Pieter de Groot.

Dwers | Ouwe taaien

Pieter de Groot. FOTO LC

Yn it foar Ljouwert skouboarchleaze tiidrek – de âlde Harmonie sloopt, de nije yn oanbou – organisearre de foar dy gelegenheid oprjochte stichting De Wilde Vaart in tal mankelike ‘Nachten’ yn Sealen Schaaf.

Under it biedwurd, liend fan Proust, Op zoek naar de Verloren Tijd kaam op 30 novimber 1991 foar ien jûn it ferline ta libben en ien fan de gasten wie Eddy Christiani (1918-2016). Yn de jierren fjirtich en fyftich wie er foar ús âlden in idoal, grut makke troch de radio - de televyzje wie noch takomstmuzyk.

Nei Zonnig Madeira skoarde Christiani de iene nei de oare hit: Ouwe taaie , Hoe je heette dat ben ik vergeten , Daar bij de waterkant – stik foar stik troch him yn it Hollânsk oersette bûtenlânske lietsjes, dy’t ta meisjongen nûgen. Yn 1952 wie er de earste Nederlânske artyst mei in gouden plaat (30.000 ferkochte 78-toerenplaten), it blêd Tuney Tunes rôp him fiif jier efter elkoar út ta Nederlâns populêrste sjonger. Der wie doe fierder ynkar-út. Sokken as Max van Praag, Willy Alberti en Marcel Thielemans en froulike wjergaders as Corry Brokken, Annie de Reuver en Teddy Scholten wiene wykliks op ’e radio.

Har sukses duorre oant begjin jierren sechstich. Doe krige hast elkenien televyzje en kamen The Beatles en The Rolling Stones, sei Christiani yn in fraachpetear yn dizze krante: ,,Wie in de jaren zeventig is opgegroeid, weet niet beter of het leven is met The Beatles begonnen. Daarvoor zag de wereld er in hun ogen saai uit en werd er geen muziek gemaakt.’’ Radiomakker Wim Noordhoek eare Christiani yn 1970 yn in VPRO-searje as ‘jeugdsentimint’ en makke fan him in leginde mei in eigen tentoanstelling yn de Jordaan. ,,Ik dacht: is het dan nu afgelopen?’’ Tenei song er foar de generaasje fan Huize Avondrood.

Christiani oerdreau wat, mar der siet in kearn fan wierheid yn. De popmuzyk soarge foar in revolúsje, dy’t suver lykop gong mei de revolúsje yn de bou: der kamen gruttere huzen dêr’t elk bern syn of har eigen keamer yn krige. Elk dy’t pubere, krige in transistorradiootsje, dat krekt op ’e tiid útfûn wie om Veronica ûntfange te kinnen. Gjin omrop hat mear dien om de popmuzyk fan oare kant it wetter te ymportearjen en de eigen jongerein ta neifolging oan te setten as dy seepiraat.

‘Hoe kanne jou jouw kynders der soa bij lope late’

Yn Fryslân hie Ljouwert yn 1965 de primeur mei The Latches. ,,Hoe kanne jou jouw kynders der soa bij lope late’’, fregen guon oan de âlden fan sjonger Frits Smidt (‘Smidtje’, 1947-2006). Rob ‘Pommes’ Romkes (1946-2014), gitarist fan de band, kin der yn syn yn 2012 ferskynde memoires smaaklik oer fertelle. ,,Een schande was het dat de zoon of dochter de oren liet hangen naar de muziek van zulke viespeuken as The Rolling Stones.’’

Yn 1969 woe Roel de Wilde fan dancing La Bella The Stones nei Ljouwert helje. janna De Froskepôlle like him in gaadlik plak, mar de gemeente woe it net lije, dat it is oergien. De rest is skiednis. De fiislakken binne allang rolmodellen. De ‘hysterische tieners’, dy’t yn 1964 by har earste optreden yn Nederlân it Kurhaus yn Skeveningen ôfbrutsen, binne no santigers, dy’t wat graach wolle dat se noch sa kwier en trinten bewege koene as Mick Jagger. Mar ja, you can’t always get what you want...

Huize Avondrood liket noch net har foarlân, al is ‘ouwe taaie’ Christiani yndachtich, in tentoanstelling in faai teken. Derhinne dus, want noch even en it’s all over now.

pieterjandegroot@planet.nl

Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct