Finalisten Liet bekend, finale op 6 novimber giet net troch

Neushoorn.

De organisaasje fan Liet hat de acht finalisten fan it festival bekend makke. Mar de finale yn poppoadium Neushoorn op freed 6 novimber giet net troch.

Troch it tanimmend tal koroanabesmettingen en de nije strange maatregels sjocht it bestjoer fan Liet ek gjin mooglikheid de al oanpaste finale feilich en folweardich te organisearjen, seit it parseberjocht. ,,Wy sille alles op alles sette Liet op in letter momint te organisearjen it kommende heal jier”, seit foarsitter Gerard van der Veer.

De finalisten binne yntusken bekend. It Fryske publyk hat de ôfrûne twa wiken fia in digitalestimming 2433 stimmen útbrocht, rom mear as ferline jier. Trettjin acts wienen noch yn ‘e race foar in finaleplak.

De twa acts mei de measte publyksstimmen binne Janneke de Boer en Fegebart. De oare seis finalisten binne troch de sjuery oanwiisd en dat binne Douwe Dykstra, MOSKEN, Bokke en de Heidehippers, BANT, Volk!! en Sample Text.