Barren : toanielfoarstelling Ferlies yn Lockdown Tekst : Tet Rozendal Akteur : Gerrit Haaksma Muzyk : Sander Stienstra Dekor : Afke Manshanden Regy : Brigitte Odett. Sjoen : Paviljoen MeM, Bûtenpost, 10/7. Besikers : 50 Noch te sjen : sjoch paviljoenmem.nl

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Recensie
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct