Wy binne wer los! En mei ‘wy’ bedoel ik ús brassband. Tiisdeitejûn hiene wy nei likernôch 250 dagen einlik wer korpsrepetysje. Dat hie om ús wol even earder kinnen, want it docht echt sear, as minsken mei de pinksterdagen mantsje oan mantsje de meubelbûlevaar delkroaskje, der sûnder problemen in hokfol folk tastien is yn Ikea en boumerk en in knoarre lju har fernuverje by in testevenemint.

As blykt dat ús lanlike earste libbensferlet blykber terrashingjen is en der foar dy gelegenheid sels in knaap fan in klipper yn ’e Nijstêdsgrêft takele wurdt. Dat winkeltsjes ûnder de skelk wer iepen binne, mar alle kultuerlokaasjes de doarren noch potticht hâlde moatte en je net iens mei-inoar muzyk meitsje meie. Ik wol wol earlik wêze, dêr krige ik in knap min sin fan. Oant der trije wiken lyn ljocht yn it tsjuster kaam. It korps fan Menaam pleatste in fleurige repetysjefoto op Facebook: ‘Wy meie wer’. It rekke my as de earste streken op ’e feart nei in pear nachten froast: ‘It hâldt!’. As dat bolbjirken ‘Achteruit!’ by de earste boppeslach yn de maitiid. Der kaam lang om let in ein oan de stilte.

Wy krigen berjocht fan it oerkoepeljend orgaan foar muzykferienings dat wy wer repetearje mochten, mar wy hiene fan kleare wille noch net in gallejûpske makke of dêr kaam de gemeente fanwegen. It mocht dochs noch net. De jeugd mocht wol wer oefenje en de lessen hoegden net langer online holden te wurden, mar ‘it grutte korps’ moast geduld ha. Us materiaalman liet wilens in mailtsje útgean nei alle leden, sadat wy foarsichtich besykje koene oft de ynstruminten noch wol dat dwaan woene dêr’t se eins foar bedoeld wiene. Wy besochten de fingers wer los te meitsjen, de lippen wer yn model te tútsjen op it mûlstik fan ús toeterke en de longen wer safier op te rekken dat it wer in toanljedder lije koe.

Gelokkich kaam it griene ljocht foar de kultuersektor ferline wike dan einlik echt. It Fries Museum wie it ôfrûne wykein fuort útferkocht, de bioskoop rûn fol en teäterproduksjes wurde wer opstarten. Rûnom wei ferskine opteine lûden en foto’s op social media. De sinne brekt, mei de simmer yn it foarútsicht, letterlik wer troch.

Gelokkich kaam it griene ljocht foar de kultuersektor ferline wike dan einlik echt

Kultuer beoefenje meie tilt je boppe de deistige beslommeringen út en jout it libben kleur. Tiisdeitejûn wie in feest. It earste koraal klonk grif noch as in kroade, mar it pikefel strûpte ús allegear oant boppen ta. Sa moai! Hjir en dêr blonk in trien yn in eachhoeke en der wie it besef dat wy as klupke ús de hannen tichtknipe meie. Dêr’t rûnom yn it lân ferienings omfalle, of it tige dreech ha mei’t se yn de koroanatiid in soad leden ferlern hawwe, binne wy der noch.

Fryslân hat in rike kultuer fan koaren en korpsen. Dêr meie wy wiis mei wêze. Netflix is aardich, mar mei-inoar sjonge en spylje is it moaiste. Dêrom foar jim op dit plak de wurden fan it kabaretselskip út ús famylje, Noordenbos & Ko: ‘Drink, klink, sjong en spylje, lit it skalle oer Fryske grûn. Drink, klink, sjong en spylje, strui de klanken mar fier yn it rûn. It brekt en hellet jo út de sleur, it jout wer kleur, kleur en fleur.’ ‘It is in goed medisyn,’ songen se dan ek noch. ‘Nim it mar yn’. En sa is it mar krekt. Sinne en wille kin folle tille, mar der moat al muzyk by!

martsjedejong@gmail.com

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Column
Friese taal en cultuur
Plus artikel gelezen
Je las zojuist een artikel.
Onbeperkt PREMIUM-artikelen lezen?

Lees nu PREMIUM vanaf € 1,15 per week. Je krijgt dan onbeperkt toegang tot al onze artikelen, video’s, columns en meer.

Probeer PREMIUM direct