Fakânsje

Foto ter illustratie FOTO PIXABAY

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries skriuwt geregeldwei in gedicht mei in aktuele oanlieding. Dizze kear yn oanrin nei de simmerfakânsje; in oade oan it op fakânsje gean yn eigen provinsje. Thús op fakânsje.

Wy fleane net dizze simmer, wy

bliuwe ticht by it eigen hiem

Dat fielt eins hiel logys, myn âlden

foarhinne ha it net oars dien

Wy strike del yn Bakkefean

mei in âlderwets potsje bier

En witst wat – hiel nuver en

tafallich eins

Ik hie der krekt nocht

oan krigen


Muzikale foardracht

Je kunt deze onderwerpen volgen
Cultuur
Dichter fan Fryslan